Martsje de Jong, columniste.

Myn hertetaal: it Frysk

Martsje de Jong, columniste. Foto: Marcel Jurian de Jong

Wy litte ús taal fertoarkje. Dat witte wy al lang, want dêr wurkje wy allegear oan mei. Ik ek, want ik ferbrek my ek gau ris. As in oar Nederlânsk praat, skeakelje ik sûnder erch oer.

Soks mei noch hinnebruie, salang’t ik thús de bern de eigen taal mar bybring. Mei’t ik sels as skriuwer en oersetter deistich mei de skriuwtaal dwaande bin, is ús hiele kommunikaasje thús Frysktalich, ek as it giet om appkes, of, hoe âlderwetsk, in briefke op tafel. Foar in soad bern jildt soks net, dy binne oanwiisd op it ûnderwiis as se de taal skriuwen en lêzen leare moatte.

No hat Nederlân út Europa wei in skrobbearring krigen oer it feit dat men yn it ûnderwiis it Frysk oer alle boegen ferhûneloartsje lit. Skoallen yn Fryslân moatte it Frysk oanbiede. Hoe, dat komt net sa krekt, as der mar wát dien wurdt. In soad skoallen witte har hjir foarwei te winen mei it ferlechje dat se gjin dosint ha dy’t Frysk jaan kin, of dat de bern gjin Frysk kenne. Skytmerakels, want de bern kenne ynearsten ek gjin wurd Ingelsk, Dútsk of Frânsk en dat moatte se ek leare.

Ik bin bang dat wy mei dat Europeeske rapport net folle opsjitte. Polityk De Haach sil it in woarst wêze hokker taal wy hjir prate en leare. Se fine it rapport inkeld lestich, om’t der wer in tsjinrapport skreaun wurde moat fol mea culpa’s en nije tasizzingen. Dy moatte dan wiermakke wurde troch de provinsje, want dêr leit it foech as it giet om it Frysk ûnderwiis. Dêr gean wer jierren fan praten en stinnen mei hinne. Tiidfergriemen. Brûk dat foech, provinsje, en stel easken. Der leit genôch goed lesmateriaal en der komt noch hieltyd nij by. Dêrmei moat it Frysk dochs in folweardich plak krije kinne?

Yn 2021 sil der diskusjearre wurde oer de Fryske taal. Earst mei jongerein, letter ek mei heiten en memmen. Dy moatte it belang fan de eigen taal ynsjen, mar it rekket harren sa’t it liket de kâlde klean net. Dat is net allinnich fan no, dat probleem leit der al mear as fyftich jier. Want foar it Frysk moatte jo jo skamje. Dus prate heit en mem Nederlânsk mei de bern, om’t dat harren fierder bringe moat yn ’e maatskippij. It Frysk hat noch gjin ekonomysk belang en dus is der gjin yntrinsyk ferlet om dy taal te hoedzjen en te noedzjen.

Brûk dat foech, provinsje!

Mar ho efkes: de memmetaal is de taal fan it hert. De taal wêryn’t ús gefoel it bêste ta utering komt. De taal dy’t wy mei tate of flesse ynkrije en dêr’t wy, sa stel ik my foar, by it ferstjerren ús lêste tinzen yn ha. Dêr’t wy yn laitsje en skrieme. Dêr’t wy sels tritich jier nei ús emigraasje yn flokke as ús in poat útdraaid wurdt. Wêr keare wy as mem ús dy net mear bybringt? Dan moat de jongerein ús taal rêde.

De Afûk makket him sterk foar it brûken fan it Frysk, of oare minderheidstalen, yn ’e soarch. Krekt dêr dus, wêr’t de minske kwetsber is. Ik hoopje dat as skielk smyn geastlike fermogens it hielendal ôfwitte litte, ik dan in leave ferpleger tref dy’t myn jeuzeljen ferstiet en my mei tank oan skoalle en Afûk antwurdet yn de lêste taal dy’t my oerbleaun is: myn hertetaal, it Frysk.

martsjedejong@gmail.com

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct