Geldou de Boer tussen haar supporters met wie ze samenwerkt in It Bûterhûs te Balk.

Kanonskogels of aces? Nee, bij volleybalster Geldou de Boer krijg je stabiliteit

Geldou de Boer tussen haar supporters met wie ze samenwerkt in It Bûterhûs te Balk. FOTO CATRINUS VAN DER VEEN

Voor kanonskogels of aces ben je bij haar aan het verkeerde adres, maar onderschat de rol van Geldou de Boer (23) niet. De verdedigster van VC Sneek wordt niet voor niets ‘onze rots’ genoemd. ,,Ik doch wat ik it beste kin. Dêrmei hoech ik net op de foargrûn te stean.” De speelster uit Blauwhuis begint vanavond aan de play-offs om de landstitel.

G eldou de Boer kan zich de eerste vier, vijf wedstrijden in de eredivisie nog goed herinneren. Het was alsof ze examen deed. De Boer begon dit seizoen als opvolgster van dorpsgenote en vriendin Janieke Popma. ,,De tsjinstanners koenen my noch net, der wienen gjin statistiken oer my. Dan witst dat se dy sykje sille. Se wolle dy ‘nijkommer’ teste. Elke serve op De Boer.”

Het was een spannende periode voor de 1,70 meter grote volleybalster, die als libero alleen in het achterveld kan worden ingezet, zonder te mogen opslaan. ,,It wie pittich.” De Boer zakte één keertje voor het ‘examen’, maar merkte dat ze niet volledig door het ijs zakte. ,,Sifers sprekke altiten de wierheid. Yn ien wedstriid hie ik in persintaazje goeie stops fan minder as tweintich persint. Dat is fansels net goed, neam it ek mar gewoan min. Mar út alle analyzes byinoar koest helje dat ik net fersûpt bin. Dat seagen de tsjinstanners ek. Nei dy earste searje wedstriden waard ik minder ‘socht’. Der wienen sels wedstriden by dat se my hielendal oersloegen en op oaren servearden. Eins kinst as libero net in grutter komplimint krije.”

Stabiliteit

Vastgesteld kan dan ook worden dat Geldou de Boer bij VC Sneek in korte tijd is uitgegroeid tot een baken van stabiliteit. ,,Foarôf wie de druk der wol. Dat ik it fertrouwen krige, fûn ik fansels super, mar de twifel is my wol troch de holle sketten. Sa fan: jeetje, kin ik dit wol? Mar ik tocht: natuerlik kinst it, dêr hast al dy jierren hurd foar wurke.”

Dat haar inzet niet altijd op waarde wordt geschat, is volgens De Boer inherent aan haar functie. ,,In libero mept de ballen net spikerhurd op ’e flier en makket gjin formidabel killblock . Dêrfoar stiest net yn it fjild. Ik kom deryn om in oar eefkes te ûntlêsten, derfoar te soargjen dat de passing goed is en om skerp te ferdigenjen. It is wurk yn it skaad. Net maklik, want men ferwachtet datst gjin fouten makkest. Mar de perfect game bestiet net. Ik ha der altiten ballen by dy’t oer de reklamebuorden ferdwine. Ien of twa. Dat heart derby, dy moatte de minsken net ûnder in fergrutglês lizze.”

L ibero worden was niet haar roeping. ,,Elkenien dy’t mei follybal begjint wol lekker slaan. Plezier stie foarop.” De Boer had al wel snel door dat ze het spelletje aardig in de vingers had. Tenminste…: ,,It wienen myn âlders dy’t tochten dat der wol mear ynsiet.” Vandaar dat De Boer haar Blauwhuister club Punt Út al op negenjarige leeftijd verruilde voor VC Sneek. ,,Earst in jier meitraine en doe’t dat foldie de kompetysje yn.” Spannend als toen wordt het nooit meer. ,,Ik wie bliid dat ús mem by elke training bleau.”

Popma

De Boer kreeg bij VC Sneek een jaar later gezelschap van Janieke Popma. ,,Wy skele tsien dagen. Janieke hie ek sportive âlders dy’t gjin muoite tefolle wie. Grappich: har heit Gerard en myn heit Willem ha jierren tegearre fuotballe yn Blauwhuis-1. Neffens de ferhalen wie dat in poerbeste ploech.” De volleyballende vriendinnen kregen die (sterke) verhalen met enige regelmaat te horen, tot in de auto van vader De Boer aan toe. ,,Heit hat my, en Janieke ek, faak brocht en helle. Dat koe maklik, want hy is rydynstrukteur. Ik ha by ik wyt net hoefolle learlingen fan him efteryn sitten. Dan stippele heit de rûte fan in learling sa út dat ik earst út Blauhús nei Snits brocht waard en nei de training wer ophelle waard. Handich.”

Lees ook LC+ | Blauwhuis houdt bij VC Sneek vinger in de pap

Onder talentopleidster Martje de Vries werd De Boer omgevormd tot libero. ,,Ast jong bist, dochst wat de trainer seit. Teminsten: ik wol. Ik wie meigeand, neam it mar beskieden. Ik hoech net foarop te rinnen. Mar ik sis derby dat ik it net ferfelend fûn om libero te wurden. Dy rol past wol by my. Tsjinjend, net gelyk yn ‘de picture’. Ik hie der wol wille oan en earlik is earlik: sa’n sterke oanfaller wie ik no ek net. 1 meter 70 is oan it net lang net genôch. Foar Janieke hienen se by de club deselde rûte yn gedachten.”

De vriendinnen werden rivales? ,,Sa ha ’k der nea tsjinoan sjoen”, aldus De Boer, die op haar zestiende scooterles kreeg van haar vader, zodat ze zelf naar en van Sneek kon komen. ,,Janieke wie better. Dêr kinst lilk om wurde, mar sa bin ik net. Ik wyt fan mysels dat ik gjin talint bin. Ik moat it ha fan folle bak gean, elke training wer. Ik ha de moed noait ferlern, ha noait ûngeduldich west.”

Ze lacht. ,,Nee, wier net: ik ha Janieke noait frege wannear’t se stopje soe. Ik ha my gewoan wat stadiger ûntwikkele. Belangryk is dat ik noait mei tsjinsin nei Snits gongen bin. It earste team helje wie gjin hillich doel. Janieke die it hartstikke best en yn it twadde gong net sa raar. Wy binne kampioen wurden yn de earste difyzje. Dat is best in heech nivo.”

Ze was de eerste die van Popma te horen kreeg dat laatstgenoemde ermee ging stoppen. ,,Ik hie it net ferwachte, mar ik snapte it wol. Janieke hat jierrenlang yn it earste spile en alles meimakke: kampioenskippen, bekers en Europa Cup. En sûnder in euro te fertsjinjen, hè. Ast dan in baan as fysioterapeut krije kinst, dan snap ik de kar wol.”

loading

D e Boer kent de verschillen tussen de Blauwhuister libero’s. ,,Janieke wie eksplosiver, sneller. Ik moat it fan myn ynsicht ha. Ast op tiid sjochst wêr’t de bal komt, kinst dêrmei dyn wat mindere snelheid kompenseare.”

,,Ik ha dit seizoen foaral wenne moatten oan it hegere tempo”, vervolgt De Boer. ,,Tagelyk wienen der wat feroaringen yn technyk. Ik koe yn de passing altiten wol efter de bal bliuwe, mar op dit nivo is it faak better om ‘út te stappen’ en neist de bal te stean om te passen. Ek de dûktechnyk is oars en nei it fertrek fan Paul Oosterhof hat Henriëtte (ter Steege, red.) wat lytse oanpassingen trochfierd yn it ferdigenjen.”

De trainerswissel verwerkte De Boer vlot. ,,Ik stie der frij nochter yn. It wie even ferfelend, wy seagen it fuortgean fan Paul net oankommen, mar it foardiel wie dat we Henriëtte koenen. Ik tink dat wy it goed oppakt hewwe.” De libero glimt als ze vertelt hoezeer ze door Ter Steege op waarde wordt geschat. ,,Se neamt my soms ‘onze rots’. Dat is dochs moai, fynst net?”

Voor De Boer was het altijd belangrijk dat de sportieve aspiraties haar studie niet belemmerden. Ze heeft inmiddels de vierjarige hbo-opleiding tot maatschappelijk werker afgerond. De Boer ziet de gelijkenissen met haar ‘werk’ als libero. ,,Ik fyn it leuk om wat te betsjutten foar oaren. Dat kinne bern wêze, mar ek âlderen en minsken mei in beheining.”

loading

Ze werkt 24 uur per week bij EspecialCare in Sneek, de stad waar ze sinds anderhalve maand ook woont. De Boer begeleidt jongeren met een licht verstandelijke beperking. ,,Maksimaal seis. Ik begelied se by harren deibesteging en sport. Yn Balk sitte wy yn It Bûterhûs. Wy serveare gasten in kopke kofje en in lyts hapke foar tusken de middei. Ik wurkje net allinnich troch de wike, ek yn it wykein, mar net op de dei fan de wedstriden. Drok? No, ik fyn it wol in goeie kombinaasje. Soms moat ik my nei in yntinsive dei haastje en as ik dan op de training stean, kak ik eefkes yn. Mar dat duorret mar in pear minuten. Ik tink hast dat elkenien dat wolris hat.”

Geldou de Boer kijkt uit naar de play-offs, die vanavond in de Sneker sporthal beginnen met de wedstrijd tegen Apollo. ,,Om de finale te heljen, sille wy tsjin dy ploech stunte moatte, krekt as tsjin Eurosped en Sliedrecht. Dat berikke wy net allinnich mei in protte ynset. Us nivo sil omheech moatte. Oanfallend moat der wat by, wat faker fia it blok score bygelyks, mar ek ferdigenjend is der noch romte foar ferbettering. Ja, ek by my. It komt der no op oan om ek dy ‘ûnmooglike bal’ fan de grûn te heljen.”

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct