Op roadtrip in coronatijd: 'It wie in slagge fakânsje'

De rubriek ‘20 in 2020’ beleeft een zomerstop. Maar hoe ziet deze coronazomer er uit voor deze (bijna-)twintigers, zonder festivals en verre vakanties? Deze keer: Renate Bruinenberg en Nina Kunnen, samen met hun vriend zijn ze door Duitsland, Oostenrijk en Italië getrokken.

In juni vertelde Renate over haar vakantieplannen met Nina in de rubriek ‘20 in 2020’. Met de vriendenploeg van de keet zouden ze deze zomer naar de Veenhoop en de Sneekweek, maar corona stak daar een stokje voor. Ze studeert tourism management in Diemen, dat die studie voor haar de juiste was kwam ze achter na een coachingtraject op Curaçao. met haar vriend Jildert is ze vier jaar samen. Nina stond al eerder in de rubriek, nog voordat er sprake was van het coronavirus. Ze studeert humanistiek in Utrecht en is van plan daarna verder te gaan met psychologie. Ze is sinds afgelopen zomer samen met Jens. Haar vriend en die van Renate kennen elkaar van de keet. Met zijn vieren besloten ze de zomer een rondreis te maken.

Hoe is jimme simmer yn fergeliking mei oare simmers?

Renate: ,,Net hiel oars as oars, ik gean noch steeds op fakânsje. We soenen nei De Feanhoop ta, mar dat gong net troch. We binne noch wol mei de freonegroep nei de oare aktiviteiten ta west dy organisearre waarden. Dêrnei binne we op fakânsje gong.’’

Nina: ,,Doe’t koroana kaam wie der wol in soad teloarstelling. Ik seach al hiel lang út nei de simmer, nei De Feanhoop en de Snitswike. It fielde foar my ek wol as foel de wrâld yn ‘duigen’. Sa fan: wat no? Myn freon en ik hiene al hiel lang it idee om mei de Landrover Defender in roadtrip te meitsjen, doe tochten we: wêrom gean we net tegearre?’’

Hoe is it om yn dizze tiid in roadtrip te meitsjen?

Nina: ,,We hiene wol in plan betocht fan tefoaren, mar ik wie wol wat eangstich oer hoe it rinne soe. It foel bot mei, it wie wol relekst eins. We koene de dingen dwaan dy’t we woene en binne nearne yn behindere. It gong eins allegearre sa as ferwacht. By de tankstasjons moasten je in mûlkapke op, dat wie wol gek en efkes wennen omdat ik noch net sa faak in mûlkapke droegen ha.’’

Renate: ,,It wie in ‘geslaagde’ fakânsje, hiel frij. Fan tefoaren ha we opsocht hoe’t it yn de lannen siet. Efterôf bliek it allegear wol ta te fallen. We hiene wol mûlkapkes mei, we tochten better meinimme en net brûke as oarsom.’’

En hoe wie it om mei jim fjouweren op fakânsje te wêzen?

Nina: ,,We binne ha wike lang tegearre reizge, Renate en har freon binne wat langer yn Itaalje bleaun.’‘

Renate: ,,Myn freon en ik ha altyd yn in hotel slept en Renate en har freon ha op campings stien mei de Landrover. Sa hiene we al in eigen plakje mar we ha fan alles mei-inoar dien. De earste nacht ha we yn Dútslân slept, dêrnei binne we trochriden nei Eastenryk en Itaalje. Dêrnei ha wy noch in nachtsje yn Straatsburg west.

Nina: ,,En wy binne doe trochreizge nei Switserlân en ha ús mem opsocht dy’t der op fakânsje wie. Yn Eastenryk hawwe we noch mei-elkoar as ferrassing nei de jierdei fan myn freon syn heit west, dy’t dêr 60 waard.

Wat wie it moaiste?

Renate: ,,Dat it allegearre sa ferskillend wie, de ôfwikseling. Dat je net in wike lang op it strân lizze. ’’

Ha jimme noch plannen foar de rest fan’e simmer?

Renate: ,,We sjogge hoe’t it waar wurdt, miskien noch in pear nachten fuort mei de boat fan myn freon.’’

Nina: ,,Ik moat gewoan wer wurkje, ik ha in simmerbaantsje yn Tetherne by in boateferhier. Fia Renate bin ik der kaam, sy wurket der ek. Fierder sjoch ik wat der op myn paad komt, ik wol al leuke dingen dwaan op myn frije dagen.’’

En nei de simmer?

Nina: ,,Yn septimber begjin ik oan it tredde en lêste jier fan myn oplieding, wol online. Dat fyn ik hiel ferfelend. Fysike les fyn ik dochs it fijnst. Ik ha myn keamer oanhâlden, in ‘rib út de lea’. Mar oars moast ik opnij op syk en dat is hiel muoilik yn Utrecht.’’

Renate: ,,Ik ha dit stúdzjejier myn propedeuze helle en begjin it kommende jier mei in minor fan in healjier yn Rotterdam. Dat is in soad online, dus ik ha gjin keamer hierd. At ik der hinne moat dan gean ik mei de trein.’’


Lees hier meer over Renate in de rubriek ‘20 in 2020’ | ‘Leaver nei in tintefeest as op stap yn Amsterdam’

Lees hier meer over Nina in de rubriek ‘20 in 2020’ | 20 in 2020: ‘It studintelibben is leuk, mar ek hiel heftich’