Minke Hiemstra gelooft achter de voordeur. Op haar studeerkamer leest ze uit de Bijbel.

Rustmomenten om thuis te komen bij jezelf

Minke Hiemstra gelooft achter de voordeur. Op haar studeerkamer leest ze uit de Bijbel. FOTO JILMER POSTMA

Ondanks de coronacrisis is Hiemstra nog regelmatig in protestantse Doelhôftsjerke in Aldeboarn te vinden. ,,As ik my net ferjit op te jaan foar de tsjinst teminsten”, zegt ze lachend. ,,Somtiden ferjit ik it wolris, yn dat gefal folgje ik it online.”

Ook is ze elke woensdagochtend in Nijkleaster voor de kleasterkuier. ,,Al kinne wy no spitigernôch net mear rinne mei de groep, fanwege de oanskerpte maatregels. Der is gelokkich noch wol altyd in moarnsgebed.”

Uit de slogan van Nijkleaster – stilte besinning, ferbining – heeft Hiemstra inspiratie gehaald, om in eigen huis ook de stilte op te zoeken. ,,Ik haw sûnt in pear moanne in eigen romte op de boppeferdjipping, om dêr ta mysels te kommen. Ik lûk my moarns en jûns foar in kertier oant in healoere werom. Eartiids die ik dit altyd oan de keukentafel, mar op in gegeven momint fûn ik it dêr wat te rommelich wurden. Somtiden leit der nammentlik in hiele stapel boeken dêr’t ik út lês.”

Haar ritueel begint altijd met het laten branden van een kaarsje. ,,Dan bin ik fiif minuten stil. Somtiden bin ik echt hielendal stil, op oare mominten bid ik. Dêrnei lês ik út in kristlik deiboekje. Op dit momint lês ik Sprankelend van Esther Visser-den Hertog. Dêryn wurdt ferwiisd nei in Bibelstik dat ik dan earst lês, wêrnei’t ik my rjochtsje op de taljochting dy’t yn it boekje stiet.”

Wat ze leest doet haar niet altijd even veel, maar soms komt ze ook iets tegen wat ze de hele dag met haar meedraagt. ,,Bygelyks Jozua 1 fers 5: Zoals ik met Mozes geweest ben, zal ik met u zijn . Dêr kin ik dan hiel fleurich fan wurde. It jout my steun. Ik tink dan: moai dat Hy ek by my is.”

Inspirerend

De twee rustmomenten in haar dag zijn erg belangrijk voor Hiemstra. ,,It fielt as in soart thúskommen by dysels. Wy hawwe allegearre ellinde en lijen yn ús slibben, ik ek. It stil wêzen en lêzen helpt my ûnder oare om de dingen dy’t net sa lekker rinne yn it libben te akseptearjen en der in positive draai oan te jaan.”

Als ze de stiltemomenten in haar dag niet heeft, dan loopt ze zichzelf voorbij, zo zegt ze. ,,As ien my dan bygelyks freget om wat te dwaan, sis ik gelyk ta, om dyjinge tefreden te stellen. As ik dy stiltemominten wol haw, gean ik nei in fersyk fan ien earder by mysels te bycht: kin ik dit no dwaan foar dyjinge? Haw ik hjir no nocht oan? As it my net útkomt kin ik makliker nee sizze, omdat der mear rêst yn myn holle is.”

Hiemstra pakt er een ander boek bij: Het geschenk van Edith Eger. ,,Sy hat kamp Auschwitz oerlibbe, is psycholooch wurden en hat twa boeken skreaun, de oare hjit De keuze. Har wize fan tinken jout my in soad ynspiraasje. Undanks alles wat sy meimakke hat, makket sy de kar om elk momint yn it libben as geskink te sjen. Dêr haw ik in protte fan leard.”

Credo

In september deed Hiemstra belijdenis in haar kerk. ,,De tsjinst ferrûn hiel moai. Ik fûn it wol spannend, want ik wist net of it allegear goed gean soe; ik bin nochal perfeksjonistysk.”

,,In quote fan Edith Eger helpt my by myn perfeksjonisme.” Tijdens een masterclass in Zeist zei Eger: ‘My definition of love is the ability to let go. To let go of the need for approval and to let go of the need for perfectionism.’ Troch dêr oan te tinken koe ik ûntspannen de tsjinst yngean. It is in quote dy’t my noch altyd helpt. It is eins myn kredo.”

Dit is deel IV van de serie Geloof achter de voordeur, waarin mensen vertellen over hun geloofsleven in eigen huis.

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct