Het slotfeest van Simmer 2000 in het FEC (nu WTC EXPO) in Leeuwarden. Publiek gaat los bij het optreden van de Blauhuster Dakkapel.

Het mooie van Simmer 2000 (deze maand 20 jaar geleden)

Het slotfeest van Simmer 2000 in het FEC (nu WTC EXPO) in Leeuwarden. Publiek gaat los bij het optreden van de Blauhuster Dakkapel. FOTO ARCHIEF LC

Tienduizenden Friezen om utens keerden twintig jaar geleden terug naar hun geboortegrond voor een feest van herkenning, een drie weken durende reünie: Simmer 2000. ,,In gefoel fan eigenheid, fan grutsk wêze op ús provinsje en ús taal. Dat libbe hielendal op.’’

,,Soms mien ik dat ik it idee foar Simmer 2000 sels betocht ha’’, zegt Hylke Speerstra (84) met een glimlach, ,,mar herinnerigen wurkje soms eigenaardich. Ik wol it ek net allinnich kleme. Hoe sizze je dat ek alwer? ‘Het succes heeft vele vaderen’.’’

In ieder geval was de bereisde schrijver en oud-hoofdredacteur van Leeuwarder Courant al vanaf 1986 bezig met het verzamelen van de verhalen van Friezen die na de Tweede Wereldoorlog op zoek gingen naar een beter bestaan in het buitenland. Hun belevenissen tekende hij op in het boek It Wrede Paradys dat voor Simmer 2000 uitkwam. ,,Fan dy neioarlochse generaasje kinne wy leare hoe swier emigreare is, hoevolle pine it losskuorren fan de woartels kostet.’’

In het eerste naoorlogse kabinet constateerde minister-president Willem Drees dat ons land vol was, weet Speerstra. Met subsidies werd emigratie, met name in de agrarische sector, gestimuleerd. Hordes Nederlanders vertrokken voorgoed naar bijvoorbeeld Canada, de Verenigde Staten, Australië en Nieuw-Zeeland. ,,Ik sil net beweare dat it de crème de la crème wie’’, gaat Speerstra verder, ,,mar yn elts gefal giene minsken dy’t fan oanpakken wisten. Grutte gesinnen faak. It tal griffemearden wie sa’n fiif kear oerfertsjintwurdiche.’’

In 1993 staken Speerstra, Omrop-programmamaakster Gryt van Duinen en schrijver Kees ’t Hart de koppen bij elkaar om het idee verder uit te werken. Vooral Van Duinen maakte zich sterk voor het plan van een grote Friezen-reünie, aldus Speerstra, die destijds nog LC-hoofdredacteur was. ,,Se rôp ús byelkoar. Gryt wie de grutte oanjager fan Simmer 2000. Se hie ek in programma makke oer emigranten foar Omrop Fryslân en wie rekke troch alle ferhalen.’’

Bij Brasserie Maria Louise aan de Grote Kerkstraat fantaseerde het drietal over de mogelijkheden. Simmer 2000 moest een grote, feestelijke reünie worden voor naoorlogse generatie emigranten. Nog hetzelfde jaar werd bij notaris Wierda in Leeuwarden een stichting opgericht.

loading

Dominospul

Speerstra werd aanvankelijk benoemd tot voorzitter, maar droeg al snel, om zich meer op zijn werk te kunnen richten, het stokje over aan Henk Kroes (81), die als voorzitter van de koninklijke vereniging De Friesche Elf Steden ervaring had met grootschalige evenementen. Het bestuur hoefde volgens Kroes de vele vrijwilligers alleen maar te stimuleren en te faciliteren. ,,Jo kenne it sjen as in dominospul. Je moatte der foar soarchje dat alle houtsjes meigeane.’’

Het bijzondere was, aldus het elfstedenboegbeeld, dat de ontmoeting met de emigranten centraal stond. ,,Elts sette syn doar iepen, sa fan: jongens wy binne der no foar jimme. Ik haw fanút oare plakken bûten Fryslân faak de fraach krigen: hoe dogge jimme dat dochs yn Fryslân? It kin allinnich as der al in mienskip is. Yn streken as Twente of de Achterhoek soe soks ek kenne, mar net yn in provinsje as Súd-Hollân. Jo moatte ienhied hawwe.’’

Het plan verspreidde zich als een olievlek over de provincie. Speerstra mailde de besturen van Plaatselijk Belang en die reageerden enthousiast. Ook onderhield de schrijver contacten met onder meer emigrantenverenigingen en kerken in het buitenland. ,,Ik wist wol in bytsje hoe’t de hazzen rûnen yn emigrantenlân.’’

Steeds meer sponsoren schaarden zich achter het plan. ,,Yn de twa trije jier foar 2000 begûn it hielendal te libjen’’, zegt Speerstra. ,,It krige in eigen dynamyk.’’ Kroes: ,,En as de polityk en de sponsoren fiele dat it oanslacht, wolle se der ek graach by wêze.’’

Daar kan Speerstra nog wel een voorbeeld van geven. De provincie was halverwege de jaren negentig namelijk bezig met de voorbereidingen van een ander feest: ‘500 jaar Fryslân’, dat voor 1998 was gepland. Het wekte ten onrechte de indruk dat de provincie zo lang bestond bestond, terwijl Fryslân in 1498 juist haar onafhankelijkheid verloor. Op een gegeven moment ging de telefoon in huize Speerstra. Commissaris van de Koningin Loek Hermans: ,,We moeten eens even praten.’’

loading

Samensmelten

De twee spraken af op Landgoed Lauswolt in Beetsterzwaag. Volgens Speerstra drong de commissaris er flink op aan om Simmer 2000 naar voren te halen in de tijd. Beide plannen zouden dan in 1998 kunnen samensmelten. ,,Der hie hy wol 50.000 gûne foar oer.’’

Het Simmer-bestuur hapte niet toe, overtuigd van haar eigen plan. ,,Dat Fryslân 500 wie in feest fan niks’’, stelt Speerstra vast. ,,In hiel flets gebeuren dat net ta de ferbylding spruts. Se hienen gjin idee wêr’t se mei dwaande wienen.’’ Of in de woorden van Kroes: ,,In oerhiedsfeestje.’’

,,Myn grutte beswier tsjin gearwurking’’, gaat Speerstra verder, ,,wie dat it in ambtlike organisaasje wurde soe, krekt as úteinliks, Kulturele Haadstêd. It waard fan boppe ôf regele en dat slacht de kreativiteit en belutsenens dea. Miljoenen waarden der tsjinoan smiten. Tefolle moast kocht wurde. Wy wurken oarsom. Wat van ûnderop komt beklijft. Dat wie de krêft fan Simmer 2000. It kulturele libben kaam ta bloei, net mei hege beammen, mar mei lytse plantsjes. Fan ûnderenop.’’

Meer dan 270 dorpen en steden kwamen uiteindelijk in beweging door Simmer 2000. Alleen de Stellingwerven voelden er niets voor om mee te doen. Dat spijt Kroes nog steeds. ,,It sit my noch altyd dwers dat it net slagge is om de Stellingwerven mei te krijen’’, vertelt hij.

,,Troch dat wy de namme Simmer 2000 al keazen hienen, wie eltse poging al yn’t foar mislearre. We hawwe it ferskillende kearen besocht, woenen Peter Stuyvesant der ek graach by belûke. Yn dat gebiet leit in geweldich stik skiednis, mar we krigen it net foarelkoar. ‘Wy hearre der net by’, dat wie it gefoel. Ik tink dat we harren wat earder, yn alle frijheid, by it proses belûke moatten hienen. Der wienen al te folle stappen set. Oan ’e oare kant: de Bildtkers hawwe al folop meidien. Dy makken der gjin probleem fan.’’

loading

Fryske flagge

Speerstra herinnert zich dat hij op de openingsdag van Simmer 2000, zaterdag 1 juli, ’s ochtends vroeg, van Bolsward naar Leeuwarden karde. ,,It wie sa’n stille simmermoarn en op alle tsjerken stie de Fryske flagge... Koart derfoar hie ik yn de geweldige romte fan Kanada west en dan sa wer werom komme yn ús lytse lântsje. Yndrukwekkend. Gjin toer sûnder flaggge.’’

Koningin Beatrix opende het evenement die middag op het Zaailand in Leeuwarden. Onder de gasten op de speciale tribune waren veel hoofdrolspelers uit It Wrede Paradys. ,,Dat wie fantastysk’’, zegt Speerstra. ,,Al dy emigranten fan oer de hiele wrâld, dêr ’t ik sa yntensyf kontakt mei hân hie waarden ûntfongen troch de keninginne. Stik foar stik krigen se fan har in hân. Untroerend. In immigrant út Kanada, Lute Miedema, sei tsjin my: ‘Ik doar it minske gjin hân te jaan. Se hat grif lêzen dat ik net nei Indië woe. Aanst lêst se my de les’. Ik sei: ‘Kom op Miedema, derhinne’. Doe hat er it dochs dien.’’

Een van de optredende artiesten bij de opening was zangeres/actrice Maaike Schuurmans (52). Zij maakte deel uit van een muzikaal gezelschap dat voor de gelegenheid was samengesteld. Ook cabaretier Rients Gratama, troubadour Piter Wilkens en popgroep De Kast - dat het initiatief voor deze samenwerking had genomen - waren van de partij.

,,Dy iepening wie spannend’’, weet Schuurmans nog goed, ,,want it wie in grut evenemint en wy koenen de nûmmers - De Bugel fan Looft den Heer , it Simmer 2000 Liet en Simmertiid - op dat gigantische poadium foar it optreden net repeteare, mar it kaam goed.’’

loading

Simmertime

Een uitgebreid Fries programma van het gezelschap - Simmertime - kon het publiek later meemaken in een grote circustent die in Dokkum, Franeker en Heerenveen stond. Wie herinnert zich niet de Friese versie van Paradise By The Dashboard Light , het favoriete nummer van Schuurmans: ,, Al is ’t kâld en iensum, wêr ’t de leafd’ ús brocht, t is in wier paradys by it dashboardljocht. ’’

Meer dan 26.000 mensen woonden de in totaal elf voorstellingen bij. ,,Yn ’t foarút hienen Rients en ik noch eat fan: wat dit wurde moat? We hienen allegearre in oare eftergrûn. Rients en ik wienen as teaterminsken wend dat minsken oandachtig lústeren sadra it gerdyn omheech gong. Fans fan De Kast binne dochs wat oars oanwêzich. Dy prate gewoan troch. En Piter Wilkens en Syb van der Ploeg moasten ynnienen meispylje yn sketskes. Dat wienen sy net wend. Hiel ferfrissend.’’

Het was een uitdaging, aldus Schuurmans, die wonderwel goed uitpakte. ,,Minsken fan alle leeftiden fûnen it geweldich. It wie hiel belangryk, tink ik, dat Rients, âlde rôt yn ’t fak, der doe by wie mei syn prachtige, werkenbare, ferbinende teksten. In oantal emigranten koenen him noch. Hy wie yn it ferline ek wol op toernee west troch Kanada en de VS.’’

In de hele provincie werden die zomer talloze activiteiten georganiseerd: veel lokale reünies bijvoorbeeld, maar ook de eerste Slachtemarathon over de historische slaperdijk van Ooosterbierum naar Raerd, een openluchtexpositie van kunstkoeien en de opera Orfeo Aqua bij zonsopgang aan het meer de Bombrekken bij Aldegea (Súdwest-Fryslân).

Simmer 2000 heeft vooral de gemeenschapszin versterkt, denkt Speerstra achteraf. ,,In gefoel fan eigenheid, fan grutsk wêze op ús provinsje en ús taal. Dat libbe hielendal op. Ek hawwe wy mear each krigen foar ús tsientûzenden dy útswalke binne oer de hiele wrâld.’’

,,Ik tink dat it foaral in gefoelsmjitteige erfenis is’’, stelt Kroes: ,,It besef: dit kinne wy en dit binne wy mei syn allen. Kulturele Haadsted moast ek in saneamde ekonomyske legacy hawwe, mar ús opset wie, krekt as by de Alvestêdentocht, net kommersjeel.’’ ,,Le-ga-cy’’, mompelt Speerstra, ,,it wurd allinich al. Net te leauwen. Yn it Frysk betsjut it erfskip. Omdat dat net maklik wier te meitsjen is, flechtet men nei it Ingelsk. Dat CH2018 yn Europeesk ferbân mear neilitten hat as yn Fryslân sels, hat hjir ek mei te krijen.”

loading

Djippe emoasje

Een herhaling van het evenement ziet Kroes niet zitten. ,,Ik tink dat soks op deselde manier noait mear slagget. Jo moatte dat net herhelje wolle.’’ Schuurmans en Speerstra zijn het met hem eens. ,,Dan fergelykje minsken’’, zegt de zangeres. ,,Dat winne je noait.’’

Bovendien is de tijd veranderd, beklemtoont Kroes. ,,It wie ek de earste generaasje emigranten. Dy gongen noch fuort mei it idee dat se harren famylje noait wer sjen soenen. Dat gefoel, dy lading is der net mear. As der gjin djippe emoasje by sit - dat wie no krekt it moaie fan Simmer 2000 - dan wol it ek net mear. No binne ôfstannen folle lytser. Fleane is goedkeper en we hawwe in protte kontakt fia social media.’’

Schuurmans kan dat bevestigen. Ze is vijf jaar geleden geëmigreerd naar Oostenrijk en woont daar naar volle tevredenheid in muziekstad Wenen. ,,Ik fiel gjin oerienkomsten mei dy earste emigranten.’’

Speerstra krijgt op het laatste moment toch nog een ingeving: ,,Misskien kinne se it noch in kear foar dy earste generaasje organisjearje yn de Stellingwerven. Dêr hawwe se it allegeare net meimakke.’’

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 4,99 per maand. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct