Is Klaas Agricola van Dantumadiel de beste burgemeester van de wereld? 'We nimme it mei in glimke'

Klaas Agricola, burgemeester van Dantumadiel. FOTO GEMEENTE DANTUMADIEL

Burgemeester Klaas Agricola (60) van Dantumadiel staat op de longlist voor de World Mayor Prize, een verkiezing van beste burgemeester ter wereld. Hoe dat kan? ,,Ik stie yniens yn De Telegraaf.’’

Hij staat tussen burgemeesters van steden als Mexico City, Praag, Bergamo en Tel Aviv. Klaas Agricola, de partijloze burgemeester van Dantumadiel, is een van de ruim 60 namen op de longlist van de prijs voor beste burgemeester ter wereld. De prijs wordt iedere twee jaar uitgereikt door de City Mayors Foundation, een internationale denktank over lokaal bestuur. In 2018 won Valeria Mancinelli, burgemeester van de Italiaanse stad Ancona de prijs.

De prijs staat dit jaar in het teken van het coronavirus en hoe burgemeesters hun inwoners tijdens de bestrijding van het virus dienen. Ook worden ze beoordeeld op hun moed, hun ijver en hun integriteit. Iedereen kan een burgemeester nomineren.

Klaas Agricola, gefeliciteerd met uw plaats op de longlist. Waarom bent u genomineerd?

,,It komt troch in kolumn yn De Telegraaf . Dêr waard ik troch ferrast. Op in moarn waard ik belle troch ien dy’t sei dat ik yn De Telegraaf stie. Kolumnist Rob Hoogland hie myn namme neamd, as bêste boargemaster yn dizze koronatiid. Ik bin nei de winkel rûn om in krante te heljen en ha syn stik lêzen. Hy docht it foarkommen dat ik as persoan de korona bûten ús gemeente hâld.’’

Is dat niet zo? Dantumadiel is een uitzondering op de meeste coronakaarten.

,,Fan maart oant oktober hiene we fiif besmettings. Dêrnei hiene we in pykje, no giet it wer goed. Dat is net te tankjen oan my, mar oan al ús ynwenners, ús ûndernimmers, ús ferieningen. We dogge it mei syn allen.’’

Rob Hoogland reageert in zijn column op de nominatie van de burgemeester van Amsterdam, Femke Halsema. Hij vindt dat u een betere kandidaat bent voor de prijs. ‘Hij is een voorbeeld voor zijn burgers’ en ‘Klaas verdient internationale erkenning voor zijn beleid’.

,,It is hiel sympatyk dat hy my as persoan neamt, mar ik sjoch it as stipe foar alle boargemasters. We wurkje der mei ús allen hurd oan om it firus de baas te wêzen.’’

Kunt u de lol er van inzien?

,,Jawis! We nimme it mei in glimke. Ik koe de hiele priis net. It oerkomt jo, mar ik fyn it in hiel sympatyk ferhaal. En ik fyn it moai dat Dantumadiel als lytse gemeente no wrâldwiid wat bekendheid krijt. Foar de rest bliuwe wy mei beide fuotten op ‘e grûn stean.’’

U gaat geen campagne voeren? U staat sinds maandag definitief op de longlist. Er valt een prijs te winnen.

,,Haha, nee. Hoogland is dwaande mei in kampanje, sjoch ik fia Twitter. Der binne in protte minsken dy’t myn namme neame. Ik krige ek in protte appkes en berjochtsjes fan minsken om my hinne, ek fanút myn âlde gemeente Dalfsen. Se fine it allegear moai. Ik ha ek eefkes op de webside fan de priis sjoen, dan sjogge je jo eigen foto stean tusken allegear oare boargemasters, wrâldwiid. Dat is wol wat apart.’’

U wilt de prijs niet winnen?

,,Fan my hoecht it net. Ik sjoch it as komplimint dat ús gemeente neamd is, en dat we as Dantumadiel goed dwaande binne. Ik ha wol heard dat de priisútrikking yn New York is. Dat is noch wol in moai tripke, haha.’’