Jan van der Bij, Boudewijn Röell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema (vanaf links) in de vier-zonder op weg naar de Europese titel.

Friese roeier Jan van der Bij mag naar de Spelen

Jan van der Bij, Boudewijn Röell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema (vanaf links) in de vier-zonder op weg naar de Europese titel. FOTO MERIJN SOETERS

Geen kerk, geen werk, geen kroeg, geen winkel… Op de website van De Tike staat veel wat het dorp met zo’n 325 inwoners níet heeft - en de basisschool is ook al gesloten. Maar kijk aan! Een Europees kampioen is in De Tike geboren en hij mag naar de Spelen. Zijn naam: Jan van der Bij. Zijn sport: roeien.

De vier-zonder is sinds zondag de vier-met. Niet met stuurman, maar met goud. ,,Ik kin it noch altiten hast net leauwe’’, zegt Jan van der Bij. Hij is de boegroeier van het Oranje-kwartet dat in het Poolse Poznan naar de Europese titel voer. ,,Ik sit yn it puntsje, dus ik wie de earste dy’t oer de finish kaam en kampioen wie, haha. Machtich.’’

Van der Bij heeft de beelden van de race over 2000 meter inmiddels een stuk of tien keer bekeken. Niet alleen om na te genieten, maar ook om van te leren. ,,Want der kinne wol wat dingen better. Wy binne der noch lang net. Efteroer leune is der seker net by.’’

Achterover leunen is niet de favoriete bezigheid van Van der Bij (29), dus dat komt goed uit. Als het om roeien gaat, mag je hem altijd storen. ,,Ik bin noch mar fiif jier mei dizze sport dwaande en ik bin der hielendal gek fan. Dit is myn passy wurden. It skeelt fansels as bliken docht datst der oanlis foar hast, mar ik kin ek enoarm genietsje fan in toertochtsje oer de Amstel.’’

Jongensjaren

Het is snel gegaan met de sportieve ontwikkeling van Van der Bij, die als tiener geen seconde dacht aan een internationale loopbaan. ,,Ik ha oan judo dien, tennis, follybal en fitness, mar net serieus. De dokter sei dat ik wol wat dwaan moast, want ik hie astma. Dêr brûk ik no in ‘pufke’ foar. As ik hiel yntinsyf dwaande west ha, hymje ik as in hynder. Nei ús oerwinning yn Poznan wie dat ek sa; it hiele lichem die my sear. Ik koe pas nei fiif minuten stean gean. It soer kaam my healwei de race al de earen út…’’

Van der Bij (geboren in De Tike, opgegroeid in het nabijgelegen Oudega) was in zijn jongensjaren vaak in de fraaie natuur rond zijn dorp te vinden. ,,Ik kom fan in buorkerij, mar heit is gjin boer. Hy hat reid snije en keallen meste as hobby’s. Wy gongen der faaks op út en sadwaande ha ’k wol wat yn de bouten krigen.’’

'Wy lieten ús gek meitsje. It gong ‘te lief’ en wy krigen stjoerproblemen.'

,,Net dat ik dêr in protte oan hie doe’t ik roeien gong, want yn dizze sport hast foaral technyk nedich, gjin ‘domme’ krêft. Roeist net út dyn earms, mar út dyn skonken en yn elke haal moat ûntspanning lizze. Roeien hat te krijen mei sûplesse. Fansels hast ek krêft nedich, mar moatst leare dêrmei om te gean. Dat wie foar my as ‘tradisjonele’ Fries, wend oan trochbealgjen, wol omskeakeljen.’’

Nadat Van der Bij een hbo-studie had afgerond, verhuisde hij naar Amsterdam voor een masterstudie accountancy and control. ,,Dêrmei hie’k eins al klear wêze moatten, mar de sport giet op dit stuit foar’’, zegt hij. ,,Fiif jier lyn kaam ik mei roeien yn oanrekking. Ik waard lid van de studinteferiening Skøll en alles befoel my fuort hiel bot. Ik ha leafde foar dizze sport krigen en ha ek it gelok hân dat myn klupgenoaten en coaches it prachtich fûnen om my better te meitsjen. Dat sil ik nea ferjitte’’, aldus de 1,89 meter lange Van der Bij, die van 96 kilo afviel naar 91. ,,Dêr fiel ik my goed by.’’

Intensieve uren

Het waren de trainers die in Van der Bij een kandidaat voor de Spelen zagen. ,,It begûn yn myn twadde jier. Ik die foar it earst mei oan it NK droogroeien, op in ergometer, en helle de twa kilometer binnen de seis minuten. It die bliken dat dit de ‘magyske’ grins wie. In jier letter kaam ik út op 5,51, wylst de kampioen fan Europa 5,58 stean hie. Nou, dan falst wol op. Sa kaam ik by it bûn en op de Bosbaan telanne. Prachtich, mar ik bliuw ek roeien by Skøll, benammen om myn technyk te ferbetterjen. Dan sit ik yn in skiff, de soloboat, en fytst de coach mei lâns it wetter foar oanwizingen.’’

Van der Bij kwam bij de nationale ploeg terecht in een lang selectietraject. ,,Ik ha ek yn de acht sitten, mar dat ha ’k net helle. Ik kaam yn de fjouwer. Wy binne ‘boordroeiers’, wy ha allegear ien riem. Dat komt hiel krekt en kostet in soad trainingstiid. Wy sitte no sechstjin oant tweintich oeren yn ’e wike yn de boat. Dat binne yntinsive oeren.’’

Als lid van de vier-zonder debuteerde Van der Bij vorig jaar op het WK. Het Oranje-kwartet werd zevende. Op de Europese titelstrijd ging het minder. ,,Lêste yn de B-finale. Dat betsjutte fuort wer seleksjes om út te finen wat de bêste gearstalling foar dizze boat is.’’

,,Ik mocht sitten bliuwe. Sa wurken wy ta nei de Olympische Spelen, mar troch de koroana rûn it oars. Ik moat sizze dat it jier útstel foar ús net ûngeunstich is. Wy ha net folle ûnderfining en ha no in jier ekstra om better te wurden. Want wy helje noch net alles der út wat der ynsit.’’

Perfecte eindsprint

In Poznan kraaide de ploeg evenwel de victorie. De route naar goud kende hindernissen. ,,Yn de foarronde wie de druk te grut. Wy lieten ús gek meitsje. It gong ‘te lief’ en wy krigen stjoerproblemen. Healwei ha wy it opjûn om krêften te sparjen foar de werkânsing.’’

,,Wy berikten hjirnei de heale finale. Trije fan de seis gongen nei de finale, wy waarden twadde. Foar de finale wisten wy presys wat der barre moast. Healwei hienen wy in boatlingte foarsprong en dêr skrokken wy dizze kear net fan. Uteinlik finishen wy mei trije-kwart boatlingte foarsprong. Dat is in protte. Us einsprint wie echt geweldich goed timed, perfekt.’’

De Nederlandse afvaardiging veroverde in Polen liefst zeven keer goud, een keer zilver en twee keer brons. Goud was er ook voor Ymkje Clevering uit Haulerwijk (vier-zonder) en brons voor Aletta Jorritsma uit Tzumarrum in de acht. Van der Bij: ,,Kinst der alles fan tinke, mar yn ús klasse die de top-trije fan de wrâld mei. Wy ha it net kado krigen.’’

Nu lonken de Spelen. ,,Mar earst twa wiken fakânsje. Dêrnei moatte wy mar sjen wat kin en mei. As it net oars kin, set ik de ergometer wer op myn balkon.’’ Voorts moet student Jan van der Bij nog een scriptie schrijven. ,,En nei Tokyo gean ik troch foar Parys.’’ Dat de webmaster van De Tike het alvast even weet.

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct