Pieter de Groot.

Dwers | What’s in a name

Pieter de Groot. FOTO LC

Sûnt 1 jannewaris 1997 hjit ús provinsje offisjeel Fryslân yn stee fan Friesland. Dat wie en is noch altyd wennen. It beslút betsjutte foar oerheidstsjinsten de plicht yn har korrespondinsje tenei de namme ‘Fryslân’ te brûken. Dat foel lang net altyd ta, yn 2004 beloofde it ministearje fan ynlânske saken betterkip en soe it derfoar soargje dat it wol konsekwint barde. In freonlike hânrikking.

Der wiene destiids alve steateleden tsjin it nammebeslút, de VVD foarop, har foarman Arjen van der Meer foarseach grutte problemen, benammen by it bedriuwslibben, dat him oanpasse moast.

Dat is efternei o sa tafallen, temear om’t it oaren as de oerheid fansels frij stie hokker namme oft se brûke woene, de Fryske of de Hollânske. Dat jildt dus ek foar de media. It seit himsels dat jo yn Fryske stikken de Fryske namme brûke, mar wêrom’t dat yn in Hollânske tekst ek moatte soe, dêr is lang net elk fan oertsjûge. Krekt oarsom: as der foar bûtenlânske geografyske nammen goede Hollânske alternativen binne, dan krije dy dochs ek de foarkar? Keulen foar Köln, Parijs foar Paris, Noorwegen foar Norge, Spanje foar España. Likegoed woene gâns Fryske presizen der net oan, se woene hawwe, de krante moat har konformearje oan it provinsjaal beslút. Ta har spyt, watsei lulkens, kamen se by haadredakteur Rimmer Mulder foar de winige doar. Yn 2007 kaam fan him it boek Mijn Friesland út mei yn it foaropwurd syn stânpunt: ‘Het kenmerk van meertaligheid is dat landen, steden en provincies in verschillende talen verschillende namen kunnen hebben. De keuze om Friesland in de titel en de inhoud te gebruiken is dus een principiële keuze voor tweetaligheid.’

Dat de diskusje út en troch wer oplôget, liezen wy sneon yn de rubryk Achter de kolommen fan de notiidske haadredakteur Sander Warmerdam. De krante brûkt beide mar makket ûnderskied: as it oer de bestjoerlike ienheid giet, skriuwe wy Fryslân , sa gau’t de provinsje as geografyske ienheid bedoeld wurdt, ha wy it oer Friesland . In hânsume regel foar in sjoernalistyk stylboek, mar oft de Topografyske Wurkgroep fan de Fryske Beweging dêrmei libje kin, is de fraach. Grif hawwe Cor Jousma en Bertus Postma de pinne al wer opkrigen.

Ik tocht oan Willy Kuijpers, dizze moanne ferstoarn, 83 jier âld. As Flaamske Europarlemintariër hat er him mei sukses ynset foar de lykberjochtiging fan de minderheidstalen yn de Europeeske Uny. Yn 1987 naam it Europeesk Parlemint syn resolúsje oan, dy’t de Europeeske Kommisje opdroech om der wurk fan te meitsjen en sa kaam mei Europeesk jild it ynternasjonale Mercator Network fan ’e grûn mei trije spesjalismen: ûnderwiis, media en wetjouwing. De Fryske Akademy krige it ûnderwiis ûnder har flerken.

Begjin fan dat jier hâlden de politisy fan de minderheden, dy’t fertsjinwurdige wiene yn de Europeeske Frije Alliânsje, har kongres yn Sealen Schaaf te Ljouwert. Kuijpers, dy’t mei de trein út Brussel kommen wie, stuts fanwegen yn dat smeudige Flaamsk fan him: ,,Het is het laatste restje kolonialisme om Brussel Bruxelles, Gent Gand en Antwerpen Anvers te noemen. Welnu, het is ook Ljouwert en ik heb in de trein naar hier dan ook de weg naar Ljouwert gevraagd. Toen was er zo’n malle Hollander, die mij zei: Het is eigenlijk Leeuwarden. Ik heb toen gezegd: U zijt verkeerd meneer, het is Ljouwert. Leeuwarden is maar een vertaling.’’ Dy striid hat de Topografyske Wurkgroep ek noch altyd net wûn.

pieterjan.de.groot@planet.nl

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct