Of ze ooit de Ronde van Vlaanderen kan winnen? Anouska Koster denkt van wel. Paaszondag evenwel nog niet, dan knecht ze voor kopvrouw Marianne Vos. Hoewel? ,,Witst noait hoe’t in ko in hazze fangt.’’

Op tafel staat een schaaltje met paaseitjes. Chocolaatjes zijn haar guilty pleasure , Anouska Koster geeft het meteen toe. Hoeft de ploegleiding ook niet te weten, vindt ze. Die weet immers bijna alles al: van de trainingen, van de duur, van de voeding, van haar nachtrust. Dus als er in De Westereen in de aanloop naar de Ronde van Vlaanderen een keertje wordt gesnoept, is dat haar kleine geheimpje. ,,Moatst ek net te strang foar dysels wêze.’’

Anouska Koster is klaar voor een van de mooiste wielerklassiekers van het jaar. De 18de editie van de Ronde van Vlaanderen voor vrouwen rijdt de 27-jarige renster in dienst van haar nieuwe ploeg Team Jumbo-Visma. De supermarktgigant en Visma deden al in mannen- en vrouwenschaatsen, in mannenwielrennen maar tot dit seizoen nog niet in vrouwenfietsen.

Met een kopvrouw als Marianne Vos kreeg het team meteen een gezicht. Op de sluwe Brabantse zit nog steeds geen sleet, bleek vorige week. Vos won Gent-Wevelgem en is daarom op paaszondag favoriet voor wat in België wordt beschouwd als de mooiste dag van het jaar.

loading  

Koster kent Vos goed, het is alweer het vijfde jaar dat ze ploeggenotes zijn. ,,Ik bin op myn gemak mei Marianne. Froeger seach ik tsjin har op. Wy binne no echt kollega’s. Dat is hiel bysûnder dat it sa kin. As wy tegearre op de keamer lizze, is it ek altyd ûntspannen.’’

Dat de twee elkaar liggen, werd in december nog maar eens duidelijk. Met nog twee bevriende rensters belegden Koster en Vos op eigen kosten een trainingskamp op Tenerife. ,,Mei in leuk, lyts groepke is it fansels ek ûntspanning. Net allinnich trene dus. Moai dat is sa kin. Ik sjoch net mear sa tsjin Marianne op as eartiids. Mar har staat van dienst is bewûnderensweardich. Wat sy allegear docht, hoe’t sy it oanpakt, wat sy allegear noch kin, it ynstinkt dat se hat, geweldich. Marianne is noch steeds hiel goed. Punt is allinnich: oaren binne echt better wurden.’’

Koster - in 2016 werd ze Nederlands kampioene op de weg - werd vorig jaar zomer verleid met een tweejarig contract. Sindsdien is alles anders, zegt ze. ,,Wy profitearje fan de kennis fan de manljusploech. Dat passe se ek ta op ús. Kwa fieding, trening en de begelieding der omhinne.’’

loading  

Soms moet Koster daar even aan wennen, zegt ze eerlijk. Bijvoorbeeld op deze maandag had ze normaal gesproken hard willen trainen. Nee, oordeelde de ploegleiding: vandaag is een rustdag. En na sommige trainingen heeft Koster weleens het gevoel dat niet alle energie is geloosd. ,,By bepaalde treningen tink ik wolris: ik koe wol wat mear dwaan. Ik wol faak wat swierder trene. Of langer. As dêr fjouwer oeren foar stiet, tink ik: fjouwerenheal is ek moai. Yn oerlis doch ik dat dan. Mar it is saak datst dat net tefolle dochst. Dat net eltse trening swierder wurdt, dat is de bedoeling net fan in skema. It is wol de bedoeling datsto dy oan dy skema’s hâldst.’’

Dat doet ze dus. ,,Haw ik mysels oer ferwûndere. It wie altyd it aard fan it bistje om mear te dwaan. Ik moat my mear ynhâlde. Mar dêr is oer neitocht, ik moat hjir op fertrouwe. Soms is dat dreech, mar se dogge it by de manlju ek sa, dus wy binne net doelleas dwaande. In nije Anouska Koster. Haha, ja, miskien wol. Ik train op in oare manier. Koartere ynterfallen, mear mei sprints. Net safolle searjes mear. No train ik wat rêstiger. Oars dus.’’

