Gemeentehûs fan alluere yn 'e ferkeap

‘Ferkeapje yn fjouwer wiken is net sa dreech.’ FOTO LC/ARODI BUITENWERF

‘Verkoop raadhuis splijt gemeenteraad’, kopte de Leeuwarder Courant freed. Spitich; dit moaie gebou – it gemeentehûs fan Kollum – soe nei in passend ferkeapproses en ûnder lofsang fan in ienriedige gemeenteried nei in nije bestimming oer moatte. Want neffens histoarikus en arsjitektuerkenner Peter Karstkarel, net de earste de bêste, wie it ‘een gemeentehuis van allure’ ( LC 29 augustus 2003).

It is doe yn gebrûknommen en boud foar sa’n 8,2 miljoen euro ( LC 26 septimber 2003). Dêr siet de oanpassing fan it hûs Westenstein by yn, net de lettere ynvestearrings lykas sinnepanielen.

Lees ook | Verkoop raadhuis splijt gemeenteraad

Neffens it útstel fan ik kolleezje fan Noardeast-Fryslân is it doel no om it gemeentehûs te ferkeapjen foar 1.700.000 euro, wylst de boekwearde 1.827.000 wêze soe. Sadwaande soe der in ferskil fan 127.000 euro ôfboekt wurde moatte. Dat is it bestjoerlike probleem, ek omdat buorgemeente Dantumadiel dêr yn meidiele moat. Se sille it wol oplosse.

De merk temjitte komme

We sjogge dat sa’n gebou yn mar twintich jier ôfskreaun wurdt; santjin jier binne foarby. Wat gjin bestjoerlik probleem is, mar foar my en mooglik oaren wol nijsgjirrich om te witten, is dat der yn santjin jier op de nijbou sa’n 6.500.000 euro ferdampt is. Dat is elts jier rûchwei 380.000 euro. By de ferkeap no komt der ‘fergees’ sa’n 25.000 kante meter grûn by, de wearde fan Westenstein fóár de ferbou en de gebouwen fan de gemeentewerf. Tel dat allegearre ris op.

Ferkeapje is fansels wat oars as de boukosten besjen en in optelsom meitsje. It is wat de merk docht, wat de keapers biede. Mar men moat mei sa’n ûnreplik goed dy merk dan wol temjitte komme op in profesjonele wize. It gemeentehûs wie yn de advertinsje fan 16 septimber, sa’t it liket, allinnich yn de hûs-oan-hûs-krante fan Noardeast-Fryslân oanbean, mei de mooglikheid yn fjouwer wiken te bieden fan 1,6 miljoen euro ôf.

Hie wat oars ferwachte

Oft dat profesjoneel is wit ik net; it is myn fak net. Mar as ynwenner en leek hie ik fan sa’n grutte en dus saakkundiger gemeente wat oars ferwachte: in stevige en brede provinsjale of lanlike presintaasje en makelerskonneksjes. En in proses dat folle langer duorret as fjouwer wiken.

Ferkeapje yn fjouwer wiken is net sa dreech; de reële priis krije yn fjouwer wiken is in oar ferhaal. En foar sa’n ûnreplik goed ‘fan alluere’ is dat ek in yllúzje, nei myn betinken.

Mar hawar, jûn moat de gemeenteried beslute. Ik winskje elts riedslid sterkte en hoopje, hoe’t it ek ôfrinne sil, dat der ienris oare minsken mei nocht wurkje sille. En dat de keaper, de ‘alluere’ heechhâldt.

Jehannes Samplonius, Kollum.