Pieter de Groot.

Dwers | Ekonomysk nut

Pieter de Groot. FOTO LC

Der is mar in hantsjefol Friezen dat de kost mei it Frysk fertsjinnet. Se steane meast op de leanlist fan de bekende ynstituten, dy’t troch de oerheid subsidiearre wurde. Yn de ‘frije sektor’ is der gjin eare oan te beheljen.

By Tryater, Omrop Fryslân en de parse is it ek in pree as jo Frysk kenne, by de Omrop is it foar ferslachjouwers en presintatoaren sels in funksje-eask. Trouwens, ik soe de saneamde beropsfriezen dy’t it privee op in akkoartsje goaie en yn ’e hushâlding it Hollânsk foar kar nimme, net graach op ’e kost ha wolle. Dat is net te beteljen.

De wiere Bewegingsfries hat it dan oer sloppe knibbels. Mar it is no ienkear net te ûntstriden: it Frysk is yn Fryslân allang in minderheidstaal, dy’t mei keunst en fleanwurk en fiersten te min jild yn libben hâlden wurdt. Yn ’t foarste plak aldergeloks troch noch altyd in moai tal skriuwers en dichters foar wa’t it skriuwen in hobby is en dy’t har der al lang by dellein hawwe dat se der net ryk fan wurde. It Skriuwersboun komt foar har rjochten op, mar is as belangebehertigingsorganisaasje oanwiisd op frijwilligers en wurdt troch de provinsje alle jierren wer ôfskeept mei in foai. Skriuwers binne yndividualisten en komme net yn ferset. Wa’t tûk is, kriget by de provinsje of it ryk in pear sinten los foar in opdracht, en wa’t noch tûker is, skriuwt ek yn it Hollânsk en kin skraachwurk in minimumlean by elkoar garje.

Mar in inkeling bejout him yn it kamp fan de Fryske beweging dy’t de striid foar lykberjochtiging, foar de wet allang wûn mar yn ’e praktyk hyn noch te nei net, fiert as in guerrilla sûnder wapens. De swierrichheid is dat it gros fan de Friezen dy striid net stipet. Sa’t it no giet mei har taal, is harren bêst genôch. Sjoch hoe’t de provinsje en benammen deputearre Poepjes har derfoar ynset. Op ’e sosjale media wint it Frysk hieltyd mear terrein, benammen ûnder de jongerein en no ek al by it Wetterskip. En wat wiene de kening en de keninginne net ûnder de yndruk fan Fryske les! Hoera, hoera, hoera!

Sûnder ‘spikers’ hâldt it Frysk syn jan-poepsplak

Dy jûchheistimming benimt it sicht op de wurklikheid, want nettsjinsteande alle optimistyske lûden, it sukses fan de trijetalige skoallen en de rop dy’t fan meartaligens giet, hâldt it Frysk yn it ûnderwiis fan leech oant heech noch hieltyd syn jan-poepsplak. Dat stiet ek yn it brief dat de Ried fan Europa dizze wike oan it kabinet stjoerd hat en dat foar de safolste kear fêststelt dat Nederlân út noch yn net foldocht oan de kritearia fan it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen. De Ried draacht it kabinet op it ûnderwiis op alle nivo’s te fersterkjen.

Rutte-en-dy sille der net wekker fan lizze likemin as alle foarige kabinetten dy’t fan de Ried in draai om ’e earen krigen hawwe. Poepjes sil sizze dat de provinsje in moai ein op streek is mei dy fersterking. Dat stiet ommers yn de Bestjoersôfspraak. Mar ear’t jo der erch yn ha, binne wy tsien jier fierder en hat se allang in opfolger krigen dy’t fan it ferline gjin kwea wit. ,,Ik heb bij de provincie gewerkt en daar moest je 25 procent in het Fries schrijven. Dat is een crime, kan ik u melden’’, sei Henk Mulder fan it Wetterskip dizze wike (LC 22-9). Oftewol: salang’t it gjin ekonomysk nut hat, is it fergese muoite.

pieterjan.de.groot@planet.nl

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct