De earste jierren tilde it op fan de konflikten en duorren de gearkomsten faak oant yn ’e lytse oerkes, letter bedarre it yn rêstiger farwetter. Tongersdei fiert it Skriuwersboun yn Grou syn 50-jierrich bestean.

Fan de achttjin leden dy’t har by de oprjochtingsgearkomst op 22 maart 1969 fuortendaliks as lid opjoegen, binne trije dat noch altyd: Meindert Bylsma, Pier Boorsma en Pieter de Groot. De beide lêsten foarmen, sûnder it te wollen, mei de oanlieding foar de oprjochting fan in belangenorganisaasje foar Fryske skriuwers.

Boorsma en De Groot studearren yn Amsterdam eartiids en wiene beide lid fan de Fryske studinteferiening Cygnus Resurgens. Nei’t Simon Vinkenoog yn 1966 Poëzie in Carré presintearre hie, namen se har foar sa’n dichtersfestival ek yn Ljouwert te organisearjen.’

It wie in folslein nij ferskynsel yn de Fryske haadstêd. Boargemaster Johannes Brandsma en wethâlder Joop ten Brug hiene gjin idee wat se har by in dichtersfestival foarstelle moasten, mar se wiene wol ree en stean garant foar in eventueel ferlies.

Dat lêste wie net nedich, it festival yn De Harmonie yn Ljouwert luts 1100 besikers. It krige sels nasjonale oandacht nei’t Gerard Reve – ûnder ynfloed fan ‘inferieure Harmoniewijn’ – presintator Simon Vinkenoog in klap ferkocht en de foto dêrfan mannich Nederlânske krante helle.

Dy folle bak en dy klap hawwe neat mei it Skriuwersboun te meitsjen, de beleanning fan de tsien Nederlânske en de tsien Fryske dichters nammerste mear. It wie Pieter de Groot syn taak om nei ôfrin de slúfkes mei ynhâld om te partsjen.

Goodwill

De Groot: ,,Wy hiene ôfpraat dat de Nederlânske dichters 150 gûne krije soene – dat wie in troch de Vereniging van Letterkundigen fêststeld taryf – en de Fryske 25 gûne. It jild om alle skriuwers itselde te beteljen hiene wy net, it idee wie dat de Fryske dichters profitearren fan de goodwill fan de Nederlânske dichters.’’

,,Hoe giet soks? Twa dichters stiene njonken elkoar en skuorden sa’n bytsje tagelyk de eigen envelop iepen. De ien – ik leau Ed Hoornik – stie mei 150 gûne yn ’e hân, de oar – Durk van der Ploeg – mei 25 gûne. Durk wie opmakredakteur by de Ljouwerter Krante , dy hat hjir en dêr syn beklach dien en de moandeis skreau Noordmans yn in haadartikel dat it nergens op like dat de Fryske dichters mei 25 gûne ôfsâlte wiene.’’

By 'City of Literature' wurdt der oant no ta foaral oer meartaligens praat, amper oer it Frysk

,,Ik ha dyselde wyks yn in ynstjoerd útlein dat wy mar earme studinten wiene en dat de Fryske dichters sûnder harren Nederlânske kollega’s De Harmonie noait fol krigen hiene, mar doe wie de rebûlje al in feit.’’

Net lang dêrnei rôpen Douwe Tamminga en Anne Wadman wat skriuwers byinoar yn Ald Skou om it der ris oer te hawwen. It selskip wie it der al gau oer iens dat der in bûn komme moast om de belangen fan Fryske skriuwers te behertigjen. In jier earder wie it Boun fan Fryske Keunstners opdoekt – de belangen fan skriuwers, skilders en arsjitekten rûnen te fier út elkoar foar ien bûn – der wie driuwend ferlet fan in organisaasje dy’t opkaam foar de Fryske skriuwers. 1 jannewaris 1969 jildt as de offisjele oprjochtingsdatum – dy dei passearre de notariële akte –, 22 maart wie yn hotel De Klanderij yn Ljouwert de feitlike oprjochtingsgearkomst.

Siik brein

De earste jierren ûnder it foarsitterskip fan Jo Smit wie it in fleurige boel mei in soad drank en rebûlje. Yn ien gefal late dat sels ta in rjochtsaak tusken skriuwer Gerben Abma en foarsitter Jo Smit. Abma wie de oprjochter fan de Wurkgroep Kultuer Fryslân (WKF), dy’t him ynsette foar it demokratisearjen fan ynstellingen as de Fryske Akademy en de Fryske Kultuerried.

Koart nei oprjochting kondige Abma oan dat er de WKF ferrykje woe mei in seksje letteren. Dat wie neffens him needsaaklik om’t de leden fan it Skriuwersboun net echt belanghawwenden wiene: net allinne skriuwers, ek leafhawwers fan Fryske literatuer koene dêr lid fan wurde.

It levere Abma in pear dagen letter ‘de oardelsintspriis’ op, ynsteld troch it Skriuwersboun foar ‘de meast begrutlike literêre prestaasje fan it jier’. Doe’t Jo Smit yn in ynstjoerd stik yn de LC oer dy oardelsintspriis Gerben Abma ferwiet in ‘siik en teheistere brein’ te hawwen, stapte Abma nei de rjochter. En net sûnder resultaat, Smit waard feroardiele ta in boete fan 50 gûne foar mislediging.

Tekenjend foar de fleur en de humor fan dy earste jierren wie dat der nei oanlieding fan dy feroardieling in Steunfûns Jo Smit oprjochte waard. Stipers mochten maksimaal 2 kwartsjes bydrage, Rink van der Velde hold yn de LC in steatsje by mei rigels as: ‘H. L. te Ljouwert: ƒ0.05’ Immen dy’t tsjin it foarskrift yn in gûne stoarte, skreau: ‘Fan wat der te folle is, drs. G. A. te L. graach nochris misledigje.’

Nei twa jier folge wethâlder Rudi Boltendal fan It Hearrenfean Jo Smit op as foarsitter. Under syn lieding kaam it bestjoer tenei alle wiken foar in wurklunch gear yn restaurant Kota Radja yn Ljouwert. Boltendal seach der strang op ta dat de besjoersleden de ôfsprutsen taken de wiken dêrnei ek útfierden.

It die fertuten. De earste sutelaksje waard holden, der kaam – nei it foarbyld fan de Vereniging van Letterkundigen – in modelkontrakt foar skriuwers en útjouwers, der waard aksje fierd foar in lienfergoeding by bibleteken en op oantrunen fan it Skriuwersboun stelde de provinsje in opdrachtepot foar Fryske skriuwers yn. Ek krigen Fryske skriuwers tagong ta de wurkbeurzen fan it Nederlands Letterenfonds.

Net dat it ludike fan dy earste jierren folslein ferdwûn, wol hat yn de jierren dêrnei de belangebehertiging fan de Frykse skriuwers en de Fryske literatuer foaropstien. De Fedde Schurer-, de Obe Postma- en de Simke Kloostermanpriis kamen der op oanstean fan it Skriuwersboun. Ek kaam der in Wurkgroep Berneboekepraat, dy’t har sterk makke foar it modernisearjen fan de berneliteratuer.

Koart nei oprjochting krige it Skriuwersboun ek it organisearjen fan de skriuwerswykeinen yn Koartehimmen op ’e noed. In ploechje skriuwers wie dêrmei begûn om skriuwers de kâns te jaan nij wurk oan kollega’s te presintearjen en mooglik wat op te stekken fan de kollegiale krityk.

Doe’t bliken die dat lang net alle skriuwers op it kommentaar fan harren kollega’s sieten te wachtsjen, hat it Skriuwersboun de wykeinen al gau in mear tematysk karakter jûn. Nei’t de belangstelling ûnder de skriuwers hieltyd lytser waard, bleau it bûn op in stuit neat oars oer as de stekker derút lûke. De lêste jierren is der alle jierren in skriuwersmiel dêr’t skriuwers út eigen wurk foarlêze, sûnder de krityk fan oaren oanhearre te hoegen.

Meartaligens

In fakbûn yn tradisjonele sin is it Skriuwersboun net echt. Skriuwe is foar fierwei de measte leden in hobby, it brea op ’e planke moat út oare aktiviteiten komme.

Yn ’e praktyk is it foaral de taak fan it Skriuwersboun om yn alderhanne bestjoerlike fermiddens it plak fan de Fryske literatuer te befjochtsjen. Dat fariearret fan Tresoar oant de Afûk en fan de provinsje oant de Rijksuniversiteit Groningen.

De needsaak dêrfan kaam by de tariedingen fan Kulturele Haadstêd 2018 noch werris dúdlik nei foaren. Dêryn snijde, nettsjinsteande de warskôgingen fan it Skriuwersboun, de Fryske literatuer fierhinne ûnder. By ‘City of Literature’, de titel dy’t Ljouwert krekt yn ’e wacht sleept hat, wurdt der oant no ta foaral oer meartaligens praat, amper oer it Frysk.

Neffens bestjoerslid Tryntsje van der Veer stiet it Skriuwersboun, ferlike mei de offisjele ynstânsjes, by sokke kwestjes hast útsoarte op achterstân. ,,Dy wurde automatysk oanskreaun, wy moatte it sels faak oppakke. En dan moat it wurk allegear noch dien wurde troch frijwilligers ek.’’

It Skriuwersboun praat net allinne mei oer alderhanne beliedskwestjes, der binne ek praktyske taken dêr’t it mei rêdt. It bemiddelet foar skriuwers by bepaalde aktiviteiten, soms binne der fragen fan leden lykas oer de soarch foar de grêven fan Fryske skriuwers of de resultaten fan de Moanne fan it Fryske Boek.

loading

It ledetal fan it Skriuwersboun is aardich stabyl, it skommelet al jierren om de 150. Behalve op de healjiergearkomsten en it skriuwersmiel treffe dy leden elkoar op’t heden ek yn de wurkgroepen proaza, toaniel en oersetten en by de tinktank oer aktuele ûnderwerpen.

De oplagen fan de Fryske boeken steane al in oantal jierren ûnder druk, mar ynfloed op it oantal minsken dat Fryske boeken skriuwt of oerset hat dat amper. En ynfloed op de oerjefte wêrmei’t de skriuwers dat dogge hat it noch minder. Dat leden en bestjoer hawwe der alle fertrouwen yn dat it Skriuwersboun it noch moai wat jierren útsjongt.

Fan de achttjin leden dy’t har by de oprjochtingsgearkomst op 22 maart 1969 fuortendaliks as lid opjoegen, binne trije dat noch altyd: Meindert Bylsma, Pier Boorsma en Pieter de Groot. De beide lêsten foarmen, sûnder it te wollen, mei de oanlieding foar de oprjochtig fan in belangenorganisaasje foar Fryske skriuwers.

Boorsma en De Groot studearren yn Amsterdam eartiids en wiene beiden lid fan de Fryske studinteferiening Cygnus Resurgens. Nei’t Simon Vinkenoog yn 1966 Poëzie in Carré presintearre hie, namen se har foar sa’n dichtersfestival ek yn Ljouwert te organisearjen.’

It wie it in folslein nij ferskynsel yn de Fryske haadstêd. Boargemaster Johannes Brandsma en wethâlder Joop ten Brug hiene gjin idee wat se har by in dichtersfestival foarstelle moasten, mar se wiene wol ree en stean garant foar in eventueel ferlies.

Dat lêste wie net nedich, it festival in De Harmonie yn Ljouwert luts 1100 besikers. It krige sels nasjonale oandacht nei’t Gerard Reve – ûnder ynfloed fan ,,inferieure Harmoniewijn’’ – presintator Simon Vinkenoog in klap ferkocht en de foto dêrfan mannich Nederlânske krante helle.

Dy folle bak en dy klap hawwe neat mei it Skriuwersboun te meitsjen, de beleanning fan de tsien Nederlânske en de tsien Fryske dichters nammerste mear. It wie Pieter de Groot syn taak om nei ôfrin de slúfkes mei ynhâld om te partsjen.

Goodwill

De Groot: ,,Wy hiene ôfpraat dat de Nederlânske dichters 150 gûne krije soene – dat wie in troch de Vereniging van Letterkundigen fêststeld taryf – en de Fryske 25 gûne. It jild om alle skriuwers itselde te beteljen hiene wy net, it idee wie dat de Fryske dichters profitearren fan de goodwill fan de Nederlânske dichters.’’

,,Hoe giet soks? Twa dichters stiene njonken elkoar en skuorden sa’n bytsje tagelyk de eigen envelop iepen. De ien – ik leau Ed Hoornik – stie mei 150 gûne yn ’e hân, de oar - Durk van der Ploeg – mei 25 gûne. Durk wie opmakredakteur by de Ljouwerter Krante , dy hat hjir en dêr syn beklach dien en de moandeis skreau Noordmans yn in haadartikel dat it nergens op like dat de Fryske dichters mei 25 gûne ôfsâlte wiene.’’

,,Ik ha dyselde wyks yn in ynstjoerd útlein dat wy mar earme studinten wiene en dat de Fryske dichters sûnder harren Nederlânske kollega’s De Harmonie noait fol krigen hiene, mar doe wie de rebûlje al in feit.’’

Net lang dêrnei rôpen Douwe Tamminga en Anne Wadman wat skriuwers by inoar yn Ald Skou om it der ris oer te hawwen. It selskip wie it der al gau oer iens dat der in bûn komme moast om de belangen fan Fryske skriuwers te behertigjen. In jier earder wie it Boun fan Fryske Keunstners opdoekt – de belangen fan skriuwers, skilders en arsjitekten rûnen te fier út elkoar foar ien bûn – der wie driuwend ferlet fan in organisaasje dy’t opkaam foar de Fryske skriuwers. 1 jannewaris 1969 jildt as de offisjele oprjochtingsdatum – dy dei passearre de notariële akte –, 22 maart wie yn hotel De Klanderij yn Ljouwert de feitlike oprjochtingsgearkomst.

Siik brein

De earste jierren ûnder it foarsitterkip fan Jo Smit wie it in fleurige boel mei in soad drank en rebûlje. Yn ien gefal late dat sels ta in rjochtsaak tusken skriuwer Gerben Abma en foarsitter Jo Smit. Abma wie de oprjochter fan de Wurkgroep Kultuer Fryslân (WKF), dy’t him ynsette foar it demokratisearjen fan ynstellingen as de Fryske Akademy en de Fryske Kultuerried.

Koart nei oprjochting kondige Abma oan dat er de WKF ferrykje woe mei in seksje letteren. Dat wie neffens him needsaaklik om’t de leden fan it Skriuwersboun net echt belanghawwenden wiene: net allinne skriuwers, ek leafhawwers fan Fryske literatuer koene dêr lid fan wurde.

It levere Abma in pear dagen letter ‘de oardelsintspriis’ op, ynsteld troch it Skriuwersboun foar ,,de meast begrutlike literêre prestaasje fan it jier’’. Doe’t Jo Smit yn in ynstjoerd stik yn de LC oer dy oardelsintspriis Gerben Abma ferwiet in ,,siik en teheistere brein’’ te hawwen, stapte Abma nei de rjochter. En net sûnder resultaat, Smit waard feroardiele ta in boete fan fyftich gûne foar mislediging.

Tekenjend foar de fleur en de humor fan dy earste jierren wie dat der nei oanlieding fan dy feroardieling in Steunfûns Jo Smit oprjochte waard. Stipers mochten maksimaal twa kwartsjes bydrage, Rink van der Velde hold yn de LC in steatsje by mei rigels as: ‘H. L. te Ljouwert: ƒ0.05’ Immen dy’t tsjin it foarskrift yn in gûne stoarte, skreau: ‘Fan wat der te folle is, drs. G. A. te L. graach nochris misledigje.’

Modelkontrakt

Nei twa jier folge wethâlder Rudi Boltendal fan It Hearrenfean Jo Smit op as foarsitter. Under syn lieding kaam it bestjoer tenei alle wiken foar in wurklunch gear yn restaurant Kota Radja yn Ljouwert. Boltendal seach der strang op ta dat de besjoersleden de ôfsprutsen taken de wiken dêrnei ek útfierden.

It die fertuten. De earste sutelaksje waard holden, der kaam – nei it foarbyld fan de Vereniging van Letterkundigen – in modelkontrakt foar skriuwers en útjouwers, der waard aksje fierd foar in lienfergoeding by bibleteken en op oantrunen fan it Skriuwersboun stelde de provinsje in opdrachtepot foar Fryske skriuwers yn. Ek krigen Fryske skriuwers tagong ta de wurkbeurzen fan it Nederlands Letterenfonds.

Net dat it ludike fan dy earste jierren folslein ferdwûn, wol hat yn de jierren dêrnei de belangbehertiging fan de Frykse skriuwers en de Fryske literatuer foaropstien. De Fedde Schurer-, de Obe Postma- en de Simke Kloostermanpriis kamen der op oanstean fan it Skriuwersboun. Ek kaam der in Wurkgroep Berneboekepraat, dy’t har sterk makke foar it modernisearjen fan de berneliteratuer.

Koart nei oprjochting krige it Skriuwersboun ek it organisearjen fan de skriuwerswykeinen yn Koartehimmen op ’e noed. In ploechje skriuwers wie dêrmei begûn om skriuwers de kâns te jaan nij wurk oan kollega’s te presintearjen en mooglik wat op te stekken fan de kollegiale krityk.

Doe’t bliken die dat lang net alle skriuwers op it kommentaar fan harren kollega’s sieten te wachtsjen, hat it Skriuwersboun de wykeinen al gau in mear tematysk karakter jûn. Nei’t de belangstelling ûnder de skriuwers hieltyd lytser waard, bleau it bûn op in stuit neat oars oer as de stekker derút lûke. De lêste jierren is der alle jierren in skriuwersmiel dêr’t skriuwers út eigen wurk foarlêze, sûnder de krityk fan oaren oanhearre te hoegen.

Meartaligens

In fakbûn yn tradisjonele sin is it Skriuwersboun net echt. Skriuwe is foar fierwei de measte leden in hobby, it brea op ’e planke moat út oare aktiviteiten komme.

Yn ’e praktyk is it foaral de taak fan it Skriuwersboun om yn alderhanne bestjoerlike fermiddens it plak fan de Fryske literatuer te befjochtsjen. Dat farieart fan Tresoar oant de Afûk en fan de provinsje oant de Rijks Universiteit Groningen.

De needsaak dêrfan kaam by de tariedingen fan Kulturele Haadstêd 2018 noch werris dúdlik nei foaren. Dêryn snijde, nettsjinsteande de warskôgingen fan it Skriuwersboun, de Fryske literatuer fierhinne ûnder. By City of Literature, de titel dy’t Ljouwert krekt yn ’e wacht slepe hat, wurdt der oant no ta foaral oer meartaligens praat, amper oer it Frysk.

Neffens bestjoerslid Tryntsje van der Veer stiet it Skriuwersboun, ferlike mei de offisjele ynstânsjes, by sokke kwestjes hast útsoarte op achterstân. ,,Dy wurde automatysk oanskreaun, wy moatte it sels faak oppakke. En dan moat it wurk allegear noch dien wurde troch frijwilligers ek.’’

It Skriuwersboun praat net allinne mei oer alderhanne beliedskwestjes, der binne ek praktyske taken dêr’t it mei rêdt. It bemiddelet foar skriuwers by bepaalde aktiviteiten, soms binne der fragen fan leden lykas oer de soarch foar de grêven fan Fryske skriuwers of de resultaten fan de Moanne fan it Fryske Boek.

It ledetal fan it Skriuwersboun is aardich stabyl, it skommelet al jierren om de 150. Behalve op de healjiergearkomsten en it skriuwersmiel treffe dy leden elkoar op’t heden ek yn de wurkgroepen proaza, toaniel en oersetten en by de tinktank oer aktuele ûnderwerpen.

De oplagen fan de Fryske boeken steane al in oantal jierren ûnder druk, mar ynfloed op it oantal minsken dat Fryske boeken skriuwt of oerset hat dat amper. En ynfloed op de oerjefte wêrmei’t de skriuwers dat dogge hat it noch minder. Dat leden en bestjoer hawwe der alle fertrouwen yn dat it Skriuwersboun it noch moai wat jierren útsjongt.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct