Gewoane Fryske jonges yn Ynje

Bernardus Zijlstra yn Ynje. FOTO FAMYLJE ZIJLSTRA

‘Earme Bapak Bernardus Zijlstra’, tink ik as ik it artikel ‘Indië-veteranen woest over film’ ( LC 28 septimber) lês. It is fansels goed dat it ferhaal fan Nederlân nei de befrijing yn 1945 aansens mei behelp fan in lesprogramma ek op skoallen yn Fryslân ferteld wurdt. Want ek Ynje-feteraan Bernardus Zijlstra (1927-2018) út Heech woe graach dat hjoeddeiske skoalbern mear leare soene oer wat der yn Ynje bard wie yn de perioade 1945–1949.

Sels learde hy op skoalle as lyts jonkje dat de koloanje Ynje fan ús wie: ,,Al dy eilannen dat waard allegearre leard, want dat wie fan ús.” Syn eigen sân bern learden nei de saneamde polisjonele aksjes op skoalle hielendal neat mear oer Ynje: ,,Ynje wie fuort, it waard fuort yn de doofpot dien.’’

Dus kaam syn eigen Ynje-kiste mei twa deiboeken, boeken oer Ynje, foto’s, batik-doeken, houten kistkes en oare ‘oleh-oleh’ nei syn thúskomst lang op solder te stean. Earst in pear jier foar syn ferstjerren koe dy kiste mei syn moai Frysk skreaune deiboeken dochs noch iepen.

loading

Oare kleur jaan oan ferhalen

Foar lessen dy’t ik doe as gastdosint foar Amnesty om in yn 2004 fermoarde Yndonesyske minskerjochtenaktivist hinne ûntwikkele, mocht ik ek syn ferhaal brûke. Om út te lizzen hoe yngewikkeld de universele ferklearring fan de rjochten fan de minsk (UVRM, 1948) wol wie.

In edukatyf programma foar skoallen moat neffens my it ferhaal oer Ynje dan ek net foar it gemak mar ta in ienfâldich seksy swart-wyt ferhaal meitsje wolle. Sa fan: wy wiene de Dútsers en de Yndiërs, dat wiene allegearre de ûnderdrukten. Want wat ik fan feteraan Zijlstra syn ferhalen wol leard ha, is dat de ferhalen fan minsken dy’t wy kenne de swart-wyt-skiednis in oare kleur jaan kinne.

Yn dizze grutte Nederlânske militêre operaasje is troch ferskate partijen oan alle kanten martele en moarde. Allinne: in grut part fan de Nederlânske soldaten wie sels net direkt aktyf by it skeinen fan de minskerjochten belutsen.

Each foar gewoane jonges

Ik tink dat it net goed is om in edukatyf lesprogramma oer Ynje te keppeljen oan in film dêr’t de Nederlânske soldaten Dútsk lykjende unifoarmen oan ha, de titel fan de film docht ek SS-eftich oan, troch de foarm en de kleur fan de letters. Dat makket it ferhaal fierstente ienfâldich en net oprjocht.

loading

Al is myn Bapak Bernardus Zijlstra der dan no net mear, ik hoopje wier dat, no’t der dan dochs in offisjeel edukatyf lesprogramma oer de oarloch yn Ynje komt, der each is foar it ferhaal fan gewoane jonges lykas hy.

En oars soe ik sizze: dosinten fan skoallen, at it sa fier is, nim kontakt op mei my. Al bin ik no al in skoftke net mear aktyf as gastdosint foar Amnesty, ik wol graach helpe om yn it lesprogramma fan Fryslân romte te jaan oan de gewoane ferhalen fan Fryske jonges as Zijlstra. En dan fuort ek mar twatalich, dus ek yn it Frysk, de taal dêr’t hy syn gewoane ferhalen oer it deistich libben as soldaat yn Ynje yn opskreaun hat.

Ypie Boersma, Reduzum.

Âld-gastdosint foar Amnesty.