De iene komplotteory is de oare net

‘len fan ‘e bekendste foarbylden fan in komplot dat útkaam, is it Watergate-skandaal. Uteinlik moast president Nixon ôftrede.’ FOTO CHICK HARRITY

Komplotteoryen wurde op ien bulte smiten as soe it allegear ientûtmem wêze. Mar dat is te koart troch de bocht.

We wurde de lêste tiid bombardearre mei komplotteoryen en mieningen oer komplotteoryen. Willem Engel fan Viruswaarheid, foarhinne Viruswaanzin, hellet mei de oertsjûging dat it firus in komplot is op Google no al sa’n 27.000 treffers. De beweging QAnon, dy’t ferwiist nei satanisme en ritueel misbrûk fan bern en tinkt dat de elite yn Amearika belutsen is by in komplot tsjin Trump, hat 17 miljoen treffers. En in miljoen Nederlanners hawwe it blêd Gezond Verstand yn’e bus krigen (ik net), dêr’t komplotteoryen op allegear mêd oan ’e oarder komme.

De reaksjes op komplotteoryen binne hast altiten negatyf: se binne net allinnich ûnwier, mar ek bespotlik en dejingen dy’t se oanhingje allyksa. De suggestje fan minister Ollongren om Gezond Verstand yn ’e boekwinkels njonken de Fabeltjeskrant te lizzen, seit genôch. En ek by Zondag met Lubach fan ôfrûne 18 oktober, dy’t hielendal oer komplotteoryen gong, waard dúdlik makke dat komplottinkers net hielendal wiis binne.

Neutrale term

Mar sa wurdt der foarbygong oan de ferskillen tusken komplotteoryen. Komplotteoryen wurde op ien bulte smiten as soe it allegear ientûtmem wêze, der wurdt stelselmjittich fan ‘komplotteoryen’ praat, yn syn algemienens, sûnder sels mar te neamen wêr’t se oer geane.

Mar dat is te koart troch de bocht, dat is like ûnsinnich as beweare dat alle telefyzjeprogramma’s ûnsin binne, of alle krante-artikels. Dat kinne je sa net stelle. Der moat earst sjoen wurde nei wat der beweard wurdt en wêr’t men him op basearret, nei hoe betrouber de boarnen binne dy’t men brûkt. De arguminten moatte earst woegen wurde, foardat steld wurde kin dat se ûnsin binne, of dat der faaks wol wat yn sit, of dat se eins wol oertsjûgjend binne.

De term komplotteory wurdt as in ûngeunstige kwalifikaasje brûkt, mar is yn wêzen in neutrale term. In teory is ommers in gehiel fan tinkbylden, hypotezes en ferklearrings en der binne komplotten dy’t wol deeglik wier blike te wêzen. It is dan ek ûnsinnich om yn it foar al te konkludearjen dat in teory ûnsin is omdat dy fan in komplot útgiet? De iene blykt net wier of sels ûnsinnich te wêzen, de oare blykt wol wier.

No is it net it doel fan dit stik om bygelyks QAnon, Viruswaarheid of flat earthers serieus te nimmen, mar wol om oan te toanen dat harren útmeitsje foar komplottinkers, net foldocht. Om har teoryen te bestriden, sil oantoand wurde moatte dat se ûnhâldber binne.

Kritische denkers

Jaron Harambam, in sosjolooch dy’t wiidweidich ûndersyk dien hat nei komplotteoryen, seit dat oanhingers fan komplotteoryen foar it grutste part net gek binne: ,,Er zitten een hoop gezond denkende mensen tussen. Volgens henzelf zijn zij juist kritische denkers die niet met de massa meegaan.’’

En: ,,Het idee dat er complotten zijn in de wereld, is ook helemaal niet onaannemelijk. In het verleden zijn [sic] een aantal complottheorieën zelfs waar gebleken.’’ Ien fan ’e bekendste foarbylden fan in komplot dat útkaam en dus wier blykte te wêzen, is it Watergate-skandaal. Yn ’e kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1972 ha Republikeinen troch yn te brekken by de Demokraten besocht, mei sukses, de ferkiezings te beynfloedzjen. Uteinlik, doe’t dúdlik waard dat de presidint hjir net allinnich fan witten hie mar der sels de opdracht ta jûn hie, moast Nixon ôftrede.

It effekt fan dy negative reaksjes, dêr’t gjin ûnderskie makke wurdt tusken de iene of de oare komplotteory, betsjut dat sawol de komplottinker as syn of har teory ôfserveard wurdt, sûnder dat dejinge dy’t der net yn leaut noch hoecht te beärgumintearjen wêrom’t dat sa is. Dy hoecht him net te ferdigenjen, dy hoecht net iens mear nei te tinken. It stiet ommers yn it foar al fêst dat dy it gelyk oan syn kant hat.

Der wurdt sein dat komplottinkers in gefaar foar de maatskippij binne. Mar neffens my is de gemaksuchtige, tinkluie hâlding om yn it foar al te witten dat wat sy tinke dochs allegear ûnsin is folle gefaarliker. Want hoe, wannear’t der wol echt sprake is fan in komplot, kinne we dêr achterkomme as we net iens ree binne dy mooglikheid iepen te hâlden en te ûndersykjen?

Hilda Schram is in pensjonearre spesjalist wittenskiplike ynformaasje foar psychology op de universiteitsbiblioteek fan Grins. Se wennet yn Ljouwert.