'Earst myn stúdzje ôfmeitsje foardat ik út hûs gean'

Ilse Velstra. FOTO NIELS WESTRA

In de rubriek ‘20 in 2020’ vertellen jongeren die zijn geboren in het jaar 2000 over hun leven. Wat doen deze (bijna-)twintigers, wat houdt hen bezig en hoe zien zij de toekomst? Deze keer: Ilse Velstra uit Reduzum, wordt 20 op 24 mei.

Ilse woont met haar ouders en zus net buiten Reduzum. ,,It hús hat fan ús heit syn pake en beppe west, ús heit en mem ha it ferboud.’’ Maar grote kans dat het huis niet in de familie blijft. ,,Myn sus en ik wolle hjirre net wenjen bliuwe. Moatst alles mei de bus dwaan, en dy giet mar ien kear yn it oere. Dat wie foaral ferfelend doe’t ik op de middelbere skoalle siet. Dan wie it of hiel lang fytse, of mei de bus. No ha ik in eigen auto.’’

De negentienjarige zit in het derde jaar van de hbo-opleiding tot verpleegkundige aan NHL Stenden in Leeuwarden, en kiest ervoor thuis te blijven wonen. ,,Ik wol earst myn stúdzje ôfmeitsje foardat ik út hús gean.’’

Het komt haar hobby moestuinieren ook ten goede. ,,Dêr bin ik foarich jier mei begûn. Doe hie ik bûten in kas mei in frame fan izeren buizen, mar dy is stikken gong yn in stoarm. No stiet de finsterbank fan myn sus fol mei potsjes.’’

Ilse kweekt voornamelijk groentes. ,,Koerzjette, radyskes, ierdbei, wat standert dingen. It moat ek net te dreech wurde’’, voegt ze er met een grijns aan toe. ,,Se moatte earst binnen oansterke, dernei kinne se nei bûten.’’

Acute zorg

Wanneer Ilse over haar plantjes spreekt, klinkt ze net zo zorgzaam als wanneer ze over haar werk vertelt. ,,Ik wist wol dat ik wat mei minsken dwaan woe. Earst tocht ik oan ferloskundige, mar dat is in soad yn it Ingelsk en der bin ik net sa goed yn. Mei HBO-V kin ik alle kanten op.’’

Ze liep stage bij het Medisch Centrum Leeuwarden op de afdeling neurologie. ,,Dêr ha ik in hiel leuke tiid hân, ik bin der in soad groeid.’’ Maar het liefst wil ze richting de acute zorg. ,,It ûnfoarsisbere fan de ferwûningen, it útsykjen wat der mei de pasjint oan de hân is en minsken der wer boppe-op helpe. It jout spanning en it is in útdaging, dat fyn ik moai.’’

Ilse volgt nu een minor over de acute zorg, vanuit huis vanwege het coronavirus. ,,It is ferfelend dat de praktyklessen net trochgean en it besyk oan de Spoedeisende Hulp (SEH) en de Intensive Care (IC) geane fansels ek net troch. Mar it begjint hiel bot te wennen. We ha twa - soms trije - kear yn de wike fideoles en ha ús wei der no wol yn fûn. It is wol goed oplost by ús stúdzje.’’

Verpleeghuis

Ilse heeft een bijbaantje bij een verpleeghuis in Leeuwarden. ,,Ik rûn der earst staazje en doe bin ik der begûn te wurkjen. Ik fûn it er hiel leuk, dus ik tocht: wêrom soe ik dat net dwaan?’’ Bijna een jaar werkt Ilse nu op de somatiek afdeling, waar mensen wonen met lichamelijke problemen. ,,Wannearst langer op in ôfdieling wurkest dan learst de minsken better kinnen en herkenne se dy ek. Dan learst ek de lytse dinkjes sa as in krêmke op in gesicht smarre, of in earbel yndwaan.’’

Bij het verpleeghuis waar ze werkt zijn nog geen coronagevallen, wel zijn er verdenkingen geweest. ,,Ien kear moast ik yn in ysolaasjepak.’’ De bezoekers krijgen ook geen bezoek meer over de vloer. ,,Ik kin my foarstelle dat se iensum binne, ik besykje altyd de tiid foar se te nimmen. Mar dat die ik ek al foar corona.’’

Bang dat het virus toeslaat is Ilse niet echt. ,,Wurkest mei in kwetsbere groep, der kin altyd wat barre. Dat heart der al by. Ik fyn it ek moai om soarch te ferlienen yn de lêste faze. Om minsken dan komfort te bieden en oandacht te jaan. Efkes in kreukje út in blûske helje sadat se lekker lizze, bygelyks. En ik fyn it ek belangryk dat minsken foar de famylje goed derby lizze.’’

De verpleegster in opleiding noemt het sneu dat bewoners geen bezoek mogen, maar begrijpt het ook. ,,Ik soe it moai fine dat alle bewenners wer famylje en neisten ûntfange meie. Mar we wolle de feiligens fan bewenners ek garandearje. Yn ien klap kin elkenien te ferstjerren komme.’’

Ze heeft dan ook een sterke mening over de boodschap van minister Hugo de Jonge tijdens de persconferentie op woensdag 6 mei. Vanaf maandag 11 mei begint er een proef met bezoek in 25 verpleeghuizen. ,,Ik fyn it lullich dat se dat bekendmeitsje. Us bewenners heare dat en sa kinne se falske hoop krije.’’