De Elfstedentocht van 1997.

Hoe voelt dat, een digitale jaarvergadering over de Elfstedentocht die er dit jaar toch niet gaat komen?

De Elfstedentocht van 1997. FOTO KIPPA

Leden van de Koninklijke Vereniging de Friesche Elf Steden melden zich morgen digitaal voor de jaarvergadering, in de wetenschap dat de Tocht der Tochten deze winter ook bij voldoende ijs niet doorgaat zolang de anderhalvemeterregel geldt. Drie van hen vertellen hoe dat voelt.

Jan Bron (64), Rottevalle

loading

,,Stel dy no ris foar dat it kwa iis mooglik wêze soe om de Alvestêdetocht te hâlden, dan fretst dysels op as it om korona oergean moat. Wy ha der sa lang op wachte… Ik soe my der ferskriklik beroerd troch fiele.

Ik ha him trije kear riden. Yn 1985, 1986 en de lêste kear yn 1997. Ik wit noch dat wy yn 1985 op wintersport wienen en dat it der hieltyd mear op like dat de Tocht echt holden wurde soe. Doe’t it definityf wie, tochten wy: wy moatte sa gau as mooglik nei hûs.

Yn 1963 seach ik op telefyzje hoe’t Reinier Paping wûn. Dêrnei wie ik alle jierren mei de Alvestêdetocht dwaande as der iis lei. Ik fyn riden prachtich. Ik sit ek net foar neat by de IJswegencentrale fan Smellingerlân.

As der dizze winter genôch iis komt, ha ik tink ik bot oanstriid om dochs stikem de izers ûnder te binen. Dan wol ik op eigen inisjatyf de Alvestêdetocht wol ride. Mar ik wit dat dat eins net kin, want der sille folle mear wêze mei itselde idee. It thúsfront soe der ek net bliid mei wêze. Ik hoopje eins – en dat is in hiel dûbel gefoel – dat we gjin echte winter krije. Dat soe in soad frustraasje skele.

Ik soe de wedstriidriders trouwens wol in Alvestêdetocht gunne. As it dan 20 graden friest en der stiet in hurde wyn, dan komme der dochs gjin minsken te sjen. Dan kin dat wol trochgean.”

Maria Sterk (41), Hallum

loading

‘It soe al hiel moai wêze as wy de feart wer ris út kinne. Om by ús pleats wei, tusken Hallum en Bartlehiem, nei Ljouwert of nei Dokkum te riden. It is in skoft lyn dat dat koe. Miskien dat we dat dan de koek en zopie misse moatte, mar hawar.

It wie, doe’t ik noch maratonrydster op heech nivo wie, myn ultime dream om in kear mei te dwaan oan de Alvestêdetocht. En net allinnich om it meidwaan, mar om te winnen. Ik ha yn it ferline it NK op de Weissensee wûn en yn eigen lân it NK op natoeriis. Dat fyn ik de moaiste fan al myn oerwinnings. Ride op natoeriis is it moaiste dat bestiet.

Yn 2012 koe de Tocht krekt net trochgean. In soad minsken ha doe op eigen houtsje riden. Se krigen allinnich gjin krúske. Ik die net mei en dêr ha’k no noch spyt fan. De oare deis hienen wy in wedstriid yn Giethoorn en ik woe it iis dêr ferkenne. Achterôf tink ik: stom. Mar ja, achterôf...

Ik begryp dat in Alvestêdetocht yn koroanatiid net kin. Der is al safolle net trochgien en de horeka is keihurd troffen. Dan kinst it net meitsje om in evenemint dat tûzenen dielnimmers en noch folle mear taskôgers lûkt, wol trochgean te litten. Ek tsjinoer de soarch net. Der binne belangriker saken.

Der is wol wat foar te sizzen om, mocht der op in bepaald stuit foldwaande iis lizze, allinnich de wedstriidriders de Alvestêdetocht ride te litten. Dêr komt, tink ik, folle minder publyk op ôf. Ik wit wat de hjoeddeistige maratonriders der foar dogge. Sa’t ik dy dream hie, ha sy dy ek.”

Luut de Jong (54), Woudsend

loading

‘Ik ha de offisjele Alvestêdetocht noait riden. In lytse njoggen jier lyn gie it net troch, mar ha wy mei in groepke fan fjouwer man dochs de 200 kilometer ôflein. Ik wie oan stront, mar it wie echt prachtich.”

,,Ik haw ek al in kear as sân meidien oan de Alternatieve Elfstedentocht op de Weissensee. Dat wie ek geweldich. Mar as Fries en as leafhawwer fan riden wol ik fansels de echte, organisearre Alvestêdetocht graach in kear belibje. It publyk lâns de kant, de sfear, hiel Fryslân op ’e kop… ik kin my goed yntinke dat it hiel moai is.

Mar ik snap ek dat it, al soe der iis lizze, foar de feiligens fan ús allegear no net mooglik is. It soe miskien kinne sûnder publyk, mar hoe soargest der foar dat der gjin minsken binne? Hiel Nederlân soe der op ôfkomme. It is hast net te hanthavenjen tink ik.

Om foar te kommen dat de riders allegear op in bulte steane en ride, kinst noch wol wat betinke. Soest de minsken bygelyks ferspraat oer ferskate plakken op de rûte starte litte kinne, en net allegear by elkoar yn Ljouwert. Mar dan sitst noch hieltyd mei it publyk.

Eins fyn ik dat de Tocht foar wedstriidriders altyd trochgean moat as der genôch iis leit. Miskien moatte dy manlju en froulju oars wol wer tweintich jier wachtsje… Mar ja, ek sa’n wedstriid sil in soad minsken lûke. It is lestich. Ien ding wit ik seker: as it om it iis kin, dan meitsje ik sowieso sels it rûntsje lâns de alve stêden wer.”


Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct