Wat is een artikel?

Onze LC+-artikelen bieden verdieping van het nieuws. Ook de extra's van de Courant vallen onder LC+, zoals bijzondere columns en commentaren. Met trots gemaakt voor de lezers die willen weten hoe het écht zit. In tekst, foto en video leggen wij uit wat het nieuws betekent voor jou en jouw omgeving.

Elke maand 3 LC+-artikelen lezen met je gratis account

Aan het begin van de maand wordt je tegoed weer aangevuld tot 3.

Ook onbeperkt LC+-artikelen lezen?

Dat kan! Met een (proef)abonnement kun je net als onze andere abonnees onbeperkt PLUS-artikelen lezen op onze site en in de app.

Je hebt jelimiet bereikt.  Verder lezen? Abonneren Je kunt nog [plusArticlesLeftCount]artikelen lezen deze maand

Column Fedde Dijkstra: Testamint

Takom jier komt der wer in Slachtemarathon. Oant no ta ha’k him alle kearen noch rûn, en útrûn. Oars as swimmer Maarten - dy’t nei ien kear gekkewurk tocht: oare kear slagget it - tink ik alle kearen: oare kear kap ik dermei.

Dat ein rinnen is noch te dwaan, mar de massaliteit fan it barren is my te bot. Folle mear as myn eigen selskip is my no ienris gau te drok.

Wat de Slachte my wol opsmiten hat, is dat ik hieltyd in goed healjier yn it foar tink: no moat ik as de bliksem oan it trainen. Dat ik stap op ’e trein nei Frjentsjer, Snits of de Westereen en ik rin nei hûs. Of ik gean in slach om oer de doarpen ûnder de stêd. Prachtige kuiers. Dêr ha’k echt aardichheid oan krigen. Gjin drokte, allinne mei je tinzen, ek amper steurd troch fûgels yn it fjild: gewoan rinne en sjen, sjen, sjen. Dat is goed besjoen myn legacy fan de Slachte.

Legacy, begryp ik fan de Oxford Dictionary, betsjut neilittenskip. Apart: hoewol’t it regionale pommerantendom wol it Fryske wurd mienskip oanhelle hat, mei al syn waarme assosjaasjes, mije de bobo’s it wurd neilittenskip as de pest. Testamint, hie oars ek wol kind. Mar it binne wurden dy’t tefolle rûke nei de dea, en dy fynt net ien gesellich. Dus pakke wy in Ingelsk wurd, Ingelske ynslûpsels binne as stoplape oeral goed foar. In stikje legacy fan de Amerikanen dy’t it altyd goed mei ús foar hân hawwe, sille wy mar rekkenje.

De neilittenskip fan keunst lit him net berekkenje yn sifers.

Wat is foar my de neilittenskip fan 2018? Oars sein, wat hâld ik deroan oer? De foarste plaatsjes yn it ûnthâld binne dy fan de reuzen, fan de kleurige lapen by E10 en fan de drokte by Escher. Dêr kaam in smite folk op ta. Soks neame wy sukses. Mar dêrûnder sitte de wiere juwielen, de mominten dy’t opljochtsje as je derop skine. Om wat te neamen: ik rûn by neare nacht troch Burchwert, ik hearde hoe’t dichter Tsjêbbe fan de pleats ôf oanroppen waard troch syn jongere ik, en út de mist dy’t oer de greide lei, waaiden koperlûden fan it korps op my ta. Dêr waard ik oars fan. Foar my sit it yn sokke ‘lytse’dingen, dy’t hooplik nei 2018 ek noch mooglik binne.

Sa is it wol mear mei de kultuer. Je kinne yn it Louvre de Mona Lisa sjen, mar dy kenne je al: de iennige nije gewaarwurding dy’t je dêr meikrije is in performance fan hûnderten Aziaten, dy’t mei mobyltsjes steane te meneuveljen foar in postsegel. Yn de Belvédère mei de noas op in wurk fan Tjibbe Hooghiemstra stean en besykje te fielen wat hy field hat, dat is oars wat.

De neilittenskip fan keunst lit him net berekkenje yn sifers. Hoefolle minsken ha derfoar betelle, wat is it berik en wat smyt it op? Bolledong! Je moatte tinke: wêr hat it minsken in nije gewaarwurding jûn, wêr hat it nije wurden en bylden oanbean, immen op in spoar set. Dat jildt ek foar 2018, en dêr sit ek de wearde yn fan dizze Freed-bylage.

Wa’t út is op in testamint en dan op jild longeret, sit op in dea spoar. In neilittenskip kin boppedat allinne by libben kreëard wurde. Wat pake en beppe ús neilitten hawwe, kinne wy besykje yn jild út te drukken. Mar dat is in synyske benadering. Wat se ús bliuwend meijûn hawwe, dat sit yn ús eigen genen. De wiere neilittenskip foar de takomst, dy sit yn de neiteam.

fedde.dijkstra@lc.nl

[firstName], je hebt net een artikel gelezen! Nu je hier toch bent, vragen we graag je aandacht voor het volgende:

Je hebt op dit moment een gratis account. En dat is natuurlijk prima. Je hebt daarmee toegang tot een belangrijk deel van het nieuws dat onze 100+ journalisten elke dag brengen, maar je mist nu wel veel. Zo kan je niet onbeperkt onze verdiepende LC+-artikelen lezen en heb je ook geen toegang tot onze digitale krant. Zonde natuurlijk! Daarom bieden we je graag een proefabonnement aan, zodat je kennis kan maken met alle interessante extra’s die je nu mist.

Onze LC+-artikelen bieden verdieping van het nieuws. Ook de extra's van de Leeuwarder Courant vallen onder LC+, zoals bijzondere columns en commentaren. Met trots gemaakt voor de lezers die willen weten hoe het écht zit. In tekst, foto en video leggen wij uit wat het nieuws betekent voor jou en jouw omgeving.

Bekijk proefabonnementen
Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement

Aanmelden LC-nieuwsbrief

Blijf op de hoogte van het belangrijkste nieuws