Fedde Dijkstra.

Typysk Frysk? Wy kinne ús better drok meitsje om de taal. Dy is typysk Frysk

Fedde Dijkstra. FOTO ANNET EVELEENS

T ypysk... dat minsken noch hieltyd witte wolle wat typysk Frysk is. Dy fraach kin moaie analytyske ferhalen opsmite, dat wol. Mar in antwurd?

In Fries is in ynwenner fan Fryslân, Frysk is wat mei dizze provinsje te krijen hat. Utfine wat dêr typysk oan is of wêze soe, is like doelleas as de wyn fange wolle yn in flinternetsje.

Eins miende ik dat it idee fan in Fryske identiteit allang yn de loads fan it Lichtpunt lei, tusken oar guod dêr’t je allinne spyt en smoarge hannen fan krije.

Fryske identiteit, dat wie dochs in útfining út de njoggentjinde iuw? Ferhaaltsjes oer keningen en helden, dogers en dogeneaten, frijheid en folksaard. De hjoeddeiske fariant is it promofilmke, mei in Amerikaanske voice-over by klisjeebylden fan skûtsjes, fjouwerjende swarte hynders, bearenburchsûpers en famkes yn pompeblêdjurkjes.

Dêr is neat typysk oan, dêr is eins neat Frysk oan. It is in plaatsje, krekt as it fiktive Gallyske doarpke fan Asterix.

It opblaasde ego fan in krimpregio, in laachje goudferve oer in stik ruostich ark. Janny van der Heijden en André van Duin mei de kommissaris op it steatejacht. Blonde berntsjes by de brêge dy’t mei in klompke biddelje om in bûssint.

Wêrom soene sokke tafrielen typysker Frysk wêze as, neam mar wat, platte grappen yn ’e keet, wytkwekerijen yn âlde skuorren, sûplappen efter it stjoer, dwersbongels dy’t de dyk blokkearje? Is de iene ynwenner fan dizze provinsje Frysker as de oare? Is folk dat syn eigen memmetaal leechlizze lit Frysker as in asylsiker dy’t ‘goeie’ en ‘famke’ sizze kin?

Moat in nije ynwenner him ôffreegje oft syn streekbûne identiteit al op nivo is? En wa soe dat dan útmeitsje? De FNP, de Akademy, de kommissaris, de steaten? De fanclub fan It Fean?

Wy kinne ús better drok meitsje om de taal. Dy is typysk Frysk. Wêrom krij ik de triennen yn ’e eagen as ik sjoch hoe’t ús lytse taal yn ’e knipe sit? Om’t it myn taal is. Jins earste taal is sykheljen, jins twadde taal is in soerstofapparaat. Frysk is foar in soad minsken de taal fan mem en fan heit, fan thús. Dy taal stiet faai, dy ‘is al in bytsje oan it stjerren’, sa’t toanielskriuwer Bouke Oldenhof it lesten ferwurde. Dat is blykber wêrom’t minsken no op Frysktalige kultuer ôf komme. Op besite by beppe, se is der no noch.

As minsken witte wolle wat typysk Frysk is, as se der as betreklike nijkommer by hearre wolle, lit se har dan drok meitsje om dy taal. Want dy ís noch lang net dea, dy libbet as in hert. Je hearre en lêze it Frysk rûnom, by de jongerein likegoed as by de âlderein. Allinne: it hat te lijen fan efterstallich ûnderhâld.

Dêrom is goed Frysk ûnderwiis, mei dúdlike easken foar de einresultaten, fan wêzentlik belang. En dêrom is it fan likefolle belang dat dy taal syn plak weromkrijt as ekonomyske faktor. As taal dy’t je nedich hawwe om sosjaal te wêzen én te wurkjen, yn de soarch, by de oerheid, by de media, yn it ûnderwiis, yn de winkels en kantoaren.

Sa’n taal moat op elk cv stean, de wurkjouwer moat derom freegje. En dy taal is net in middel om nijkommers ta bûtensteanders te meitsjen, om minsken út te sluten, sa’t in âld-kollega fan my yndertiid miende. Dy taal is by útstek in middel om derby te hearren. Elk kin him oanleare en meidwaan. De kaai leit foar it opkrijen, elk kin deryn. Eagen en earen iepen en it begjint al. Wat hearre jo dêr, wat lêze jo dêr?

Dat is no typysk Frysk.

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct