Open brief Hylke Speerstra aan Sietske Poepjes: Keunst en Kultuer yn Fryslân moatte wer bloeie

Sietske Poepjes. FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

Skriuwer-sjoernalist Hylke Speerstra seach deputearre Sietske Poepjes ‘fleurich en grien’ op ’e foto yn in streekkrante. Dat plaatsje set him oan ta in iepen brief.

Bêste Sietske. Hoe giet it mei jo yn karantêne? Sa te sjen foar wûnder. Yn it djipst fan de koronakrisis seach ik jo in deimennich lyn op in de foto stean. Mei de griene partijsjaal om en in tros tomaten yn ’t hier. Stiif tsjin jo oan hyst in oare BF’er. Ik tocht: Blinder, deputearre Poepjes bylket mar grien!

De reklamefoto blykt aktueel, der stiet oerhinne printe: ‘Coronacrisis: Wij helpen waar dat mogelijk is.’ Dêr ûnder kinne wy lêze hoe’t jo dwaande binne ûnderdielen fan ús teheistere Keunst en Kultuer ‘door de crisis heen te slepen’: ‘Zo ben ik in mijn woonplaats Makkum zelfs bezig de lokale volleybalclub te helpen met hun geraniumactie voor de clubkas.’

Hawwe jo hjir wol ferstannich oan dien, Sietske?

Ik leau, it wurdt tiid dat wy elkoar tenei mar gewoan dookje. Lykas dy bin ik fan komôf in Wûnseradielster. ‘Jo’ wurdt allinne noch sein om ôfstân te hâlden.

Sil ik dy nochris op ’t harspit nimme, dan moat it no mar wêze. Ik sitearje dy fierder: ‘Met auto’s van de provincie brengen we de geraniums rond, anders zouden ze ermee blijven zitten.’

Yntusken treft in katastrofe de Fryske kulturele sektor yn al syn ûnderdielen. De gefolgen binne net te oersjen. Al dat eigene, dêr’t Fryslân him sa yn ûnderskiedt, kriget in knau. It fuortbestean fan hûnderten ferieningen en yndividuele ûndernimmers stiet op it spul. Tûzenen minsken sille, (ek) kultureel besjoen de drûchste en kealste simmer sûnt minskewitten meimeitsje. En wat bart dêrnei?

Minsken út it maatskiplik fjild binne wekker wurden. Sy beseffe it: nei de yntelliginte lockdown moat der in yntelligint reveille komme. Dêrom komme fan alle kanten minsken mei kreativiteit, ideeën, plannen en fisy. Mei bemoediging ek.

Bêste Sietske, wat is konkreet dyn fisy? Dyn bemoediging. Dyn ferhaal? Mei dyn politieke hûdhonger sit it wol goed, mar bliuwst as bestjoerder net te fier achter it front? Kom op. De geraniums rêde har wol. Keunst en Kultuer yn Fryslân moatte wer bloeie.

Dizze pandemy kaam op in momint dat it jild by de plinten op klotste. Den Haach kin mei miljarden, Ljouwert mei miljoenen struie. As der mear jild as ideeën is, sjitte wy der net folle mei op. Is it oarsom, dan moatte der prioriteiten steld wurde. Dêrby ha wy in ferbiner en ynspirator nedich dy’t soargen dielt en oplossingen oandraacht.

Doe’sto yn augustus 1977 te wrâld kaamst, kaam dyn politike partij mei it kredo ‘Niet bij brood alleen’. Hjoed is jim koalysjekredo ‘Gelok op Ien’. Mar mei dy pear wurden fertelle je noch gjin besteklik ferhaal. Lit stean dat je der in ferhaal mei wiermeitsje.

De Dútsk-Frânske auteur Georges-Arthur Goldschmidt skreau in hertferskuorrend boek oer krisis en oarloch. Yn in ynterview by de ferskining seit er: ,,Oer gelok falt net sa folle te fertellen. Ferhalen dy’t derta dogge, geane oer tsjinslach en hoe’t wy dy oerwinne kinne.”

Yn dy situaasje sitte wy op dit stuit, Sietske. Kom mei sa’n ferhaal. Yn in wrâld fan ‘altyd foar de wyn en blijblier optimisme’ soene wy hielendal gjin ferhalen nedich ha. Sels gjin keunst. Wyls keunst krekt ûnbetelber en ûnmisber is omdat it meitsje kin wat kapot gien is. Yn elk gefal yn ús ferbylding.

Sietske! Skets ris in yntelligint reveille foar ús kultureel wrâldsje-yn-de-nederklits, dat tsjûget fan noed, belutsenheid en fisy. It mei fan dy ferwachte wurde. Yn Avondrust tinke se wol om de geraniums.


Hylke Speerstra is skriuwer-sjoernalist en âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante

menu