Sutelaksje komt werom

De Sutelaksje, ferkeap fan Fryske boeken fan in kroade út, komt werom. Freed 24 juni begjint it yn Wergea en Warten.

Dat makke skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum bekend yn sym radiokolumn op Omrop Fryslân. ,,Ik ha nijs’’, sei der der. ,,Jannewietske de Vries, dy’t doe deputearre wie en har opfolger Sietske Poepjes, seagen it belang fan dy ferkeap. Yn tige goed oerlis mei de amtners fan de provinsje Fryslân is besletten dat dy sutelaksje der wer komme moat.’’

Hy hat de Sutelaksje al earder ta libben roppen, mar de organisaasje wie de stichting Tsjil te bannich. Ditkear dogge der mear organisaasjes oan mei.

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement