De Vries haalt stoppen eruit op hotelkamer

Douwe de Vries uit Heerenveen (33) en Rottumse Antoinette de Jong (20) staan morgen aan de start van hun tweede EK. Drie vragen voor het tweetal.

Had je verwacht hier in Minsk te staan?

De Vries: ,,Doe 't we twa jier lyn fan fjouwer nei trije starplakken gienen, hie ik tocht dat it dreech wurde soe it EK noch te heljen mei jonges as Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen. Moai dat ik hjir no dochs sit, al is it WK ôfstannen myn haaddoel. Dit is in moaie bonus.''

De Jong: ,,Oan it begjin fan it seizoen hie ik dit net ferwachte, ik moast fan fier komme. Fan 'e middei seach ik noch efkes nei in foto fan de parsekonferinsje fan trije jier werom. Ik bin bot feroare, in folwoeksen persoan wurden.''

Hoe vind je het hier?

De Vries: ,,Typysk Russysk. In lúkse hotel en ferrekte kâld. Fannacht ha'k sitten te kloaien mei de ramen, want it is sa waarm yn 'e keamer. Kinst de ferwaarming net útsette. Mar Sven hat gewoan de stoppen derút sloopt. Dat sil ik no ek mar dwaan. Ik fyn it wol bysûnder om hjir te wêzen.''

De Jong: ,,Ik ha wer wille. En mear rêst. Ik ha de Antoinette fan 'e juni-oaretiid werom fûn en bin har foarby gien.''

Wat zijn je verwachtingen?

De Vries: ,,Ik moat realistysk wêze. Mei myn 500 meter hellest it poadium net. Mei in plakje by de earste fiif, seis bin ik tefreden. Dat klinkt beskieden, mar dy efterstân meitsje ik mei myn 5 en 10 kilometer noait mear goed.''

De Jong: ,,Mei in poadiumplak bin ik tefreden. Goud? Ik tink dat ik by Ireen (Wüst, red.) en Martina Sablikova yn 'e buert komme kin. Ik wurd elke dei wat better. Sprinten giet my goed ôf en ik wit dat ik in goeie 3 kilometer yn 'e skonken ha. Ik bin benijd wat ik kin.''

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement