It Frysk hat mear oan in skop ûnder de kont

De Friese vlag. FOTO ANP

Gouden tiden. Trump bringt frede en oarder yn Amearika en de rest fan de wrâld. Tachtich persint fan de Wyt-Russen is mâl mei Loeka-sjenko. De sinne skynt. En it giet poerbêst mei it Frysk.

As dat lêste wier wie, hie it wol op de foarside fan de krante stien. Miskien sels wol yn it Dagblad van het Noorden, as skrikbyld. Mar it stie yn it regiokatern fan de LC, seksje twa fan de krante. En dat it poerbêst giet mei de Fryske taal, dat is wat deputearre Sietske Poepjes graach leauwe wol.

Se bringt ús dit nijs op grûn fan in ûndersyk ûnder 22.400 minsken, fan wa’t 6500 de muoite nommen ha te reagearjen. Se mochten harsels in rapportsifer jaan. Yn 2015 miende 35 persint op syn minst frij aardich Frysk skriuwe te kinnen. Lit ús sizze in sifer 7 of heger. No doart 40 persint dat fan himsels te sizzen. Ja, de bern op skoalle ha yntusken ek mear praatsjes krigen.

Self-assessment, neamt de deputearre dit. ‘Schouderklopje voor jezelf’ dus. Wat de respondinten miskien net yn de gaten hiene, is dat se eins deputearre Poepjes in rapportsifer joegen, yn stee fan harsels. It sinjaal is: it giet better as fiif jier lyn, dus it belied doocht.

Binne der positive ûntjouwingen? Jawis wol. Jongelju binne oer it generaal net benaud in soarte fan fonetysk Frysk te brûken yn appkes, op insta en op alle mooglike digi-hingplakken. Dat is moai, likegoed as it moai is dat emigrearre Friezen en âlde minsken yn har bernskens Moai sûnder wjergea núnderje. Mar dêr rêde je it Frysk net mei.

Hat de deputearre ek in idee fan de kwaliteit fan de behearsking fan it Frysk? Dy is, sa leart deistige waarnimming, sa mooglik noch minder as dy fan it Hollânsk. It ûnderwiis hat foaral as doel de bern ‘bewustwêzen’ fan Frysk yn meartalige kontekst by te bringen. De bern moatte de moed hawwe it Frysk te brûken. Is it ek wat dat se de taal gewoan goed oanleare, op syn minst likegoed as it Hollânsk?

Miskien kin de provinsje ris in oar ûndersyk dwaan. Belje gemeentehuzen en wolwêzensynstellingen, belje de krante, rin bedriuwen, winkels en dokters-praktiken yn, en sjoch ris hoefier jo komme as jo Frysk prate. ‘Wat zegt u? Wilt u dat nog eens in het Nederlands zeggen?’ Nee, leaver net. ‘We zijn hier in Nederland, u kunt toch ook Nederlands spreken?’

Wurkjouwers neame de behearsking fan it Frysk ‘in pree’, seit it ûndersyk. Se fine it moai as ien it tafallich kin. Mar se freegje der net om. ‘Bij sollicitatieprocedures speelt de beheersing van het Fries maar een marginale rol.’ It Frysk hat ekonomysk gjin poat om op te stean.

Dat betsjut dat der gjin driuw is ta better ûnderwiis. En it betsjut ek dat heiten en memmen tinke: as it bern earst mar goed Hollânsk en Ingelsk leart.

Elk fynt it Frysk moai en wichtich, mar nimmen ferbynt der konsekwinsjes oan. Us hâlding oangeande it Frysk hat gjin ferlet fan in skouderklopke, mar fan in skop ûnder de kont.


Fedde Dijkstra, Redakteur Ljouwerter Krante