Martsje de Jong, columniste.

Jawis man, sin oan!

Martsje de Jong, columniste. Foto: Marcel Jurian de Jong

Hjoed fjirtjin dagen lyn kaam der in appke fan in my ûnbekend nûmer. Ik wie ûnderweis, mar lies yn in flits de triggersin ‘Zou het iets voor je zijn?’, dat ik sette de auto gau yn in parkearfak en pakte de telefoan derby.

Tsjongejonge, Fedde Dijkstra hâldt op as columnist by de Ljouwerter Krante . Dyselde man fan wa’t ik in pear dagen earder noch lêzen hie dat it Frysk in skop ûnder de kont ha moat. En oft ik him dan wol opfolgje wol as columnist fan ’e Fryske side yn de wyklikse kultuerbylage.

‘Het moet gaan over het Fries’, sei de fraachsteller der foar de wissichheid by. Ik tocht nei. Ja, ik ha it syndroom fan eigen miening, ik sjoch net op in koal en in geit en ja, ik bin ek och sa ‘foar dat Frysk’, sa as wol ris pûlemûlkjend sein wurdt as der wer in diskusje geande is oer de taal fan stikjes foar de doarpskrante.

Mar ‘het Fries’, dat is in rekber begryp. In inkeling fynt it de wichtichste bysaak yn it libben, oan de oare kant fan it spektrum fine in stikmannich it te belachelik foar wurden dat der überhaupt noch war dien wurdt om it Frysk by de minsken troch de strôt te drukken. Want dat is sa’n bytsje wol it kommentaar dat jo krije, as jo war dogge om je memmetaal te behâlden. Oare kant it Hearrenfean kinne jo der ommers al neat mear mei. Nee, dat is ek sa. Mar mei it Nederlânsk is ek noch noait ien ynternasjonale pot brutsen, dat wêr ha wy it oer?

Skriuwe oer, opkomme foar de Fryske taal is yn haadsaak in kwestje fan tuike-tuike oan. Leaf wêze, foaral net dramme. Want dy’t foar it Frysk is, wurdt út soarte bestimpele as drammer, op syn freonlikst as ‘beweger’, mar faker as taalfassist. Frysk moat foaral ‘leuk’ bliuwe. In opljochtsjend wurd op in gebou yn ’e stêd, in kreet op ’e dyk.

De F’side, dy’t tusken 1994 en 2006 as ûnderdiel fan it Stipepunt Frysk troch de Afûk fersoarge waard yn de beide Fryske kranten, hie dan ek yn neat fan de lyknammige hurde kearn fan Ajax. De F’side wie in plak foar freonlike artikeltsjes oer lyts nijs. Fyftich kryststâlen yn Westhim, in puzel. Net te dreech, elk moast it begripe kinne.

Dat moast dy wjerstribbige ynwenners fan ús provinsje oer de streek helje om har eigen taal yn ’e earms te sluten. Nei tolve jier luts de provinsje de stekker derút; it konsept wie útwurke en de pûde mei jild soe tenei digitaal ynset wurde. De mei dat jild opboude webside Fynst.nl rêde it ek net.

Anno 2020 hat de Ljouwerter Krante gelokkich noch wat dat se op de redaksje ‘de Fryske siden’ neame. Twa Frysktalige siden yn de Freedbylage, mei dêryn alle wiken in nijsgjirrich petear mei in Fryske skriuwer, dichter of oersetter, en in column. Mei in bytsje gelok in pear siden earder in resinsje fan in Frysktalich stikje literêr hânwurk. Of net.

No krige ik de kâns om oan dy siden ek in bydrage te leverjen. As de bliksem appte ik in ‘jawis man, sin oan’, werom nei de fraachsteller. Want de Fryske taal en kultuer binne my nei. Hartstikke nei sels.

Dêr wol ik alle fjirtjin dagen wol oer skriuwe.

Oant sjen dus!

martsjedejong@gmail.com

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct