Dwers | In goeie jonge

Pieter de Groot. FOTO LC

Dit earste stikje nei it simmerskoft hie gean sillen oer de oprop fan it Feitsma Fûns om de petysje oan deputearre steaten te ûndertekenjen.

It boadskip: stel as rêder fan de Fryske Akademy gjin topwittenskipper út it bûtenlân oan, mar sykje it tichter by hûs. Mear as fan sa’n heechfleander is der ferlet fan immen dy’t each hat foar it plak fan de Akademy midden yn de Fryske mienskip. Mar doe ferstoar ferline wike Sybren Sybrandy, 77 jier is er wurden, en moat it oer him gean, en net sûnder reden.

Ik haw altyd in grutte achting hân foar Sybren – hy studearre klassike talen mei as byfakken Frysk en skiednis oan de Vrije Universiteit, mar wie al jong tige belutsen by al dat Fryslân beweegde, kultureel, literêr, polityk. As redakteur fan Fryslân Oerein!, yndertiid it blêd fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, skreau er dêroer mei kennis fan saken, en gauris subtile humor, artikels en resinsjes. Nei syn ôfstudearjen kaam er yn 1969 op oantrún fan VU-heechlearaar Frysk Tony Feitsma nei Ljouwert as wittenskiplik meiwurker foar klassike talen op de Buma Biblioteek en foar Fryske literatuer op de Provinsjale Biblioteek (PB).

As scribent fûn er tenei ûnderdak by De Stiennen Man, doe it orgaan fan de Ried fan de Fryske Beweging, dat bekend stie as o sa kritysk, mei troch de bydragen fan redaksjelid Tony Feitsma. Begjin jierren santich waard er keazen as foarsitter fan de Ried, dy’t neffens him modernisearje moast. In drege missy. Hy pleite foar in mei provinsjaal jild betelle ombudsman (dy’t der letter ek foar in jiermannich kaam yn de persoan fan ‘riedsman’ Germ Wartena).

‘Dat is de ivige ellinde by Friezen’

Nei fiif jier op ’e PB promovearre Sybren nei de Universiteitsbiblioteek yn Grins, dêr’t er haad fan de katalogisearôfdieling waard. Dêr koe er moai waarm rinne foar wêr’t er op hope hie: syn eardere baas Sjoerd Douma by de PB opfolgje. Mar doe’t Douma yn 1978 mei pensjoen gong, setten deputearre steaten him op nûmer twa. Jacques van Gent, dy’t in soartgelikense funksje hie oan de Universiteitsbiblioteek yn Nijmegen, krige de foarkar. Fan gâns kanten is by de steateleden wakker lobbyd om it om te draaien, mar omdôch: de mearderheid keas foar de ûnbekende Van Gent. ‘Dat is de ivige ellinde by Friezen’, skreau haadredakteur Jacob Noordmans yn in haadartikel yn dizze krante, ‘hja keapje leaver in frjemde kat yn ’e sek as in bekende kat fan it eigen tek’. (Lês noch even it begjin fan dit stikje, as it heal kin ek de deputearren en steateleden).

Hawar, Sybren hat nea rankuneus west en bleau wêr mooglik foar it Frysk en syn literatuer yn ’t spier: as bestjoerslid (û.o. fan de Koperative Utjowerij), as sjuerylid (foar mear as ien Gysbert Japicxpriis), as redaksjelid fan it literêre tydskrift Trotwaer, dat er yn 1983 mei út de lytse loege holp en yn rêstiger farwetter brocht, en nei syn pensjoen noch in rige jierren as frijwilliger by Tresoar.

Wittenskiplik hat er út soarte syn oanpart wol levere mei boeken en artikels dy’t faak de neolatynske kultuer yn Fryslân ta ûnderwerp hiene (alles om de Frjentsjerter Akademy hinne). Fierder docht it jin ek gjin nij dat er as grifformearde dûmnyssoan sines bydroegen hat oan de fúzje mei de herfoarmen, want Sybren Sybrandy wie in man fan ferbining - harmoanysk, lykwichtich en boppe-al beskieden. Sa’t it yn it rouberjocht stie: ‘Hy wie in goeie jonge’.

pieterjan.de.groot@planet.nl