Steven de Jong siket Grutte Pier foar searje

Steven de Jong Films en Omrop Fryslân sykje in akteur foar de rôle fan Grutte Pier foar in nije tillefyzjesearje oer dizze Fryske strider.

De syktocht beheint him net ta Fryslân, ek bûten provinsje- en lânsgrinzen wurdt socht. De Jong: ,,Wy sykje nei in bear fan in keardel, dy't ek noch aktearje kin en dy binne der net safolle. Dêrom sykje wy ek bûten Fryslân.”

De man dy’t Pier Gerlofs Donia spylje wol moat in fysyk sterke útstrieling ha, tusken de 30 en 45 jier âld wêze en minstens 1,90 meter grut wêze.

It wurdt in achtdielige searje wêryn’t de lêste acht jier fan Pier Gerlofs Donia ferbylde wurde. Grutte Pier wie boer yn Kimswert yn in tiid dat in protte oarloch wie. Syn frou en bern waarden fermoarde, en dêrtroch radikalisearre Pier ta in wrede strider.

Dizze searje stiet alhiel los fan de roman Pier fan Willem Schoorstra, oer deselde Grutte Pier.

Gadingmakkers foar dizze rôle kinne harren oant en mei 15 oktober opjaan. Sjoch op www.gruttepier.tv.

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement