Provinsje, kom út dy 'it falt wol wat ta'-modus

'As der moaie stickers en ballonnen binne mei de lippen en in tút fan Doutzen, dan wurde minsken ferlaat. Ferlieding en humor'. FOTO ARCHIEF LC

Mear en better brûken fan it Frysk yn Fryslân, troch de ynwenners fan dizze regio, op skoallen, by de oerheid, troch ynstellings en bedriuwen: dat wol de Provinsje. In soad Friezen wolle dat ek.

Mar wy wolle leafst niks twingend oplizze. Dat is net aardich om te dwaan. It ropt wjerstân op. Makket it Frysk ta in ferfelend tema.

Wy tinke dan faak: ferlieding, dêr kinne wy mear mei. Meitsje it ynteressant, leuk, útdaagjend om it Frysk te brûken. Dan krijt it Frysk, sûnder dat minsken der erch yn ha, in better plak yn it deistige Fryske libben.

Ferlieding is dan it alternatyf foar twang.

Hmm. Ferlieding kin heul goed wurkje, mar twang wurket somtiden ek wol. Bygelyks: as der moaie stickers en ballonnen binne mei de lippen en in tút fan Doutzen, dan wurde minsken ferlaat: as sa’n moaie suksesfolle frou de taal brûkt, dan wolle jo by har en dy taal hearre. Ferlieding en humor.

Mear muoite dwaan

Mar ek: as it ferplicht wêze soe foar basisskoalle-leararessen (en leararen) om goed Frysk te sprekken en de taal oer te dragen op de bern, soe dat in fantastyske opstekker wêze foar it Frysk. Juffrou as rolmodel.

It hat gjin doel en set ferlieding en twang foar elkoar oer as tsjinpoalen. Beide binne nedich foar it behâld fan it Frysk. En beide begripen hawwe ek wat oerienkomstichs.

‘Twang’ en ‘ferlieding’ hâlde beide yn dat jo minsken ta gedrach bringe dat se út harsels net fertoane sille.

Yn dit gefal betsjut dat: sels konsekwinter it Frysk brûke, mear muoite dwaan foar it behâld fan de taal, en: wurdearring hawwe foar de oerheid as dy yn it ûnderwiis en yn har eigen kommunikaasje folle mear romte foar it Frysk makket.

Gedrachsferoaring

No is gedrachsferoaring net sa ienfâldich. Ferlieding kin helpe, mar hat faak mar tydlik resultaat. Twang allinne wurket heechút yn in autoritêre maatskippij. Sa’n maatskippij binne wy net en wolle wy ek net wêze.

Minsken moatte har bewust yn ferlieding bringe litte wolle, en soms harsels earne ta twinge.

Duorsume gedrachsferoaring begjint der mei dat ien tsjin himsels seit: dit moat oars, ik wol my tenei oars gedrage. Dat is faak it begjin fan in spannend proses. Sil it slagje? At de gedrachsferoaring yndied slagget, dan sjocht men mei foldwaning werom op dat proses. Ek al wie ’t no en dan in foarse ynspanning om safier te kommen.

Kampanje

Gedrachsferoaring wat jins taalgebrûk oanbelanget is fansels gjin yndividuele ûndernimming: taal brûke is kommunisearje. Wat it Frysk oanbelanget betsjut soks dat wy der meimekoar foar kieze: mear Frysk, ek yn situaasjes dêr’t wy it no net brûke. Omdat it in prachttaal is, belangryk foar ús Fryske identiteit, in taal dy’t ús ferbynt.

Sûnder sa’n bewuste kar, makke troch in grut part fan de ynwenners fan Fryslân, is in foarnimmen om it Frysk in better plak te jaan yn de maatskippij ta weiwurden keard.

It Frysk bliuwt fêst noch wol twa, trije generaasjes bestean. It sil, as der neat feroaret, al stadichoan ferdwine. Fierwei de measte basisskoallebern yn Fryslân prate no al ûnderling Nederlânsk. Linkendewei ûntkomt ús de taal.

It wurdt tiid foar in bewustwurdingskampanje: in Brede Maatskiplike Diskusje Frysk. Provinsje, kom út jimme ‘it falt wol wat ta’-modus en stel jild beskikber. Sadree’t it koroanafirus ús net mear finzen hâldt, kinne wy dan útein.

Willem Verf. Damwâld