Maarten Goudzwaard (FvD): ,,By ús binne de boeren echt it bêste of, en dan mei it CDA nei harren sels sjen, hoe’t se de belangen fan de boeren no behertigje.''

Maarten Goudzwaard (FvD): in de 'sandwich van Baudet' en op zoek naar een eigen Friese koers

Maarten Goudzwaard (FvD): ,,By ús binne de boeren echt it bêste of, en dan mei it CDA nei harren sels sjen, hoe’t se de belangen fan de boeren no behertigje.'' FOTO NIELS WESTRA

Forum voor Democratie begint woensdag aan het tweede politieke seizoen in Provinciale Staten van Fryslân. Na een jaar warmdraaien weet de partij nu wat het met de provincie wil. Fractievoorzitter Maarten Goudzwaard over een mislukte coalitievorming, een log ambtelijk systeem, politieke mores en Forum als landbouwpartij. ,,De boeren binne by ús echt it bêste ôf.’’

M aarten Goudzwaard (41) werd een week na de Provinciale Statenverkiezingen van maart 2019 door CDA-informateur Harry van der Molen ‘de grote onbekende’ genoemd. Hij en partijgenoot Albert van Dijk kregen het stempel ‘de mystery guests’, toen ze zich als morele winnaar meldden in restaurant De Zwarte Haan om met Van der Molen te praten over deelname aan de nieuwe coalitie.

Forum voor Democratie (FvD) schudde even eerder het politieke landschap in Friesland op. Als nieuwe partij snoepte de partij zetels af van het CDA, de VVD, de SP en de PVV. Met zes zetels werd Forum vanuit het niets de tweede partij van de provincie. In Harlingen, Weststellingwerf en Ooststellingwerf stemden de meeste mensen op de liberaal-conservatieven, in vrijwel alle andere gemeenten werd de partij van Thierry Baudet na het CDA of de PvdA het populairst.

Goudzwaard kreeg als lijsttrekker ruim 24.000 van de 40.000 stemmen, terwijl de meeste kiezers geen idee hadden wie hij was. Baudet en kompaan Theo Hiddema waren de gezichten van de campagne. Hiddema, met roots in Holwerd, bewees zijn populariteit. Hij kreeg in Friesland als lijstduwer 8.000 stemmen. Goudzwaard liet zich tijdens de verkiezingscampagne niet zien. Hij ging debatten en interviews uit de weg. Het was tactiek en pakte goed uit.

Onder de zeedijk bij Zwarte Haan kreeg FvD een Fries gezicht. Maarten Goudzwaard kan daarom nu wel lachen om de opmerking van informateur Van der Molen destijds. ,,Net ien koe ús en ik koe net ien.’’ De partij bepaalde vanuit Den Haag de provinciale campagne. Ze mikte op landelijke thema’s en zocht de kiezer op met grote events. In De Lawei in Drachten trok Forum een week voor de verkiezingen een volle zaal, met Baudet en Hiddema als hoofdrolspelers op het podium. De Friese kandidaten vulden het decor. Het werd een ongekend succes, Forum had de avond wel twee keer kunnen uitverkopen.

‘Sandwich van Baudet’

,,Ik wie fansels graach sels it debat oangien’’, zegt Goudzwaard, terugkijkend op de campagne. ,,Mar ik snap de koers fan de partij ek wol. Wy wiene nij, ûnbedreaun, hiene noch net oeral in miening oer. De partij keas foar in strategy mei Baudet en Hiddema en lanlike tema’s. Dat hat goed útpakt.’’

Dat Baudet het gezicht van de partij is, zorgt er ook voor dat waar Goudzwaard ook komt, hij zich altijd door de ‘sandwich van Baudet’ moet werken, zoals hij het zelf noemt. ,,Oeral dêr’t ik kom, moat ik earst myn miening jaan oer in tal útspraken fan Thierry, foardat ik it ferhaal fan de partij fertelle kin.’’

Bij Zwarte Haan was dat niet anders. Nog voordat Goudzwaard kon vertellen wie hij was, had hij de vragen over Baudet al beantwoord. Is Goudzwaard vrouwonvriendelijk? Hoe denkt hij over de ‘boreale wereld’? Wat bedoelde Baudet met de ‘uil van Minerva’?

H et zijn uitspraken waar mensen aanstoot aan kunnen nemen. Vindt u het logisch dat u zich moet verantwoorden?

,,I t binne syn útspraken, dy’t yn myn eagen net altyd like handich binne. Dat wit hy ek wol. Ik sis wolris tsjin him: ‘Tink derom, de ûnderwerpen dêr'tsto it oer hast, spylje op guon plakken, sa as yn Fryslân, net of falle dêr ferkeard. Mar wichtiger: it liedt ôf fan it boadskip dat we as Fryske fraksje hawwe’. Thierry stiet iepen foar dizze feedback. En dat is noch los fan hoe ik dêr nei sjoch. En nee, ik bin net frou-ûnfreonlik.’’

To t zover dan de ‘sandwich van Baudet’. Waarom zit Forum voor Democratie niet in de coalitie, nu bestaande uit CDA, VVD, FNP en PvdA.

,,G oeie fraach. Ik wit it antwurd dêr hieltyd dreger op te finen. Yn de earste petearen waarden we reedlik serieus naam. Yn it twadde petear wie it gau klear. We deponearren in pear stellings oer lânbou en de enerzjytransysje, en doe wie it oer. Wylst ik fûn dat it frij reedlik wie, wat der op tafel lei.’’’

Da t was: niet verder inzetten op windmolens, zonneweides, biomassa en geothermie. Een energiebeleid zonder transitie en geen duurzaamheidsbeleid dat ten koste zou gaan van landbouw.’

,,W y sjogge oars nei de enerzjytransysje. Dat kin op in hiel oare manier: troch op enerzjy te besparjen en net yn te setten op it ferkwânseljen fan ús lânskip. Doe wie it foar it CDA en de VVD gau klear, wylst, at we sjogge wat der no foar akkoart leit, ik tink: der wie mei ús best te regearen west. We binne te gau oan de kant set. Dat fyn ik noch hieltyd skande.’’

Wa s er koudwatervrees bij de andere partijen. Juist omdat jullie nieuw en onzichtbaar waren?

,,Dy konstatearring soe hiel goed kloppe kinne. Ik fyn dat hiel spitich. At ik sjoch wat de hjoeddeiske ferhâldingen binne yn de koälysje, ha ik it gefoel dat CDA, VVD en FNP wolris tinke: hawwe we doe net wat de foarbarich west? Se hawwe it dreech mei de PvdA, de opposysjepartij yn de koälysje. De oare partijen ha hiel wat rinne litten om mei harren gear te wurkjen.’’

De coalitie was beter af geweest met Forum voor Democratie?

,,D at fyn ik wol. Foaral it CDA en de VVD ha in flinke priis betelle. CDA hat it lânboudossier fuortjûn, dat is net te begripen. De stim dy’t PvdA hân hat op it mêd fan natuer en kultuer, net te leauwen. Der ha de oare partijen it echt rinne litten. Mei ús hiene se mear fan harren ferhaal werom lêze kind yn it akkoart.’’

loading

Versnipperde oppositie

Fo rum voor Democratie nam plaats in de oppositiebanken, een plek die Goudzwaard eigenlijk wel zint. De partij kan zonder last of ruggespraak politiek bedrijven, zegt Goudzwaard. Hij voelt zich geen oppositieleider, omdat de oppositie te versnipperd is. Forum vindt aansluiting bij de PVV en soms ChristenUnie, maar moet vaak vechten voor een meerderheid voor een motie.

De partij probeert het de laatste maanden steeds vaker via de coalitie. Lukt het CDA en VVD niet om via PvdA een meerderheid te krijgen, komt Forum in beeld. ,,Wy stelle ús iepen op, slute gjin partij út. Kinne eins mei eltse partij wol gearwurkje. We binne hurd op de ynhâld, net op de man. Sa lang de ynhâld oanslút by wat ús it bêste liket foar de provinsje, stimme wy mei. Wy sjogge dan net nei de politike kleur fan de moasje.’’

De liberaal-conservatieven haalden succes met een aangenomen motie over onderzoek naar de haalbaarheid over het mogelijk maken van kernenergie. De partij vroeg ook met succes een spoeddebat aan naar aanleiding van de boerenprotesten en het intrekken van stikstofmaatregelen door toenmalig gedeputeerde Johannes Kramer (FNP, landbouw).

Uit onderzoek van het blad Binnenlands Bestuur bleek dat van alle Forum-fracties de Friese afdeling – op de Overijsselse afdeling na – het meeste resultaat boekte als het gaat om het binnenhalen van moties en toezeggingen. Een ranking die Goudzwaard graag aanhaalt. ,,En no wolle we ien wurde. Mar sa maklik giet dat net. De oare partijen kenne dizze skoare no ek.’’

Uw partij stemt vaak mee met de coalitie, behalve bij de belangrijke thema’s: landbouw, energie en natuur. Waarin wijkt Forum in haar standpunt af van het bestuursakkoord?

,,N im it ynstrumint om grûn te ûnteigenjen foar it gebrûk as natuergebiet. Dat is sa’n klap yn it gesicht fan boeren. Boeren binne de bêste grûnbehearders dy’t der binne. Se binne konstant op it lân. Boeren binne sels yn steat te sizzen: ‘Wat hat ús lân nedich, wat ha ús flora en fauna nedich?’ Dat hoege je net oan It Fryske Gea oer te litten, dat foar in ‘veelvoud’ fan kosten wat probearret te ûnderhâlden of ûnder wetter te setten. In heftich ynstrumint as ûnteigening giet yn tsjin it fûnemintele rjocht op sizzenskip oer je eigendommen.’’

,,Sjoch ek nei it feangreidedossier. Dêr wurdt fierstente te rûch mei omsprongen. Der wurdt te gau sein: ferheegje dat wetterpeil, set mar yn op ferwieting, want der binne wol alternative fertsjinmodellen foar boeren. Hokker dan? Allinne at it giet om biologyske molke en greidfûgelbehear lizze der kânsen, mar it is noch mar de fraach hoe rindabel dy opsjes binne. Der rinne no ferskate pilots mei bygelyks wetterdrainaazje. Soms effektyf, soms net. Ferskate binne té hoopjouwend om no al fan alles yn gong te setten. It kolleezje wol fierstente hurd.’’

Fo rum zegt: landbouwgrond moet niet plaatsmaken voor natuur.

,,E ins is natuer al it ferkearde wurd. Wy brûke it wol, mar yn in lân as Nederlân, dêr’t safolle minsken wenje, hast it eins oer parken en parkbehear. Ast dan sjochst nei Natura2000-gebieten, se binne djoer om yn te rjochtsen en wurde net brûkt foar wêr’t we sa goed yn binne: duorsume en effisjinte lânbou. Us bruto regionaal produkt sil der hinder fan krije, de gefolgen fan dizze nije gebieten foar agraryske bedriuwen binne grut. Dy moatte ferhúzje at de stikstofdeposysje yn dy gebieten te heech is. In grut tal fan ús opjefte oan natuergebieten is oplein troch nasjonale en regionale doelstellings. Der is yn de basis neat mis mei, mar it giet yn in sadanich tempo, dat je je ôffreegje moatte of’t it net te gau giet en wat de gefolgen binne foar ús provinsje, ús boeren en ús ekonomy.’’

Al s ik dit zo hoor, zeg je: de boer is met het huidige college niet goed af.

,,K loppet. Wy steane foar útdagings, dat witte we allegear. Mar hoe’t der no mei de boeren omsprongen wurdt, giet echt te mâl. In jier lyn stiene se hjir op de stoepe fan it Provinsjehûs. We binne in jier fierder, it dossier lit mar kwealik foarútgong sjen. It biedt my noch net in soad hoop. Der wurdt troch de provinsje in protte praat mei boeren en stakeholders, as lanbou-organisaasjes en natuerklups. Mar der wurde gjin resultaten boekt. De boer wurdt troch mei nammen it CDA en de VVD yn ’e steek litten. By ús binne de boeren echt it bêste of, en dan mei it CDA nei harren sels sjen, hoe’t se de belangen fan de boeren no behertigje.’

Praatprovincie

H et is een grote frustratie van Goudzwaard: er wordt veel gepraat, maar weinig besloten. Fryslân is volgens hem een praatprovincie, maar knopen doorhakken, ho maar. De Fryske Aanpak, een holle frase. ,,Nimmen wit wat it ynhâldt, útsein in protte prate. Mar it moat net by praten bliuwe. Mei allinnich praten komme je neat fierder.’’

De fractieleider verbaast zich als nieuwkomer in de politiek over de gelatenheid waarmee met dit soort politieke mores wordt omgesprongen. Hij schaart het onder een log ambtelijk systeem, waar hij zich aan stoort. Hij ziet de stroperigheid van besluitvorming, de wollig geschreven ambtelijke stukken, de slechte meetbaarheid van resultaten.

Als voorbeeld noemt Goudzwaard een recent rapport van de Noordelijke Rekenkamer. Fryslân besteedde tussen 2010 en 2018 voor ruim 21 miljoen euro aan subsidieprojecten om de landbouwsector te verduurzamen. De Rekenkamer concludeerde dat niet is te achterhalen waar dat geld aan is besteed en wat de effecten van het gevoerde beleid zijn.

,,Ienentweintich miljoen! En nimmen wit wat der mei bard is. Dat sit dus djip ferankere yn it amtlik apparaat. It fermogen om dingen net mjitber te meitsjen. Ik kin der net by: je struie mei miljoenen, sûnder dat je witte wat je der mei dogge. En nimmen fielt him ferantwurdlik.’’

Hoe kan dat?

,,Ik leau net yn gearspanningen, mar it sjerperige fan de beslútfoarming en it wollige taalgebrûk fan amtners yn de stikken, komt in protte minsken goed út. De stikken binne net te begripen faak, mar ek sa skreaun dat je der noch alle kanten mei út kinne. Der wurdt gjin kar makke, net dúdlik ferteld wat se no echt wolle. Troch dat net skerp del te setten, kin eltsenien him ferskûlje achter de ynhâld. Linkse partijen kinne utopysk idee nei utopysk idee ynbringe, sûnder der oait resultaat fan te sjen. De koälysje ek, dy hat der baat by en hâlde sa’n metodyk yn stân. It is in kwealike saak. It makket ús wurk as folksferstjintwurdiger in stik lestiger.

Is het een systeem dat in stand wordt gehouden?

,, Dat idee ha ik wol. Dan wurdt der sein: sa wurket it. Mar nimme dy’t de fraach stelt: werom wurket it sa? Dat jildt ek foar politike moares. Eltse partij hat yn de Steaten syn eigen ûnderwerpen. Giet it oer it Frysk, dan is het de FNP, giet it oer de Lelylijn, dan hast VVD en D66. Je meie as oare partij dan neat mei dy ûnderwerpen dwaan, liket de ôfspraak. Steateleden fiele harren dan op harren teannen trape, wolle dan ek ynienen fragen of moasjes mei yntsjinje. Underwerpen wurde claimd, oare partijen fine dat bêst. Sa wurket it dochs net? Wy dogge der net oan mei.’’

Wat is de oplossing?

,,U s ynwenners, ús stakeholders, wy as partijen ha baat by heldere data. By nulmjittingen, by oersicht, helder taalgebrûk. In dúdlike rjochting en fyzje. By in polityk en in provinsje dy’t harren sels net foar de gek hâlde, mar earlik en nochter nei de dossiers sjogge. It sil in gefjocht fan de lange azem wurde, mar it moat oars. Dúdliker, begrypliker, oersichtliker, earliker. Dat sil ús lûd it kommende jier wurde.’’

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct