FOTO

'Ik fyts nei it wurk omdat ik graach sjonge wol'

FOTO CATRINUS VAN DER VEEN

In de rubriek ‘20 in 2020’ vertellen jongeren die zijn geboren in het jaar 2000 over hun leven. Wat doen deze (bijna-)twintigers, wat houdt hen bezig en hoe zien zij de toekomst? Deze keer: Frans Greidanus uit Hilaard, is 4 september 20 jaar geworden.

Vroeger was Frans meer van het binnenspelen. ,,Spultsjes dwaan, of op de Nintendo. Soms fielde ik my in bûtensteander, ik paste net yn in groepke fanwegen myn ynteressen. Alle dagen fuotbalje fûn ik mar wat saai.’’

Hij woont met zijn ouders en broertje in Hilaard. ,,Elkenien ken inoar hjirre, it is ien grutte famylje.’’ Zijn zus woont op kamers in Groningen. ,,Ik wol ek wol graach út hûs, mar it is net nedich.’’

Een opvallend element aan de wand in zijn kamer is de Servische vlag. Aangestoken door het winnende lied van het Eurovisie Songfestival in 2007 zong Frans meer en meer Servische liedjes. De vlag kreeg hij voor zijn vijftiende verjaardag. ,,Servysk fûn ik op dat momint de aldermoaiste taal.’’

Docent

Na het afronden van mbo-opleiding toerisme begint hij dit jaar in Leeuwarden aan een hbo-studie tot docent Duits. Dat wilde hij altijd al. ,,Mar ik woe net de havo dwaan. Der leare je in soad dingen dy’t je net nedich ha. Dit wie in omwei, mar om te groeien as persoan.’’

Zo kon Frans wel alvast wat ervaring opdoen met Duitsland en het Duits. In het tweede jaar liep hij stage bij een vakantiepark in Cochem. ,,Dat wie super leuk. Ik wit no wol dat ik mysels rêde kin, as ik út hûs gean. Ik bin ek wisser fan mysels wurden.’’

Hij kijkt ernaar uit om aan zijn droomopleiding te beginnen. ,,Ik fyn it leuk om mei taal dwaande te wêzen. Dat begûn yn de fjirde klasse, ik wie ferskriklik min yn Ingelsk - no net mear - en yn Frânsk wie ik ek net bepaald goed. Mar Dútsk fûn ik in hiele moaie taal en ik hie leuke dosinten. It is eins in bytsje muoilik Nederlânsk. In soad wurden lykje op inoar, allinnich de grammatika is oars. Elkenien tinkt dat Dútsk in hiele hurde taal is, dat se allinnich mar raze. Ik wol oerbringe dat it mear is as dat. It liket my wol hartstikkene spannend om foar de klasse te stean, mar ik wit wol dat ik it leuk fine sil.’’

Zingen

Hardlopen, kaatsen, talen, lezen, toneelspelen; aan hobby’s geen gebrek. ,,Ik haw altyd in boekewjirm west.’’ Met zijn zus spaart hij series als Gone , The Hungergames , Divergent , Harry Potter en De zeven zussen. ,,Myn favorite boek is it earste diel fan Gone , dat hat ek in nostalgyske wearde. It docht my tinken oan de fakânsje yn Turkije yn 2012.’’

In groep 7 en 8 deed hij mee aan het berne-iepenloftspul in Easterwierrum. ,,Gjinien út myn doarp wie der mei dwaande, oant myn sus en efterneef deroan meidiene. Twa jier letter, doe‘t ik yn groep 7 siet, woe ik ek meidwaan omdat ik toanielspyljen leuk fûn.’’ Hij speelde ook in de musical De Lytse Jonker van Oranjewoud. ,,Dat wie trije moanne lang en best yntensyf.’’ Met de toneelvereniging van het dorp heeft Frans vier stukken gespeeld. ,,No leit dat stil fanwegen korona.’’

We hoeven hem niet bij een zangtalentenprogramma te verwachten. Lachend: ,,Froeger koe ik op himsels wol sjonge, mar sûnt de pubertiid kin ik gjin noat mear reitsje.’’ Het houdt hem niet tegen om zingend naar zijn werk op ‘t Pannekoekschip in Leeuwarden te fietsen. ,,Ik fyts nei it wurk omdat ik graach sjonge wol. Ik ha in lûde stim en ik tink altyd dat ik sêft sjong. Mar dat is net sa...’’

Dorpsbewoners kunnen ook eens in de twee weken zijn stem door de straten horen galmen. ,,Dan bring ik de De Skille rûn. Guon fine it grappich of moai om te hearren.’’ Wat anderen ervan vinden, maakt hem eigenlijk niets uit. ,,Der ha ik skyt oan. Ik doch it net hiel betiid of op jûntiid. It binne mar in pear sekonden, dan bin ik wer fuort.’’

Jezelf zijn

,,Ik wie 16 doe’t ik der efter kaam dat ik homo bin. Doe ha ik it ek daliks oan myn âlders ferteld. Dy reagearden goed, se wisten it ek wol. Myn famylje hat altyd sein: sa lang asto gelokkich bist, binne wy dat ek.’’ Een jaar later, toen hij ging studeren, mocht iedereen het weten. ,,Ik haw hiel iepen west. It wie in nije stap yn myn libben en ik woe my net mear ferbergje. Alles is goed gong. Ik wie wol wat bang foar reaksjes út it doarp, mar it is goed útpakt.’’

Naast het leren van Duits aan leerlingen, wil hij ook meegeven dat het belangrijk is om jezelf te zijn. ,,Ik ergerje my deroan dat guon bûtensluten wurde fanwegen lingte, kleur of hobby’s. Je moatte inoar respektearje, net normaal wêze is net slim. It is belangryk om dysels te wêzen. Ik sil pesten ek net tolerearje.’’

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct