Fedde Dijkstra.

Column Fedde: Suertsje

Fedde Dijkstra. FOTO MARCEL JURIAN DE JONG

Se is net hikke, mar wol tein yn Ljouwert. Fielt skriuwster Annejet van der Zijl har Frysk? ‘Nooit’, jout se as antwurd yn de Volkskrant (3 maart), dêr’t se fertelt oer in nij boek.

Se kaam as famke fan 7 jier nei Ljouwert, de famylje wenne oan de Emmakade neffens my, foar ús idee op stân. Har heit wie dosint, ik ha noch les fan him hân. Ierdrykskunde. In alderaardichste keardel, in bytsje ôfwêzich bytiden mar dat kaam ús wol goed út. Geregeld namen wy in kranteknipsel mei, leafst oer lânskip of miljeu, en dan prate er samar in hiele les foar it faderlân wei, lekker bûten de lesstof om. En och, hoefolle ynspiraasje kinne je oerbringe op in ploech springerige keallen?

Dochter Annejet fertelt dat se as famke op de legere skoalle dea-ûngelokkich wie. Se neamt it in folksskoalle. Har âlden wiene ‘intellectuelen’. ,,De kinderen op die school praatten Luwadders, het Friese dialect dat in Leeuwarden wordt gesproken. Ik sprak geen Fries en tot vandaag heb ik een grondige hekel aan Luwadders. Kinderen die hun best deden op school werden suurtsje genoemd, dat spraken ze dan uit in hun accent.’’

It famke út Noard-Hollân waard skoudere en pleage. Se hie in bril op, se wie bleu, se prate oars – fansels wie se in ‘suertsje’. Dat proses wie hjir net oars as op oare skoallen oeral yn de wrâld: bern dy’t der oars útsjogge, dy’t in ûnwisse yndruk meitsje, dy’t oars prate, dy’t op wat foar wize ek ôfwike fan it gemiddelde fan it skoalplein (boersk tusken kakfolk, of ‘bekakt’ tusken arbeiders) dy binne it bokje. Dat hat nea oars west. Pestprotokollen moasten doe noch útfûn wurde.

Fan de weromstuit krûpte Annejet mei in boek yn in hoekje. It is in ramp om pleage te wurden, mar lit ús sizze dat de pestkoppen ûnbedoeld bydroegen hawwe oan de skriuwerskarriêre fan Annejet. Gelokkich kaam it op it gymnasium yn Ljouwert noch goed mei it famke, der waard Hollânsk praat, de jonges seagen har stean en sa gie it blomke dochs iepen. Gelokkich foar elkenien.

Har pake fan memme kant wie yndertiid fan Fryslân nei Amsterdam tôge, foar wurk. Hy fûn as ‘gastarbeider’ wurk en learde Hollânsk. Mar beppe siet thús ,,en sprak alleen Fries, die kon met niemand praten’’. It gefoel fan ôfsûndering sit dus djipper yn de famylje en je kinne begripe dat de skriuwster en histoarika foaral de eagen nei bûten rjochte hat.

It is wol ferrekte spitich dat se der sa’n hekel oan it Ljouwerters oan oerhâlden hat en dat se nea in bek op it Frysk sette wollen hat. Se sil dochs ek begripe dat it net oangiet talen, grut of lyts, de skuld te jaan fan de breklike omgong tusken minsken, grut of lyts. En dat it in hiel ferskil meitsje kind hie, as de bern fan doe op skoalle net allinne respekt foar it Hollânsk bybrocht wie – de taal fan Annejet – mar ek respekt foar en behearsking fan har eigen taal – dat Luwadders en Frysk dêr’t Annejet sa it mier oan hie.

Wiene ek dy talen, hjir folop yn gebrûk, de bern lykmjittich en mei likefolle iver en fatsoen bybrocht, dan hie net ien him wat dat oangiet minder fiele hoegd as in oar. Dat in soad fan de pestkoppen op dy folksskoalle yn har lettere libben muoite hân ha mei selsrespekt en dat se sels ek it mier krigen oan har eigen taal, dy’t ommers it oanlearen fan dy oare, ekonomysk folle swierder weagjende taal no allinne mar yn it paad siet, dát hiene mear gelearde minsken mei foech oer it ûnderwiis faaks ris betinke kind. Annejet hie likegoed har boeken wol skreaun. It Frysk en it Ljouwerters binne foargoed it suertsje bleaun: it suertsje by de boadskippen.

fedde.dijkstra@lc.nl

home
net-binnen
menu