Folgje de taalfeardigens fan bern yn har skoaltiid

‘De tiid dy’t no oan Frysk bestege wurdt, is te min om in taal goed yn ’e macht te krijen’. FOTO ARCHIEF LC

Der moat mear Frysk jûn wurde yn it basis- en fuortset ûnderwiis. Dat is ien fan de wichtigste oanbefellings út it nijste rapport fan it Committee of Experts dat op 23 septimber úkommen is.

It rapport is skreaun nei oanlieding fan de periodike besite fan it Committee oan Fryslân fan ferline jier. Trije leden fan de Committee of Experts hawwe doe mei ferskate minsken yn Fryslân praat oer it neilibjen fan de tasizzings dy’t it Nederlânske regear dien hat mei it ûnderskriuwen en ratifisearjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen, ek wat dy oangeande it ûnderwiis oanbelanget. Mar: it is mei sizzen net altyd te dwaan.

Hoewol’t it Frysk in ferplicht fak is yn it basisûnderwiis, wurdt der neffens it Committee of Experts somtiden mar 45 minuten yn de wike oan bestege. Yn it fuortset ûnderwiis wurdt faak allinnich yn projektwiken omtinken oan it Frysk jûn. De tiid dy’t no oan Frysk bestege wurdt, yn sawol it basisûnderwiis as it fuortset ûnderwiis, is te min om in taal goed yn ’e macht te krijen.

Taalplan Frysk

De provinsje hat mei it Taalplan Frysk de ambysje útsprutsen dat yn 2030 alle skoallen yn it Fryske taalgebiet it Frysk op in heech nivo jaan moatte en dat it Frysk rûnom yn de provinsje brûkt wurdt. Om in taal te praten en skiuwen, moatte jo lykwols ek oer in goede taalfeardigens yn dy taal beskikke kinne.

Dat kin mei goed lesmateriaal, goede learkrêften en genôch lestiid. De kommende jierren sil der hurd oan wurke wurde om oan dy betingsten te foldwaan. Fan jannewaris 2021 ôf sille in soad (ûnderwiis)ynstellings yn de provinsje – Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, RuG en SFBO – yn gearwurking by alle basis-, fuortset en mbû skoallen delkomme, om te ûndersykjen wat it oanbod op it mêd fan de Fryske taal en kultuer ynhâldt en om mei de skoalteams yn petear te gean oer ûnderwiisfernijing op it mêd fan it Frysk.

Dêrby sil der ek romte wêze foar it eksperimint wat ferskate didaktyske wurkwizen en lesmateriaal oanbelanget. Boppedat sil der omtinken wêze foar de evaluaasje fan de opbringsten fan sokke benaderings en sok materiaal.

Taalfeardigens folgje

Om beoardielje te kinnen oft al dy plannen in effekt hawwe sille op it tal Frysksprekkers en -skriuwers, soene jo lykwols net allinnich de ymplemintaasje fan sokke plannen folgje moatte, mar ek de taalfeardigens fan de bern yn it Frysk yn har folsleine skoalkarriêre mjitte moatte. It leafst soene wy sjen dat sawol de taalfeardigens yn it Frysk as dy yn it Nederlânsk – en miskien ek yn oare talen – yn kaart brocht wurdt.

Allinnich dan krije je in goed byld fan it effekt op de langere termyn fan de plannen. Boppedat hinget it súkses fan de plannen ek fan it skoaltype ôf. Plannen kinne bygelyks in hiel oar effekt ha op bern fan in skoalle yn de stêd dêr’t nei ferhâlding minder Frysktalige bern op sitte as op bern op in skoalle yn in folslein Frysktalich doarp. Sa kinne jo evidence-based bewize hokker plannen foar hokker skoaltypen it bêste wurkje.

Jelske Dijkstra, û ndersiker meartaligens Fryske Akademy en Mercator Kennissintrum

Joana Da Silveira Duarte, lektor meartaligens en skriftlik taalfeardigens en universitêr haaddosint by Fryske taal- en letterkunde, RuG