Gedicht Eeltsje Hettinga: It sonken Waad

As earste Dichter fan Fryslân skriuwt Eeltsje Hettinga dit jier en takom jier seis oant tsien gedichten jiers. By dizzen it gedicht It sonken Waad dat skreaun is nij oanlieding fan ûnder mear it rapport De toekomst van de Waddenzee. Een stijgende zeespiegel over een dalende bodem. It is opdroegen oan Theunis Piersma, dy’t yn de top 100 fan meast duorsume Nederlanners stiet. De útslach fan dy troch it deiblêd Trouw op priemmen sette ferkiezing is hjoed buorkundich makke.

IT SONKEN WAAD

Foar Theunis Piersma

Fannacht seach ik it sonken Waad.
Unrêst besprong de doarpen.
Toppen fan beammen lieten
bline ûnderwetterklokken hearre.

Señor De Robles stie it wetter
oan ’e lippen. Diken brieken
as fammefluezen. In lân waard wei
yn heger klimmende seeën.

Eilannen op ’e drift skommelen
dronken oer Holwert hinne, rûnen
djipper ferdronkene streken yn.
Fannacht seach ik it sonken Waad.

En troch souders en tuorren dreaune,
fan alle grûnen los, de deaden
heech op ’e weagen, donker en
swart as it oersop fan de weareld.

’t Is ienentweintichhûndert-
ienentweintich. By it tabernakel
fan tij en tiid tsjoent immen
himsels werom nei in lange,

hite simmer mei eilannen, tillend
boppe sânplaten dêr’t kloften
fûgels Afrika, Afrika kriten.
Fannacht seach ik it sonken Waad.

© Eeltsje Hettinga

www.eeltsjehettinga.nl

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement