LC lêst foar yn Fryske Foarlêswike: Skelte wol in Skelter

It is dizze wike Fryske Foarlêswike foar bern. De Leeuwarder Courant grypt dat oan om fan moandei oant en mei freed in ferslachjouwer in Frysk berneferhaaltsje foarlêze te litten.

De Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, dat de Fryske taal en kultuer stipet. De Foarlêswike moat it foarlêzen oan jonge bern in stimulâns jaan.

Ferslachjouwer Marscha van der Vlies set moandei útein mei it boek Skelte wol in Skelter fan Joke Scheffer.