Herinnering aan de winter van 1979: Snie en nochris snie yn Idaard

Tiisdei 13 febrewaris 1979 wienen wy fan doel om op’e jierdei te gean nei us muoikesizzer. It waar wie frjemd. Rinwetter, wat delslach foel der winliken? Wie it wol wetter? It spegele, de dyk waard glêdich. It like ús better ta om mar thús te bliuwen.

En jûns doe’t it tsjuster wurden wie, seagen wy op’e grutte dyk tusken Grou en Idaard wol ljochtsjes fan auto’s bewegen, mar it wie net sa as oars. Al rillegau wiene der ek blauwe ljochten. En it guchele mar troch inoar. Wat wiene wy bliid dat wy thúsbleaun wienen. De diken wiene spegelgled wurden.

Wyn, snie, der wie bûtendoar net te wêzen

Mar as wy tochten dat wy it no hân hiene, ho mar. De oare moarns waard it mar net ljocht yn’e hûs. Snie, wy seagen de snie oeral byop sitten. Bûtendoar sjen. Nijsgjirrich binne jo dan. De skuorredoar iepen dwaan. Klaas floepte der út. Ik soe him efternei mar gappe nei de siken. Wyn, snie, der wie bûtendoar net te wêzen.

De ruten sieten bûtendoar fol snie. Oeral wie it oerjage. De sniebuien dy’t út it easten wei kamen oer it glêde lan, jagen gear tsjin alles wat har yn it paad siet. Heech opjage by de huzen op en yn de lijte fan de beammen. Alles wie wyt.

Klaas wie al rillegau wer binnendoar. It beset jin alhiel, sei er. Dêr sieten we. Koene gjin kant út. Lokkich hiene wy hea yn de skuorre. Hoegden de kij net foarby. It kuilfoer op it hiem wie net by te kommen. De bern koene net nei skoalle ta. Gjin minske op’e dyk. Dan mar nei de radio hearre. Radio Fryslân naam syn taak op him, stjoerde allerhande berjochten út en naam boadskippen oan. Dy kaam dertroch alhiel op’e kluten.

Lokkich wie ús molke krekt fantefoaren ophelle

Wy mei famylje skilje, mar it wie oeral itselde.Wy wiene deagewoan ynsnijd, deagewoan!!! Nea tocht dat it yn dizze moderne tiid noch wêze koe. Gjin auto op’e dyk, gjin trein op it spoar. Fytse koe ek net. Neat en nochris neat. Thúsbliuwe.

We hiene noch wat iterij yn’e hûs. De kij joegen molke. Mar wer moast de molke hinne? Guon boeren makken kulen yn’e snie en legen der de molke yn. Bedoarn waard it net, der wie it te kâld foar. Mar nuver wie it, hiel frjemd, net wrâldsk mear.

De oare deis seagen we werris om’e hoeke fan’e doar. Ja hear, we koene wer sykhelje en de saak besjen. It filmapparaat foar it ljocht helje en opnames meitsje. De bern funen it prachtich, net nei skoalle ta en harren fermeitsje yn’e snie. Hege glydsbanen genôch. De molktankauto ried net om de molke op te heljen. Lokkich wie ús molke krekt fantefoaren ophelle.

De sneins wie it allegear snietoeristen op’e dyk yn Idaard

Kâld wie it wol. Der wiene boeren dy’t gjin stroom mear hiene. Dan is it melken in toer. De kij binne de masjine wend.

De dei going wer foarby, it waard tongersdei. De minsken yn Idaard waarden wekker. Sa kin it net langer, seine hja. We moatte skeppe. Sa barde it dat in hiele ploech mânlju oan’e skeppe stie om it doarp te befrijen. Iendiedich wiene hja drok dwaande. Mar it avesearre net sa hurd. Wylst hja tige oan it wurk wiene kaam der in ploechje manlju út Reduzum dwers troch it lân hinne mei sliden en hunen. Hja woene einefoer helje by de foerkeapman. It like krekt as kamen hja fan de Noardpoal mei harren bearemutsen op en hielendal wyt fan’e snie.

En de grutte ferkearsdyk bleau mar leech. Minsken dy’t ûnderweis wiene, wiene ynsnijd. Hiene de auto stean litten, dy waard wol wei ûnder de snie. It folk kloppe gewoan oan by it folk der’t hja it tichtste by wiene en útfanhuzen der in stikmannich nachten.

Bulten snie joegen oan dêr’t de fehikels stiene. Gjin minsk naam dy mei. In tillefoantsje nei hûs. Neat gjin ûngerêstens.

Sa duorre dat mar. Njonkenlytsen waarden de diken iepen steld. De trekker koe der op it lêst by. Doe skeat it al aardich op. Mar by guon minsken lyk as ús buorman, hiene se de snie fier boppe de daksgoaten. Dy hiene wol in pear wiken skeppen.

Der kaam op it lêst wer beweging op’e dyk. Ek ús trekker en auto kamen ûnder de snie wei mei help fan Idaarders en rieden fuort wer.

De sneins wie it allegear snietoeristen op’e dyk yn Idaard. Hja moasten doch ris sjen hoe heech de dunen wol net wiene. De oare wyks gie alles wer syn gong. Mar in hiele belibbenis hat it wol west. It heucht my noch as de dei fan juster, al is it no fjirtich jier ferlyn. En ik haw der in moai filmke oan oerholden.

Richtsje de Groot-Kalsbeek, Akkrum

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement