Drukte op de terrassen in het centrum van Sneek.

Alles behalve stil en leeg in Sneek tijdens 'de week' (maar houd je wel aan de regels, zegt de burgemeester)

Drukte op de terrassen in het centrum van Sneek. FOTO NIELS DE VRIES

Hoewel de Sneekweek op het water en in de stad niet doorgaat, is het allesbehalve stil en leeg in het centrum van de Waterpoortstad. Burgemeester Jannewietske de Vries van Súdwest-Fryslân ziet een ,,gesellige drokte’’ die beheersbaar is.

De zomerkermis is opgebouwd, de tekstkarren staan klaar, de hekken zijn gezet. Sneek maakt zich op voor de drukste week van het jaar. Een week die normaal de Sneekweek zou heten, maar dit jaar absoluut niet die naam mag dragen. De reden is eenvoudig: ,,Der is dit jier gjin Snitswike’’, zegt burgemeester Jannewietske de Vries. ,,En dat fielt frjemd, ûnwennich, mar it is sa. We hawwe dit jier gjin silerij op it wetter en ek gjin grutte en lytse eveneminten yn it sintrum. It is in oare simmer as oars.’’

Dat neemt niet weg dat voor heel veel Snekers de week van het jaar begint. Je voelt dat inwoners van de stad toeleven naar de hun geliefde stapavonden.

,,En dy sille dit jier oars ferrinne. Minsken binne fan herte wolkom yn de stêd en de rest fan de gemeente, op de bekende betingsten: hâld oardel meter ôfstân, bliuw thús as je net fit binne en mij de drokte. Is it te drok op in plak yn ’e stêd? Rin in blokje om, sykje in oar plak.’’

Het is vakantie, er wordt mooi weer voorspeld. Het zal drukker in de stad zijn dan normaal. Hoe zorgt de gemeente ervoor dat Sneek geen coronabrandhaard wordt?

,,Foarop steld: it sil folle minder drok wêze as mei in Snitswike. Dat nimt net wei dat it gesellich drok is yn ’e stêd, en dat is it al wiken. Yn ús gemeente binne wy it wend om toeristen te ûntfangen. Wy witte hoe wy omgean moatte mei grutte groepen minsken. Wat ik sjoch en hear is dat de measte minsken harren oan de regels hâlde. Us ynwenners, mar ek de toeristen. Wy stelle ús gastfrij op. En dêrby wurde wy goed holpen troch ús ûndernimmers yn de hoareka. Elk ken syn ferantwurdlikens en nimt dy ek.’’

Toch moesten drie tenten in Sneek deze week de deuren sluiten. Café Ludiek, Club 1841 en Neighbours. Zelfs de dansvloer in een van de horecagelegenheden ging open.

,,Tsjin eksessen trede wy op. Wat dêr ôfrûne wykein barde, koe echt net. Dan folget sluting. Sa as dat ek bard is yn Grou, earder dizze moanne. De ûndernimmers wurkje no oan in protokol dêr’t se mei oantoane dat se har oan de regels hâlde. Is dat yn oarder, dan meie se wer iepen.’’

Wanneer de drie horecatenten weer open mogen, kan De Vries niet zeggen. Dat hangt af van de kwaliteit van de ingediende plannen. Deze protocollen schrijven voor hoe het personeel omgaat met bezoekers. Krijgen die een stoel toegewezen, worden de belangrijke vragen gesteld, houdt men afstand.

De burgemeester sprak donderdag met een groep horeca-ondernemers over de recente sluiting van de populaire cafés, maar ook over de komende weken, de drukte in de stad en het gedrag van gasten. Hoe later de avond, hoe verder weg corona lijkt, constateren ze. ,,Mar ik moat se in komplimint jaan. Se gean der goed mei om. Sy sjogge ek dat minsken de regels ferjitte, en sprekke harren derop oan. Allinnich mei-elkoar hâlde we it gesellich en oantreklik yn ’e stêd.’’

Hoewel de Sneekweek niet doorgaat, staat er wel een kermis op het Martiniplein in de stad. Is dat wel zo verstandig? Het maakt de stad extra aantrekkelijk.

,,Wy wolle minsken ek fertier biede. Mei de merke hawwe wy ek sicht op minsken. We spriede se oer de stêd en wolle mei it oanbieden fan fertier ek foar wêze dat der op oare plakken yn ’e gemeente yllegale feestjes opdûke.

Boppedat: de eksploitanten wolle graach brea fertsjinje en we ha op oare plakken yn it lân sjoen dat der prima in merke organisearre wurde kin, at men him mar hâldt oan de ôfspraken. De merke is lytser, rommer opset, der binne tagongspoarten dy’t we slute kinne at dat nedich is. Ek is der ekstra tafersjoch en skâlt der om ’e 8 minuten in berjocht oer de merke mei it fersyk om ôfstân te hâlden.’’

En als het te druk wordt?

,,Dan gripe we yn, sa maklik is dat. Wy hawwe echt net op eltse hoeke fan ’e strjitte in handhaver of plysjeman stean, gelokkich net, mar as we konstatearje dat it net mear kin, dan trede wy op. Dat hawwe we ek al sjen litten. Mar at wy ús gewoan oan ’e regels hâlde, ús sûne ferstân brûke, dan toane wy de moaiste kant fan ús stêd en gemeente oan elkoar en de toeristen dy’t wy no foar it earst ferwolkomje. It is dit jier efkes gjin Snitswike, mar wol in moanne lang Simmer yn Súdwest.’’

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct