Opinie: Ofslútdyk fersmelle foar auto

De Ofslútdyk.

Lykas bekend wurdt de Ofslútdyk mar leafst trije jier ôfsletten foar fytsers fanwegen renovaasjewurksumheden troch Rykswettersteat. Fytsers wurde salang mei in bus ferfierd.

Auto’s oan ’e oare kant wurdt gjin striebreed yn ’e wei lein, dy kinne gewoan trochrace. In protte fytsers fiele harren hjirtroch slim dupeard, sa’t wol bliken dien hat út ynstjoerde stikken.

Lees ook: Afsluitdijk mogelijk soms open voor fietsers

Is dit net tsjinstridich: de oerheid ropt lûd fan de dakken hoe wichtich it is foar in better miljeu dat automobilisten oerstappe op de (eventueel elektryske) fyts, mar yn ’e praktyk bliuwe se prioriteit jaan oan de auto. Wylst der bêst oplossingen te betinken west hawwe om it fytspaad iepen te hâlden. Wêrom waard bygelyks de fjouwerbaans autodyk net tydlik mei ien rydbaan fersmelle ta trije banen?

De middelste baan hie dan funksjonearje kinnen as passearhaven om wikseljend it (auto)ferkear yn Fryske of Hollânske rjochting de mooglikheid te jaan stadich autoferkear yn te heljen (sa’t dat ek dien is op de N50 tusken Swol en Kampen). Dan hie der plak west foar in fytsbaan njonken de autodyk.

Nee, de auto as hillige ko hat noch altiten prioriteit yn ús lân, ûndanks alle krokodilletriennen fan de oerheid oer it miljeu.

Lees ook: Nog één keer genieten: 'Als de Afsluitdijk niet dicht zou gaan, zou ik hier nu niet zijn'