Europeesk boargerinisjatyf foar mear omtinken foar taalminderheden

‘De EU kin wol deeglik rekken hâlde mei de belangen fan lytse talen’. FOTO ARCHIEF LC/HOGE NOORDEN

Hjoed wurdt yn it Europeesk Parlemint it Europeesk boargerinisjatyf Minority SafePack Initiative behannele. It inisjatyf hat as haaddoel om sjen te litten dat lytse talen en taalminderheden der ek ta dogge yn de EU en om derfoar te soargjen dat de Europeeske ynstellingen rekken hâlde mei it taalferskaat yn Europa.

It Minority SafePack Initiative is yn it earste plak ûntstien yn de rûnten fan de Europeeske taalminderheden-organisaasje Federal Union of European Nationalities (FUEN). Dêrnei hat it rûnom yn Europa stipe krigen fan sprekkers fan lytse talen as it Frysk, taalminderheden en sympatisanten.

Hoewol’t yn de EU-ferdraggen moaie wurden stean oer it earbiedigjen fan it rike ferskaat fan talen en kultueren yn de EU, wie dêr yn de praktyk net in soad each foar. Dernei frege, wie it typyske antwurd fan de Europeeske Kommisje meastal dat de EU gjin foech hat op it mêd fan lytse talen en dat it oan de lidsteaten is om de fûnemintele rjochten fan de taalminderheden op har grûngebiet te beskermjen.

Wy wiene derfan oertsjûge dat dy opfetting net kloppet. Ommers hat de Europeeske Uny en syn belied in hiele grutte ynfloed op ús deistige libben. En dêrom – fûnen wy – moat de EU rekken hâlde mei lytse talen, want oars stelle dy moaie wurden yn it ferdrach neat foar.

Lees ook | Gedoe rond indiening Minority SafePack

EU kin wol deeglik rekken hâlde mei de belangen

Yn 2013 fregen wy de Europeeske Kommisje om registraasje fan ús boargerinisjatyf Minority SafePack Initiative; in pakket oan foarstellen om yn it belied fan de EU mear omtinken foar lytse talen en taalminderheden te krijen. Nei registraasje woene wy begjinne mei it sammeljen fan hantekens. Mar de Europeeske Kommisje wegere, alwer omdat se fûn dat de EU gjin foech hie en belied oer lytse talen oan de lidsteaten oerlitten wurde moast. Yn in petear mei eurokommissaris Frans Timmermans ein 2014 waard ús dat ek nochris dúdlik sein.

Dêr wiene wy it net mei iens. It duorre hast fjouwer jier, mar doe joech de Europeeske rjochter ús yn 2017 gelyk: de EU mei gjin selsstannich foech op it mêd fan taalminderheden hawwe, mar kin wol deeglik rekken hâlde mei de belangen fan lytse talen. Wy koene begjinne mei ús aksje om mear as in miljoen hantekens te sammeljen.

Lees ook | Miljoen handtekeningen bescherming talen gehaald

Dat slagge. Mear as 3000 Friezen en yn totaal mear as 1,3 miljoen minsken yn de hiele EU hawwe ús boargerinisjatyf stipe. Wy hawwe dêrnei wachte op it momint dat nei de ferkiezingen fan 2019 in nij Europeesk Parlemint en in nije Europeeske Kommisje fol frisse enerzjy oan de slach gien binne. Yn febrewaris hawwe wy in petear hân mei de Europeeske Kommisje. De Eurokommissarissen Mariya Gabriel en Věra Jourová harken oandachtich en sille ynkoarten noch mei in reaksje op it Minority SafePack Initiative komme.

Behanneling yn parlemint

De behanneling hat de foarm fan in harksit dêr’t sân fêste parlemintskommisjes, de Europeeske Kommisje, de Ried fan Ministers, it Komitee fan de Regio’s, it Ekonomysk en Sosjaal Komitee, it EU-Grûnrjochtenagintskip en de Ried fan Europa oan dielnimme sille. As inisjatyfnimmers meie wy ús foarstel ferdigenje.

De harksit yn it Europeeske Parlemint hie eins yn maart al wêze moatten, mar is troch de koroanakrisis útsteld. De harksit wurdt live útstjoerd. Wy binne benijd nei it debat oer ús foarstellen en binne der wis fan dat ús inisjatyf ta mear omtinken foar lytse talen en taalminderheden yn it belied fan de Europeeske Uny liede sil.

Frank de Boer út Ljouwert wurke oant twa jier lyn foar de Federal Union of European Nationalities en is fan de begjin ôf belutsen by it boargerinisjatyf Minority SafePack Initiative.