Martsje de Jong, columniste.

Promoatsje ús literatuer

Martsje de Jong, columniste. Foto: Marcel Jurian de Jong

Yn de kultuerbylage fan ferline wike skreau Kirsten van Santen dat se de literatuer miste yn dizze saaie koroanatiid. Se frege har ôf wêr’t de koroanadeiboeken bliuwe fan Fryske skriuwers, wêr de foardracht fan ‘lispelende dichters’ op strjithoeken. Myn werfraach is: wêr bisto? Of better: wat lêsto?

De ôfrûne tiid binne der wer ferskate nije boeken en bondels ferskynd en beslist net de minsten. Hast De Raven lêzen, Sjappy , of Quist ? Bist al begûn oan Passys , fan Josse de Haan silger? Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper ha op twa jûnen harren nije bondels presintearre. Dêr ha sy, en noch fjouwer kollega’s, harren gedichten hearre litten. Net ‘lispele’, mar foardroegen. Livestreamd ek noch.

En wat te tinken fan de bondel Boechbylden , dêr’t Abe de Vries en Eppie Dam mei gloede wurk fan de grutte Ljouwerter dichter Jan Jacob Slauerhoff yn oersetten ha? Der binne trouwens ek ferhalebondels ferskynd, der is wol in podcast en op YouTube kinst ek te gast gean.

Ja, ik bin fûl, want kom my net oan de Fryske literatuer. Mar Kirsten hat fansels gelyk: no’t der gjin nuts te beleven is, is it tiid foar in goed boek. De hang nei literatuer sit net yn de minsken sels, dêr moatte se by holpen wurde. Ljouwert hat de begearlike titel fan Unesco City of Literature, mar dat fernimme wy noch net. Fansels nekt dy rotterige koroana ús, mar der is dochs wol wát te betinken? Online?

Meitsje yn elk gefal reklame. De doarmatte wurdt jo alle wiken folsmiten mei reklame. Der is noait in boekefolder by. Miskien kin de Omrop kultuer en literatuer in like struktureel plak jaan op radio en tv as fuotbal. En dan net fokusje op rebûlje of minne ferkeapsifers, mar prate oer de ynhâld.

Doe wie it bloed my al sûpe

Doe’t ik de eigener fan in boekwinkel frege nei ‘ Sjappy ’, koe er it boek net. Hy hie it net en oar wurk fan deselde útjouwer ek net. ,,Ze hebben het vast bij de Afûk wel’’, sei er úteinlik, mar doe wie it bloed my al sûpe.

Altyd wurdt der ôfjûn op it feit dat Fryske boeken net fernijend en kontroversieel binne. No leit der in boek dat de tongen losmeitsje kin en ús grutste boekwinkelketen hat it net. ,,Er is nauwelijks vraag naar Friese boeken’’, sei er. Kachelachjes! Want as de sutelkroade lâns de doarren giet, binne de boeken net oan te slepen. Mar as minsken net witte wat der is, hoe sille se der dan om freegje?

Fryske literatuer wurdt suver net promoate. Yn de winkel dêr’t ik wie, leit it dochs al meagere oanbod oan Fryske boeken net op in gaadlik plak. Dat is net allinnich dêr sa, dat is in algemien byld. Ferkeapers kinne gjin advys jaan, se witte mar kwealik dat Fryske literatuer bestiet.

En dat is ús eigen skuld. Wy Friezen slaan net fûleindich op ’e tromme as it om ús taal en literatuer giet. Dus hat Kirsten gelyk. Wy binne City of Literature. Lit dat sjen. Wês grutsk op wat der skreaun wurdt. Raas it fan de Aldhou en alle oare hege tuorren yn Fryslân, fervje it op ’e dyk, plak it oan, smyt de sosjale media dermei fol.

En skylk, as wy wer byinoar komme meie, lit dan rûnom wer foardroegen wurden dat it klinkt en daveret fier yn it rûn.

Mar no earst: lêze!

martsjedejong@gmail.com

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct