Pieter de Groot.

Dwers | Alde knarren

Pieter de Groot. FOTO LC

Soe it no’t de wrâld ta stilstân kommen is, dan dochs noch heve kinne? Trije âlde linkse idealisten út Ljouwert putte hoop út de djippe bûsen fan minister Hoekstra (‘Maak Leeuwarden schuldenvrij’, LC 19-10).

As it regear safolle organisaasjes, bedriuwen en boargers stypje kin sûnder der wat foar werom te freegjen, dan moat it dochs ek mooglik wêze en skink de minsken dy’t oant kop en earen yn ’e skulden sitte, dy skulden? Lit se wer mei in skjin laai begjinne. It linkse triumfiraat beropt him op de ekonome Barbara Baarsma dy’t útrekkene hat dat it jierliks oant 17 miljard euro kostet om 3 miljard oan útsteande skulden yn te barren. It duorret noch fiif à seis jier ear’t fan dy 3 miljard 300 miljoen echt binnenkomt.

Ja, dy miljarden kinne tenei dus better brûkt wurde om de minsken te begelieden fóár’t se har yn ’e skulden stekke. It liket my in goed plan, mar it sil my nij dwaan oft de hjoeddeistige politisy sa’n proef oandoare. De praktyk leart nammers dat in nije generaasje har mar in bytsje gelegen lit oan de âlde knarren, foaral yn linkse rûnten. Gelokkich is it âlde fjoer noch net dôve, godtank.

In oare âlde knar dy’t mei in idee komt dat te goed om wei is, mar net populêr, is Pier Bergsma, op it heden foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, mar skriuwend foar eigen rekken yn it deiblêd Trouw (13-10). Hy is de pandemy foarby en rjochtet him op de ûnbidich grutte konsekwinsjes fan de klimaatferoaring: ‘We hebben de recente film van David Attenborough niet nodig om te weten hoe de zaken erbij staan: beroerd en het wordt steeds erger’. Pier hat syn bekomst fan al dy miljeu-aktivisten dy’t it sa goed witte en hat de ynspanningen dy’t it kabinet fan elk fan ús ferwachtet, op in pypfol. Wat nammers is der dien mei it steatsrapport ‘Bevolking en welzijn in Nederland’ út 1977 (!), in jier letter folge troch in publyksferzje ‘Minder mensen, meer welzijn?’ , freget er him ôf. It lân stevene doe ôf op 14 miljoen ynwenners, mear soe echt net lije kinne neffens it rapport, dat út woe op in ynternasjonale beheining fan de befolkingsgroei. Mar sjoch no ris: wy libje mei mear as 17 miljoen minsken yn in oerbefolke lân mei grôtfolle wegen en te min wenten. It helpt echt net mear as in yndividuele boarger gjin bern nimt of in krop slaad sûnder plestik mei nei hûs nimt, skriuwt Bergsma. Wat ús lân oanbelanget, sljochtet er fuort mar in grut taboe: al noch bernetaslach foar it earste bern, mar gjin talage mear foar it twadde en fan it tredde bern ôf in oprinnende miljeubelesting heffe.

Pier Bergsma hat bekomst fan al dy miljeu-aktivisten

Hy krige fuort stipe fan Trouwkollumnist Sylvain Ephimenco: ,,Demografie is het lijk in de kast van de milieubeweging.’’ Op de Klimaatkonferinsje fan 2015 yn Parys is der net oer praat, de Sweedske klimaataktiviste Greta Tunberg hat it net beneamd likemin as de Jonge Klimaatbeweging. ,,Wel wordt een inventief en bijna idyllisch beeld geschetst van een duurzaam Nederland in 2050, als het gaat om bouwen, werk of voedsel, wat prima is, maar niet hoe dit gerealiseerd wordt als over dertig jaar 4,5 miljoen extra inwoners (hoge prognose CBS) onze Postzegel aan Zee gaan verrijken.’’ It sil my benije wa’t fierder hapt op Bergsma’s oprop. Faaks kriget it noch in Frysk sturtsje.

pieterjan.de.groot@planet.nl

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct