Waarom volgens Welcome to the Village de normen te streng zijn

Welcome To The Village, 2016.

Festival Welcome To The Village ging voor het eerst kleinschalig los op de donderdagavond, maar werd meteen op last van de gemeente stilgelegd. Terwijl er geen band meer speelde, het publiek was te enthousiast. ,,Wy ha al sa faak tsjin de gemeente sein: handhaaf no wêr’t de oerlêst is, dus by de hûzen, en net op it terrein.”

Zakelijk festivaldirecteur Bianca Pander, wat gebeurde er nu precies?

,,Yn earste ynstânsje ha wy in fout makke. Kin barre, it is de earste jûn. Op tongersdei moast nei alven jûns it lûd nei ûnderen en dêr wiene wy net alert op. Dat doe krigen wy in warskôging. Dan krijst in kertier om dat oan te passen. Dat ha wy dien, mar doe krigen wy nochris in warskôging. Wy snapten eins net wêrom, ik stie neist de tinte en ik hearde de band amper. Dat doe ha wy oerlis hân, en besletten om de bands stil te lizzen. Artistyk directeur Sjoerd Bootsma lei dat út op it poadium, en dêr waard bêst goed op reageard. It publyk rôp 'Sjoerdje, Sjoerdje' of sa. Mar doe wie it noch te lûd! Heardest allinne mar publyk, der kaam amper mear muzyk út de boksen!”

Dus de bezoekers waren de boosdoeners, met hun enthousiaste gedoe. En toen?

,,Doe ha wy besletten om it hiele festival mar stil te lizzen. Wy ha de besikers mar nei de camping stjoerd, wy ha soarge dat dêr ekstra bier en tosti’s wiene. Dêr ha se der noch in grut feest fan makke mei syn allen. De gemeente is dan fansels de mienskiplike fijân, mar moatst der goed om tinke dat de sfear net omslacht.”

Toch zijn jullie nu goed pissig op de gemeente en de handhavers.

,,Fansels wiene wy wol  fertrietich en lulk en frustreard, ek op dy handhavers. Dat wy giene mei harren yn diskusje. Mar dy minsken dogge ek mar harren wurk. It probleem is dat se wurkje moatte mei fiersten te strange noarmen. Wy ha al sa faak sein: handhaaf no net op it terrein sels, mar dêr wêr’t de oerlest is, by de hûzen dus. Sa giet it by festivals yn de stêd ek, dan hast mjitpunten by de hûzen.”

Maar dan nog kunnen de normen te streng zijn.

,,Der hingje seis mjitpunten bûten it terrein, en neffens dy dingen geane wy moarns om healwei sânen al troch de noarm hinne. Wylst wy nea earder as sân oere begjinne te bouwen. Dus dat kin hielendal net.”

Hoe komt het de rest van het weekend?

,,Dan meie wy troch oant ien oere yn pleats fan alve oere. En wy sille hjoed yn petear mei de gemeente, hoe’t wy dit op in normale manier dwaan kinne. Want ast yn it wykein, as it folle drokker is, it festival stillizze moatst, hast ek noch in feilichheidsprobleem. En as wy der net útkomme, dan mar slimme oplossingen betinke.”

Was het verder wel een beetje gezellig, nu het festival voor het eerst voorzichtig op donderdag los ging?

,,Der wie in tige goede sfear. Wy hiene in man as 1750, in protte minsken út de buert dy’t wy útnûge hiene en ek al in protte wykeingongers. Dan moatst soks net ha.”

menu