Heechste tiid foar in nije befolkingspolityk

,,We libje mei 17,2 miljoen minsken yn in grôtfol lân mei fierstente min wenromte.'' FOTO ANP/LEX VAN LIESHOUT

,,Een beter milieu begint niet bij onszelf”. Ik kin beslute om net mear te fleanen of myn bosk woartels sûnder plestik pûde mei nei hûs te nimmen. Soks sjit net op. Wat dan wol?

Wy hawwe de film A life on our planet fan David Attenborough net nedich om te witten hoe’t de saken der by steane: beroerd en it wurdt noch slimmer. Der wurdt fan alles betocht om ús ierde leefber te hâlden.

Betsy Ydema út Heech is grif de iennige net dy’t har soargen makket oer kearnôffal ( LC 30-9). Fan de oare kant sil ik net de iennige wêze dy’t sa stadich wei oan genôch krijt fan al dy lju dy’t skriuwe tsjin wynmûnen (dy bedjerre it útsjoch), sinnepanielen (bedjerre it lânskip), biogas-ynstallaasjes (dy stjonke), it gas (want dan sakje wy troch de grûn), stienkoal (gefaarlike minen, CO2.), de houtkachel fan de buorlju (wy rikje hjir wei). Om fan kearnenerzjy mar net te praten, want dêrmei helje wy de duvel yn ’e hús.

Der is op koarte termyn net in goede oplossing. It sil in miks wurde moatte, wylst kearnenerzjy foar in part de oplossing wêze kind hie. Dêr is it no te let foar, want dy sintrales steane der oaremoarn net.

Yn de diskusjes mist ien trochslachjaande faktor. It giet om it folgjende. Op 25 jannewaris 1977 waard oan de minister van Volksgezondheid en Milieuhygiëne in rapport presintearre, mei as namme Bevolking en welzijn in Nederland . De ‘Staatscommissie’ wie der fan 1972 ôf mei te set west. De publyksferzje fan it rapport leit foar my. It boek waard yn 1979 útjûn ûnder de titel Minder mensen, meer welzijn? . De kommisje kaam mei in tal tige nijsgjirrige oanbefellings. In pear haadsaken: ‘Wij bevelen de regering aan te streven naar een nagenoeg stationaire bevolking.... dat immigratie op het tijdpad der demografische ontwikkeling op zowel de korte als de middellange termijn geen noemenswaardige invloed uitoefent (...) en om in internationaal verband een duidelijk standpunt in te nemen waarbij wordt uitgegaan van de noodzaak tot spoedige beheersing van de bevolkingsgroei in de wereld’ (siden 254, 255). Mei oare wurden: wy hawwe hjir en yn de wrâld minsken genôch.

Ik freegje my ôf wat der de ôfrûne fyftich jier dien is mei it rapport. Neat dus. Wy hiene yn it jier foardat dit boek útkaam 13,8 miljoen ynwenners. No libje wy mei 17,2 miljoen minsken yn in grôtfol lân op grôtfolle wegen mei fierstente min wenromte. It wurdt dêrom heech tiid dat ús regear yngrypt en mei in nije befolkingspolityk komt.

Dy ‘kinderbijslag’ foar it earste bern kin bliuwe. Foar it twadde bern kin it ôfskaft wurde. En fan it tredde bern ôf moat der in oprinnende miljeubelêsting komme. Fansels ropt soks ferset op, de fabrikanten fan ruften sille net de iennigen wêze dy’t dit net in goed idee fine. Derneist is in uterst restriktyf ymmigraasjebelied needsaaklik. Flechtlingen, dat binne oaren as ymmigranten, bliuwe wolkom, mar in beheind tal. Yn ynternasjonaal ferbân moat men de Feriene Naasjes sa fier krije om krêftich en wrâldwiid de oerbefolking tsjin te gean. Oars wurde al dy minsken in ramp foar de wrâld. Dat binne se no al.

Pier Bergsma, Hurdegaryp