Het is nog te vroeg om te zeggen of deze werkwijze goed voor haar zal uitpakken. ,,Yn it ferline hie eltsenien faak syn eigen trener. No hat eltsenien in trener fanút it team. En alles wurdt út it team wei regele: sa dogge wy it, sa wurkje wy nei de wedstriden ta. Foar eltsenien is in persoanlik plan opsetten. De ploech wol gewoan datsto yn in bepaalde wedstriid goed bist. Miskien datst dêrom minder wedstriden rydst en mear spesifyk treenst. Sa ha se it ek dien by de manlju. Ut it team wei hast in protte kontrôle, de begelieding is strak. Moatst dy oan dyn plan hâlde. Ik begryp dat wol, mar ik moat altyd wol efkes oertsjûge wurde fan ‘wêrom dan?’ Mar it is moai om dit te ûnderfinen.’’

loading  

Koster reed dit seizoen vier wedstrijden. Twee in Italië (Strade Bianche en Trofeo Alfredo Binda), de Omloop het Nieuwsblad en Dwars door Vlaanderen (afgelopen woensdag). Morgen dus de Ronde van Vlaanderen. ,,Ik wol snein in befêstiging krije dat ik goed dwaande bin. Ik tink it wol, dat koe ik yn de lêste wedstriid yn Itaalje al fernimme. Doe tocht ik: no ha ik it goeie gefoel. Mar wolst altyd mear. Dus as ik der yn Flaanderen goed by sit yn de finale, dan ha ik dy befêstiging.’’

In de Ronde van Vlaanderen knecht Koster voor kopvrouw Vos. ,,It is de bedoeling dat Marianne sa fris mooglik yn de finale komt. En sy hat in goeie kâns de wedstriid te winnen. Ik wol ek safier mooglik komme. Ik hoopje ek yn dy finale te sitten. As ik yn die finale Marianne helpe kin, dat soe foar my in moai doel wêze. Ik ha al in pear kear meidien oan de Ronde van Vlaanderen, mar noch noait echt yn ’e finale riden. Ik wol graach yn dy earste groep sitte en Marianne ûndersteune.’’

Elke topsporter twijfelt. Koster dus ook. ,,Mar op dit momint twifelje ik net. Dat wie dus allinnich yn dy earste twa wedstriden. Dêrom wienen dy lestich foar my. Ik waard ûnwis oer mysels. It mentale diel yn it fytsen is in grut ding. Kin ik it noch wol? Moatst it gefoel ha. Dat miste ik, ek yn Omloop Het Nieuwsblad. Ik ha de helte fan dy koers mist. Dan baalst. Ik woe sa graach eltsenien witte litte: hjir bin ik!’’

Wat dat betreft kan ze nog steeds leren van Marianne Vos. Hoe berekenend zij vorige week in Gent-Wevelgem zegevierde, die rust zou Koster zich ook toewensen. ,,De wedstriden dy’t ik wûn ha of goed fytst ha, doe wie it yn ’e holle ek hiel goed. De holle spilet in hiel grutte rol, foaral by my. Soms moast in bitch wêze. Ik bin soms te leaf. Net te gau mysels de underdog fiele. Net te gau tinke: ik doch it hjoed wol foar dy.’’

Het doel is dus ooit een grote klassieker te winnen. ,,Miskien oait de Ronde van Vlaanderen. Of in oare koers. De klassikers, in Amstel Gold Race. Dat binne realistyske doelen foar de takomst. Dit jier? Jo witte noait hoe’t in ko in hazze fangt. Hahaha…. Ik tink net dat it no al realistysk is, mar soms wint der ien fan wa it net ferwachte wurdt. It kin altyd oars rinne. Moatst gewoan goed wêze en yn de finale sitte. Dat is myn grutste doel…’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Sport
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct