Durk Hibma (1949-2019)

In memoriam Durk Hibma: Trou en sekuer, mar altyd te lang

Durk Hibma (1949-2019)

Ald-direkteur Durk Hibma fan Stichting It Fryske Boek is tongersdei folslein ûnferwacht yn it MCL yn Ljouwert stoarn. Koart dêrfoar wie er dêr mei hertklachten opnommen.

Durk Hibma, in boeresoan út Wiuwert, wurke yn de jierren santich en tachtich as ferslachjouwer op de redaksje fan it Friesch Dagblad . Neffens syn doetiidske kollega Jitske Kingma stie er bekend as in betrouber sjoernalist, dy’t him by elk ûnderwerp goed ynlies. ,,Hoegdest syn stikken noait te kontrolearjen. Hy wie sekuer en plichtsgetrou, mar syn stikken wiene altyd te lang. ‘It groeit him ûnder de hannen’, seine wy altyd.’’

Yn 1990 folge Durk Hibma Klaske Snoek op as direkteur fan It Fryske Boek. Dy organisaasje wie oprjochte om de ferkeap fan Fryske boeken te befoarderjen. It Fryske Boek die dat ûnder oare mei de jierlikse sutelaksje – wêrby’t frijwilligers Fryske boeken fanút kroaden hûs oan hûs ferkochten – en mei de Fryske Boekewike.

'Hibma wie direkteur, mar in man allinne foar achter it buro wie er net'

Hibma wie direkteur, mar in man allinne foar achter it buro wie er net. Mei likefolle leafde ried mei de bus troch de provinsje of tôge er mei doazen boeken om. Yn 2009 gie It Fryske Boek op yn Tresoar, net lang dêrnei is Hibma yn ’e vut gien.

Nei syn pinsjoen hat er him bestjoerlik fertsjinstlik makke op alderhanne mêd, ûnder oare foar de Sneker Cantorij – hy wie sels tenor –, foar de doarpsmienskip fan syn wenplak Kûbaard en foar de Slachtemarathon. Foar de lêste sette er him net allinne yn as bestjoerder, hy wie ek in entûsjast dielnimmer. Om’t er ek de ôfstân fan hûs nei de start en fan de einstreek nei hûs kuierjend ôflei, rûn er alle kearen it dûbele fan de 42 kilometer dy’t de Slachte lang is.

Durk Hibma is 69 jier wurden. Hy lit in frou en trije bern achter.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct