Al jierren wurdt yn Nederlân striid fierd om de kleur fan Swarte Pyt. Dy hat brún west en swart as de Krampus, mar is wilens skoarstiensmoarch.

Guon plakken ha Pyt ferfongen troch in fantasijfiguer, yn Ljouwert liket Pyt streekrjocht út de Netflix-searje The Walking Death te kommen. De bern ha der likefolle wille om. Tiden feroarje en dêrmei ek it uterlik fan tradysjes en tradisjonele figueren.

Koartby kaam it Utrechtse steatelid Julie d’Hond mei de meidieling dat Jip en Janneke anno 2020 echt net mear kinne. Te stereotyp, te rolbefêstigjend. Se krige der deadsbedrigingen foar werom, want dat is tsjintwurdich moade as immen wat seit dat in oar net sinniget. Yn reaksje ferdwûn earder fan ’e wike it byld fan Jip en Janneke mei har hûntsje Takkie út Zaltbommel. Grif in âldjiersstunt, mooglik dûkt it aanst op yn bygelyks De Folgeren of Elsloo.

Dat op dizze útspraak dalje kaam, wie te ferwachtsjen. Jip en Janneke hearre like bot by Nederlân as Swarte Pyt. Frou d’Hondt komt suver oan ússels. It is fansels ek flau om der by in berneboek út de jierren fyftich oer te fallen dat mem thús is, heit oan it wurk, it famke fan kraaltsjes en it jonkje fan treinen hâldt. Mar hoe slim is dat byld eins? Is it net sa dat guon saken ek in hiel grutte genetyske faktor ha?

Bring hûndert famkes yn in boartersguodwinkel en ik ha sa’n idee dat der njoggentich ôfstowe op poppen en nifelguod. Dat hinderet neat, dat sit deryn bebakt. Dan kinne heiten en memmen wol nei de treintsjes wize, mar dêr feroaret de natuerlike smaak net mei. Oarsom jildt fansels ek: as dyn dochter sljocht is om alles wat ride en fleane kin, dan kinst wol wakker poppen oantuge, mar dêr wurdt net nei taald.

Frou d’Hondt hat blykber ek net sa goed lêzen, want krekt yn Jip en Janneke wurdt op boartlike wize besocht sjen te litten dat famkes en jonges deselde dingen kinne. Janneke kin hiel wol sjef wêze by it treintsjeboartsjen. Ek al mient Jip earst fan net, mem praat him sok dom tinken út ’e holle. En Jip moat likegoed ôfwaskje as Janneke. Dûmnysdochter Annie M.G. Schmidt wie sels ommers ek tige foarútstribjend: se wenne tegearre en krige bern sûnder te trouwen en kombinearre wurk en húshâlding.

Hawar, byldbepalende figueren út ús nasjonale erfgoed steane gauris ter diskusje en faak wurdt soks in emosjonele boel. Wankeljende fêstichheden dogge sear. Kultuer heart in ôfspegeling te wêzen fan de maatskippij en bern ha rolmodellen nedich dy’t werkenber binne. Gelokkich binne der dus ek boeken lykas Kening en kening , dêr’t in keningssoan in knappe prins yn siket om mei te trouwen, en De dappere ridster , oer in stoer famke dat tsjin ûnrjocht striidt.

No is it wachtsjen op de folgjende diskusje oer in byldbepalende figuer: Jezus. Yn de hiele westerske wrâld wurdt Jezus al iuwen ferbylde as in uterst kreaze, blanke man, mei skouderlang hier, in hip burd en in pear blauwe eagen om yn te ferdrinken. Mar hoe realistysk is dat?

Jezus waard berne yn Judea en út genetysk ûndersyk hat bliken dien dat Judeeske en Galileeske mannen fan doe noch it meast liken op Irakeeske Joaden fan no. Jezus like dus hielendal net op Ted Neeley! Hy hie nei alle gedachten in oliifkleurige hûd, swart hier en donkerbrune eagen. Tiid foar in nij byld?

Noflike krystdagen!

martsjedejong@gmail.com

Je kunt deze onderwerpen volgen
Opinie
Column
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct