Frysk wurdboek nije stavering

Taalatlas lit sjen: it Frysk is noch lang net emansipearre

Frysk wurdboek nije stavering Foto: NIELS WESTRA

Kinne de Friezen heeltyd better Frysk skriuwe? Dat kaam de ôfrûne wiken wol yn ’e media. Sa skreau De Feanster : ‘Friezen lezen en schrijven iets meer Fries’, de Ljouwerter : ‘Het gaat goed met de Friese taal. Mear ynwenners kinne Frysk lêze en skriuwe’ en Omrop Fryslân: ‘Wat mear Friezen kinne Frysk lêze en skriuwe’.

De media ûntliene dat nijs oan de nije Taalatlas, útbrocht troch de provinsje Fryslân. Dy fiert om de pear jier in ûndersyk út nei de behearsking en it gebrûk fan it Frysk. De Fryske Akademy hat dat ek ferskate kearen dien. Mei wat slaggen om ’e earm kin men dêrtroch sjen oft der yn it Fryske taallânskip by de tiid lâns saken feroarje.

Lees ook PREMIUM | De Fryske Taalatlas wijst uit: het gaat goed met het Fries

De ûndersiken fan de provinsje binne basearre op selsevaluaasje: minsken kinne sels oanjaan hoe goed oft se it Frysk behearskje. Se wurde dêr net op toetst. Fierders is net wis oft de minsken dy’t oan it ûndersyk meidien ha wol genôch lykje op alle Friezen byinoar (der ‘represintatyf foar binne’) om mei wissichheid útspraken dwaan te kinnen oer Fryslân as geheel. Sok ûndersyk kin men mei rjocht en reden kommentaar op jaan.

Doch is sok ûndersyk net sûnder wearde. Men sjocht nammentlik by al dy ûndersiken troch de tiid hinne dat der alle kearen wer útkomt dat sa’n 95 persint fan de Friezen it Frysk frij aardich of better ferstean kin. Dêrbinnen bliuwe de persintaazjes dy’t it Frysk ‘heel goed’, ‘goed’ en ‘frij aardich’ ferstean kinne ek behoarlik gelyk. Foar it praten jildt wat soartgelikens: al tsientallen jierren kinne sa’n trije op ’e fjouwer Friezen it Frysk prate. De dielskiften dy’t it Frysk ‘heel goed’, ‘goed’ en ‘frij aardich’ prate kinne, feroarje ek net hurd. De dielnimmers oan it ûndersyk binne miskien net perfoarst represintatyf foar alle Friezen, mar it is ek net sa der alle kearen in folslein oare, net-represintative groep oan it ûndersyk meidocht. Hie dat sa west, dan hienen de sifers alle kearen wer heel oars west.

Wat is der rol fan sosjale media?

Dat it lêzen en skriuwen alle kearen in justjes heger persintaazje fan ’e befolking opsmyt, hat dan mei grutte wierskynlikheid ek wol wat te betsjutten. Wy witte allinnich net wat. It soe kinne dat der alle jierren mear minsken binne dy’t it Frysk skriuwen leard ha. Ut te sluten is dat net: de Fryske pabo’s nimme it Frysk as fak serieus en mooglik sjogge wy dat werom. Mar it is ek mooglik dat minsken no flugger fan harsels sizze dat se Frysk skriuwe kinne as yn it ferline, trochdat de sosjale media in ynformele skriuwkultuer op gong brocht ha, dêr’t it op in flaterke mear of minder net oankomt. Of miskien soarget de ûntlêzing derfoar dat minsken ‘goed lêzen en skriuwen’ net keppelje oan in literêre noarm, mar oan it lêze en skriuwe kinnen fan in reklamegjalp. Wy witte it net.

Dat it brûken fan it Frysk yn ’e húshâlding alle kearen in justjes leger persintaazje sjen lit, kin ek wat te betsjutten ha. Wy witte op ’e nij net wat. It kin wêze dat jongelju dy’t de lapen gearsmite, minder faak Frysk mei-inoar prate as de pakes en beppes dy’t op it hôf bedarje. It kin ek dat húshâldingen faker mear as ien taal brûke, bygelyks om’t der praters oer de flier komme dy’t it Frysk net machtich binne. En mooglik betsjut it neat, want de ferskowingen binne mar lyts. Men kin sokke sifers fol entûsjasme presintearje as soe it o sa goed mei it Frysk gean. Dat is wittenskiplik net helendal te ferantwurdzjen, mar set it Frysk al yn in moai ljocht – en in taal dy’t der goed op stiet, dêr wolle minsken noch wolris wat mear muoite foar dwaan as foar ien dy’t oan it lêste oer leit. Dat, mooglik wurdt sok positivisme in self-fulfilling prophecy.

We binnne der noch lang net

It risiko is der lykwols dat in oerheid soks docht om harsels op it boarst te slaan, mei as ûnderlizzend boadskip: ús taalbelied docht fertuten. Dat is gefaarlik as dy oerheid eins noch folle mear dwaan moatte soe, mar ynstee dêrfan de fuotten op it buro en de hannen achter de holle leit. Nei de werklik swiere krityk dy’t de Rie fan Europa koartlyn levere hat op ’e taalpolityk yn Fryslân, soe de provinsje no just alles op alles sette moatte om der ris foar te soargjen dat it Frysk in folweardich plak op alle skoallen krijt, sadat bern toetsber goed yn it Frysk wurde.

Hoewol’t der alle reden is om oan te nimmen dat Fryske bern better binne yn Nederlânsk skriuwen as yn Frysk skriuwen, is der in pear jier ferlyn in grut plan betocht om de ‘taalachterstannen’ oan te pakken: neat gjin tefredenheid dat der wer in stekproef is dy’t in pear persint heger skoart as in pear jier ferlyn, nee, alarmbellen en in koerswiziging. Salang’t dat foar it Frysk útbliuwt, behannelet de oerheid it Frysk en it Nederlânsk net gelyk. De parse mei dan entûsjast dwaan, mar elk dy’t de emansipaasje fan it Frysk serieus nimt, moat fannijs tsjin de oerheid sizze: wy binne der noch lang net en as jim sa trochgeane, komme wy der ek net.

Henk Wolf is d ocent Fries op NHL Stenden Hogeschool en taalkundige.

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct