It wie altyd ôfwachtsjen wannear’t der wer in nij nûmer fan It Beaken yn ’e bus foel, oft dat in inkeld of in dûbelnûmer wie, en ja, gauris wie it nije jier al wer begûn, dan moast de âlde jiergong noch ôfbreide wurde.

Mar dat mocht allegear hinne bruie: It Beaken wie by eintsjebeslút it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy. Wittenskip is no ienris net oan de aktualiteit bûn en oan hastige stikjes dy’t op ’e deadline skreaun wurde, dêr dogge wittenskippers net oan. Mar direkteur-bestjoerder ad interim Willem Smink hie no wol sa’n stikje skreaun. It koe net mear yn it nûmer, dat al parseree wie, en is der as ynlisfel ynstutsen. Dêryn seit er de omendeby 900 lêzers oan dat it it lêste nûmer is. ,,It sil jimme grif net ûntgien wêze dat de Fryske Akademy de beakens oan it fersetten is’’, begjint Smink syn brief. Mei dy byldspraak hopet er de besoarge Akademymienskip gerêst te stellen. De Akademy moat ‘oan it fernijen’ en ‘mei de ekstra stipe fan de provinsje yn ’e rêch’ moat ‘gearwurking’ socht wurde mei ‘besibbe ynstellings’ en ‘yn dat ramt hawwe wy besletten om ús tydskrift It Beaken fusearje te litten mei Us Wurk, it tydskrift foar frisistyk fan it Frysk Ynstitút RU Grins’.

Dat is de omkearde wrâld. Us Wurk, oprjochte yn 1952, waard yn de jierren ’80 ôfstjitten troch de Ryksuniversiteit en rêden troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút. It hat op ’t heden krapoan oardelhûndert yn de frisistyk ynteressearre lêzers. Tenei moat dat dus ûnderdak biede oan it grut ferskaat oan wittenskiplike bydragen fan de Akademy, dy’t net allinne oer Fryske taalkunde gean, mar ek oer oare dissiplines lykas taalsosjology en skiednis en, as it meiwierret, literatuer. Mei dy bydragen bea It Beaken de lêzers in trochsneed fan it wurk dêr’t de akademisy, arrivés en promovendi, har mei dwaande hâlde.

Akademyblêd It Beaken nei 81 jier tragysk ûnder

Yn 1938, tagelyk mei de oprjochting, ferskynde it earste nûmer dat doe ek in meidielingsblêd wie (letter yn Ut ’e Smidte apart ferskynd). Oant yn de jierren 1980 koene sawol de meiwurkers as de troch de Akademy koestere sneupers har aai yn it blêd kwyt, geregeld noch yn de memmetaal. Sûnt naam it wittenskiplike prestiizje stadichoan ta en moast it Frysk it as wittenskipstaal wat langer wat mear ôflizze tsjin it Nederlânsk en it Ingelsk. Dat wie yndertiid immen as dokumintalist Bauke van der Veen (1930-2016) min nei ’t sin, mar ûnûntkomber foar wa’t ‘excellent’ wat yn de ynternasjonale molke te krommeljen hawwe wol.

Aldergeloks steane der yn wat no it ôfskiedsnûmer wurden is, wer in pear nijsgjirrige Fryske stikken. Abe de Vries ferdjippet him as gastûndersiker yn it oeuvre fan de fierhinne ferjitten njoggentjinde-iuwske skriuwer Wopke Jakobs de Jong. Beart Oosterhaven beslút it nûmer mei in besprek fan Lytse bal, grut spul, ‘in gewoan hartstikke goed boek’ fan keatshistoarikus en frisist Pieter Breuker.

It is letterlik Beart syn slotakkoart: hy wie redaksjesekretaris en einredakteur, oant er yn maart fan dit jier nei mear as 38 tsjinstjierren tagelyk mei in tal kollega’s dien krige yn it ramt fan de ‘fernijing’, dêr’t Smink oer rept. Dy tragyk efter de ‘fúzje’ swijt er wyslik oer en ferklearret ek wêrom’t in eksellinte opfolger as direkteur-bestjoerder him/har noch net oantsjinne hat. ‘Gearwurking sykje mei besibbe ynstellings’ betsjut yn dit gefal net minder as jins kop yn ’e strop stekke. It holdersnêst útkjimme en ûnderdûke yn de University Campus Fryslân liket de iennichste rêding.

pieterjan.de.groot@planet.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Opinie
Column
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct