De earste topfuotballer fan Nederlân

Abe Lenstra. De voornaam van het Friese voetbalicoon is streekeigen voor het gebied rond Heerenveen.

Yn de krante fan 13 oktober komt in ûndersyk oan’e oarder dat Nino Wilkes dien hat nei syn pake, de fuotballer Faas Wilkes. In botte objektive yndruk makket dit ûndersyk net op my, mar wol in tige sjauvinistyske.

Neffens Nino Wilkes wie syn pake de earste Nederlânske fuotbalstjer en in foarbyld foar lettere generaasjes topfuotballers as bygelyks Cruyff. Hy mei dit fansels fine, it is op it lêst syn pake, mar ik hie fan de Ljouwerter Krante ferwachte dat se Nino syn miening net sa kritykleas oernimme soene. Want wy hjir yn Fryslân witte wol wa’t echt de earste topfuotballer fan Nederlân wie: Abe Lenstra!

Wylst Faas Wilkes bêst in goede fuotballer wie, mist hy de mytyske útstrieling fan Abe. Us Abe, dy’t krekt dit jier 100 jier lyn berne is, is in fuotballeginde wurden oer wa’t tal fan ferhalen en sêgen ûntstien binne. Hy is neffens Wikipedy dan ek ien fan de meast ferneamde Friezen en opnommen yn de Kanon fan de Fryske Skiednis. Faas Wilkes kin dêr net oan tippe. It is dan ek gjin wûnder dat yn It Hearrenfean, it plak dêr’t Abe mei Fuotbalferiening It Hearrenfean syn grutste triomfen fierde, in stadion nei him neamd is.

Yn 1951 waard Abe útroppen ta de earste Nederlânske Sportman fan it jier. Wilkes wie mear in handige sakeman dy’t syn fuotbalkarriêre brûkte om fortún te meitsjen by rike bûtenlânske klups as Inter Milaan. Wa’t mear oer ús Fryske ikoan witte wol, ried ik oan de útstalling ‘100 jaar Abe’ yn Museum Heerenveen te besykjen.

Jehannes Elzinga. Frjentsjer