Trainen in Frankrijk: 'Wy neame it in trainingsfakânsje'

De rubriek ‘20 in 2020’ beleeft een zomerstop. Maar hoe ziet deze coronazomer er uit voor deze (bijna-)twintigers, zonder festivals en verre vakanties? Deze keer: Klaas Poortinga, ging op trainingsvakantie naar de Dordogne.

Klaas stond in mei in de rubriek ‘20 in 2020’. Hij schaatst in het beloften-herenteam van team Sprog en droomt van de topdivisie van het marathonschaatsen. Met het coronavirus begon het schaatsseizoen anders dan normaal, trainen met het team ging niet meer. Om fit te blijven is hij aan het fietsen, skeeleren en hardlopen. In mei vertelde hij dat het aan kwam op discipline. Zo staat ook zijn vakantie naar Frankrijk in het teken van trainen.

Hoe is it yn Frankryk?

,,It is prachtich waar, allinnich mar 30 graden mei in wyntsje derby: lekker fytswaar. Mei myn freon Harm en syn âlders sit ik yn in efterôfhúske flak by de Dordogne. Fan korona ha we hjir gjin lêst. Harm docht ek oan reedriden, we neame it in trainingsfakânsje. We fytse wat en pakke ek ûntspanning. Dobberje yn it swimbad, kanofarre op’e Dordogne. We binne al mei twa auto’s, wy lûke ús eigen plan. Ik bin ek noch in bytsje oan it wurk foar in ûndersyksbedriuw, dat kin op ôfstân.’’

Wat merksto dêr fan de koronamaatregels?

,,Der rinne hjir al mear minsken mei mûlekapkes as by ús, wy ha it eins ek altyd op wannear’t wy derop út geane. En do moatst hjir 1 meter yn stee fan oardel ôfstân hâlde. Yn Nederlân merkst dat minsken harren bewust deroan hâlde, dat is hjirre wol wat minder.

We besykje drokke plakken ek wat te mijen en hâlde it nijs goed yn de gaten. Yn de stêd hiene we al soks fan: bliksem, dochs wol in soad minsken, hjir bin ik leauwer net.’’

Wat foar simmerplannen hat korona yn’e war skopt?

,,Oars hie ik wielrenwedstriden hân, dy geane net troch. It trainingskamp nei Itaalje wurdt no wierskynlik Limburch, wat tichter by hûs.

En de Admiraliteitsdagen geane spitigernôch ek net troch, der gean ik oars altyd hinne. It hat ek twa kanten, want do pakst dyn rêst mear. Oars hast altyd wat by it ein.’’

Kinne jimme alwer as team traine?

,,We binne wol wer mei syn allen oan it trainen, mar it is in kombinaasje. Lêsten ha we de Alvestêdetocht fytst. Wy binne mei 12 man, en ha yn twa groepen fan 6 fytst. Dat wie foar de oardel meter wol handich.’’

Yn maart bist operearre oan dyn hert fanwege in hertritmesteuring, hoe giet it no mei dyn herstel?

,,Myn hert is hielendal goed, ik bin sûn ferklearre en kin wer folop traine. Dêr bin ik wol bliid mei, myn famylje ek. It binne dochs wol rare dingen wannear’t der wat mei it hert is.’’

Hasto noch oare plannen foar de fakânsje?

,,Ik wol noch wat leuke dingen dwaan mei myn broers en we geane noch in wykein mei it gesin nei de de Veluwe. Fierder wurkje en traine, foardatst it witst begjint it winterseizoen en ha ik wer minder frije tiid.’’

Lees meer over Klaas in de rubriek ‘20 in 2020’ | ‘Ik hoopje dat der noch ris in Alvestêdetocht komt, en ik miskien win’