Foppe de Haan en Riemer van der Velde in de tuin van de laatste in Langweer, met hond Beer.

Foppe en Riemer: clubiconen in coronatijd

Foppe de Haan en Riemer van der Velde in de tuin van de laatste in Langweer, met hond Beer. FOTO NIELS DE VRIES

Foppe de Haan en Riemer van der Velde stonden symbool voor de tweede bloeiperiode van SC Heerenveen, een kleine halve eeuw na de hoogtijdagen van hun beider idool Abe Lenstra. Maar clubiconen, zij? ,,Dat hie om ús net hoechd.’’

Foppe de Haan heeft de auto geparkeerd en wandelt op zijn gemakje richting de woning van Riemer van der Velde aan de Langweerder Wielen. De trainer in ruste negeert het luide geblaf van Beer en Rossi, de honden van de heer en dame des huizes, maar blijft voor de zekerheid bij het hek staan. ,,Snuffelje mar even oan him jonges, hy hat hjir ferline wike noch west’’, zegt Van der Velde.

Het is coronatijd, er worden geen handen geschud. Hoeft ook niet; Riemer van der Velde en Foppe de Haan zijn, bekende Nederlanders of niet, altijd mannen gebleven die het ‘t liefst bij ‘hoi’ laten. De stoelen op het voorplaatsje van de erevoorzitter van SC Heerenveen staan op ruime afstand van elkaar. De heren weten het: met hun 79 jaar (Van der Velde, voorzitter van SC Heerenveen tussen 1983 en 2006) en bijna 77 jaar (De Haan, tussen 1985 en 2015 in drie periodes hoofdtrainer) zitten ze in de risicogroep van het virus.

Hoe komen jullie de coronacrisis door?

De Haan: ,,Ik ha der yn it begjin bot oan wenne moatten. Ik bin ien dy’t in soad witte wol, in soad lêze moat. Op in moarn sei ik tsjin Geke: ‘De iene nei de oare falt om, ik wurd der hartstikke tryst fan’. Ik fûn it echt hiel ferfelend. Net dat ik benaud wie foar ússels, want we gongen amper nei bûten en der kaam hast gjinien oer de flier, mar ik hie der wol lêst fan. Ik wie oars as oars, neam it mar depressyf. Somber, donker, flak. Fiersten te flak: de bergen wienen derút.’’

Van der Velde: ,,Ik wie der ek wol wat skruten foar. Youp van ’t Hek wie by Heerenveen-Ajax (op 7 maart, red.). In wike nei de wedstryd waard bekend dat hy it firus hie. En Youp sei dat er it fermoeden hie dat er it by ús oprûn hie.’’

De Haan: ,,Youp hie dy deis mei Wim en Hans Anker by Goerres west. Yn Akkrum wiene letter ek trije of fjouwer minsken besmet.’’

Van der Velde: ,,Ik sei noch tsjin Annie: ‘Ik leau dat ik tichtby it firus west ha’. Net dat ik der oer yn siet, mar ik wist wol dat wy op ús leeftiid net op de intensive care terjochte komme moatte. Dêr wie ik wol huverich foar. Ek wy dienen dus alles foarsichtich. En wy folgen yn it begjin jûns wol fiif oeren lang alle tv-programma’s. Dan hast al gau yn de gaten dat we in gigantysk probleem hawwe, mei in firus dat enoarme wûnen makket yn ús maatskippij.’’

De Haan: ,,Op in stuit ha ik tsjin mysels sein: en no is it klear. Doe bin ik begûn mei oprêden, net te sunich. En ik ha it hûs skjin makke, de tún klear. En in pear prachtige boeken lêzen. Ek no gean we noch altyd net fier fuort. Jildau, ús dochter, waard op 4 maaie fyftich. Dêr hawwe we west, keurich op ôfstân. Ik hâld my aardich oan de spulrigels. Want ast it krijst, hast echt in probleem.’’

Van der Velde: ,,Ik hoopje dat elkenien syn ferstân brûken bliuwt. Dogge we dat net, dan ‘vrees ik met grote vreze’.’’

De voetbalcompetities in Nederland werden al snel definitief afgebroken. Terecht?

Van der Velde: ,,‘Aan het einde van de fuik vangt men de vis’. Wêrom no al ophâlde op njoggen wedstriden foar it einde? Men wol ommers graach witte wa’t kampioen wurdt. Hie no de kompetysjes fanôf septimber ôfmakke, desnoads sûnder publyk. En start yn jannwearis in nije kompetysje, in heale. Dan bist foar it EK klear.’’

De Haan: ,,Se hawwe fiersten te snel beslist. Sjoch nei de grutte lannen om ús hinne. Dy hawwe gewoan ôfwachte en meitsje de kompetysje dochs ôf. Hiene wy ek dwaan kind. Hie it even oansjoen.’’

Van der Velde: ,,De lieding fan de KNVB hat hiel gefoelich west foar de media, dy’t daalks rôp dat der folle belangrikere saken binne as fuotbal.’’

Ander onderwerp. Wat is jullie eerste herinnering aan Heerenveen?

Van der Velde: ,,Ik bin berne yn 1940. Ik herinnerje my dat de krante koart nei de oarloch altyd fol stie oer it Heerenveen fan Abe. Fanôf it stuit dat ik lêze koe, friet ik dat. Ik woe dêr by wêze. We rieden mei op syn minst seis man yn in Volkswagen Kever fanút Bakkefean nei it Hearrenfean, ik as lyts mantsje yn de kofferbak boppe de motor achteryn.’’

De Haan: ,,Ik wit noch dat ik mei ús heit yn de rige stie foar it stadion. Dan setten we de fyts by it sikehûs del en kochten in kaartsje. Ik kin dat gefoel no noch werom helje. Ik wie dan geweldich benijd nei wat komme soe. En ik spelde de krant ek. Yn de ferslagen waarden wedstriden noch fan minút oant minút beskreaun. Dêr hiest in geweldige ferbylding by.’’

Abe Lenstra was - en is - de man voor jullie?

Van der Velde: ,,Sûnder mis. Der is in foto dêr’t Abe wat dreamerich op stiet. Hielendal allinnich op in keal fjild, rjochtop en mei de punten fan de skuon wat omheech. En dan dy tûfe foar de holle. Altyd as ik dy foto sjoch, moat ik oan froeger tinke. Moatst witte dat Abe yn dy tiid de Friese Koerier yn Bakkefean brocht. Dan sieten wy as jonkjes al mei in balle te wachtsjen. En dan even oertikke mei Abe. Dat wie in feest.’’

,,Júst omdat ik Abe as jonkje noch sa faak fuotbaljen sjoen ha, wie ik as foarsitter letter grut foarstanner om de swarte sokken mei blauwe baan werom te krijen.’’

De oud-voorzitter schenkt de trainer met wie hij jarenlang optrok een kop koffie in en zegt: ,,Abe stiet boppe alle partijen. Dat fynst do dochs ek, Foppe?’’

De Haan: ,,Ja, gjin diskusje. Abe hat it Hearrefean en Fryslân op de kaart setten.’’

Van der Velde: ,,Foppe en ik wurde ek clubikoanen neamd. Dat hie om ús net hoechd. Fanút ús posysje hawwe we in belangryk stimpel drukt, mar it ‘wij-gevoel’ giet boppe alles. We hawwe it mei in hiel soad minsken dien.’’

De Haan: ,,Clubikoan, ik fyn dat in wurd fan niks.’’

De trainer die twee bekerfinales speelde met Heerenveen – en verloor – en die de club in 2000 naar Champions League-deelname leidde, trekt een grimas als hem wordt gevraagd naar zijn mooiste herinnering in al die jaren.

De Haan: ,,It binne der safolle! My is it altyd mear gien om de wei dy’t we as club mei elkoar ôflein hawwe.’’

Van der Velde: ,,Sa sjoch ik der ek op werom. Mar boppe alles bin ik grutsk op it ûnfoarstelbere fatsoen fan de Heerenveen-supporters yn al dy jierren. Dêr tink ik faak mei in hiel soad plezier op werom.’’

De Haan: ,,It Heerenveen-publyk makket net foarôf al in hiel soad lawaai, der moat earst wat ûntstean. Bygelyks as de ploech neidielich behannele wurdt of as der wat hiel moais bart. Dan komt der in soarte fan golf. Mar foardat it safier is, leune we leafst wat achteroer. Dat haw ik sels ek.’’

Van der Velde: ,,Twaalfde man: prima. Mar lawaai meitsje mei it doel om saken moedwillich te fernielen, dat ha ik noait begrepen. Der binne clubs mei soksoarte relskoppers. As soks yn ús tiid bard hie by Heerenveen en we hiene der gjin grip op krigen, dan hie ik der met mear by hearre wold.’’

SC Heerenveen is de afgelopen jaren op allerlei gebieden achteruit geboerd. Waar staat de club over tien jaar?

Van der Velde: ,,Tsien jier is in hiel ein. Wy fine it jammer dat de club operationeel net sûn is en dat de bêste spilers elk jier ferkocht wurde moatte. Dêr moat feroaring yn komme. Dat roppe wy al jierren.’’

De Haan: ,,Per saldo wurde we allinne mar slechter. Dat krijst ast spilers hierst.’’

Van der Velde: ,,Mei dit coronavirus is it de fraach wat seizoenkaarthâlders en sponsors aanst dogge. Dêr meitsje ik my grutte soargen oer. En as gefolch dêrfan tink ik dat de hannel yn spilers midstroch giet. Dus tsien jier foarút sjen? We moatte al bliid wêze as se de saak oer twa jier op it drûge hawwe.’’

De erevoorzitter en meest bewierookte trainer uit de clubhistorie van SC Heerenveen sluiten graag af met een eindadvies aan de huidige gezaghebbers van hun club.

De Haan: ,, Meer met minder .’’

Van der Velde: ,,Dus: se sille mei minder minsken mear presteare moatte. Dat betsjut dat jo de tering nei de nering sette moatte en dochs meidwaan wolle.’’

De erevoorzitter lacht en kijkt opzij. ,,En hawwe we noch winsken? Ja: Foppe en ik wolle graach dat Klaas-Jan Huntelaar werom helle wurdt.’’

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct