Martsje de Jong, columniste.

Foarlêze

Martsje de Jong, columniste. Foto: Marcel Jurian de Jong

Ofrûne wykein kaam ik op LinkedIn, in sosjaal medium foar saaklike brûkers, in prachtich plaatsje tsjin dat pleatst wie troch Semko Underwiisburo. In grutte knyn sit yn in noflike stoel mei in boek yn ’e hân en stiif tsjin dy grutte knyn oandrukt sit in lyts knyntsje. Skimerlampe op ’e eftergrûn, in smûk en húslik tafrieltsje. ‘There is no app to replace your lap’, stiet derby skreaun. Der is gjin app dy’t de skoat ferfange kin.

Ik reizge fjirtich jier werom yn ’e tiid. Nei de tiid fan myn ierste oantinkens. Ik sit by pake Wiebe op skoat, koesdoekje stiif yn ’e fûst. Pake syn âlde, kromme finger wiist nei in plaatsje yn in boekje. It is in boekje mei plaatsjes fan bisten. As ik dêroan tink, rûk ik noch ús pake en hear syn stim as er syn hân op myn hier leit en ‘grutte faam’ seit.

In pear jier letter, ik gean nei de legere skoalle. Us beppes ha ik noait kend, mar ûnderweis nei en fan skoalle kom ik altyd lâns in hûske dêr’t âldere minsken wenje. Ik beslút dat dy frou myn beppe wurdt. By beppe Ruerdsje, en dus ek pake Oepke, sjit ik gauris troch de efterdoar. Ik krij dan wat drinken en in koekje. Dat koekje komt út in grut blik mei Ot en Sien derop en oer harren fertelt beppe Ruerdsje dan in ferhaaltsje.

Jûns as ik op bêd moat, is der altyd wol in grutte sus, ús heit of ús mem, dy’t my, it neikommerke, foar it sliepengean noch foarlêst. Jip en Janneke fyn ik machtich, de mearkes fan Hans Wonderslag of Frou Holle noch moaier, want dy duorje folle langer. Mar echt feest is it as heit it boek pakt fan Diet Huber, De Teltsjebeam , want dêryn stiet it ferhaal fan Hein Hielgewoan en Durk Docht Sa Mâl. Stiif tsjin heit oan hear ik hoe’t Durk earst de bannen fan syn fyts lekstekt en dan út te fytsen giet. ‘Wat stjonke dy blomkes hearlik,’ raast Durk. It seit genôch dat ik dy ferhalen nea ferjitten bin.

Om’t ik sels altyd sa moai foarlêzen waard, bin ik in lêzer wurden. In boekewjirm. Ik ha ús bern altyd foarlêzen, doch it noch, sels no’t se al grut binne. En ynspirearre troch ferhalefertellers Douwe Kootstra en Mindert Wijnstra silger begûn ik ek ferhalen te fertellen oan grutte minsken. In ferhaal hearre, is opgean yn in oare wrâld. Is meibelibje wat der belibbe wurdt. Is mei de mûle yn it kier en sân pear earen harkje nei wat komt. Djip suchtsje as it ferhaal dien is. Is ûntspanning.

Wat stjonke dy blomkes lekker

Lês foar, minsken. Oan jim bern of bernsbern, oan de learlingen op skoalle, oan heit en mem, oan elkoar. Der binne knoarren prachtige berneboeken mei plaatsjes om oan te wizen. Alde toppers, mar der komme ek hieltyd nijen by dy’t net minder moai binne.

Sâltsje se net ôf mei sa’n lullich ferhaaltsje fan ien minút dy’t tsjintwurdich by it boekfol te krijen binne, mar nim de tiid en genietsje. Der bestiet gjin app dy’t de skoat ferfange kin!

Wurd lid fan ’e byblioteek, of noch moaier, gean nei in boekwinkel. Foar de priis fan ien sa’n iPad of tablet kinne jo in knappe tas fol boeken keapje. Dy hoege je ek net op te laden.

martsjedejong@gmail.com

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct