Fryske boeken oan de man bringe op de Frankfurter Buchmesse

It docht fertuten om op de Frankfurter Buchmesse te wêzen, seit Jitske Kingma. Ek al kinst net sa maklik sizze dat in ‘deal’ krekt dêrtroch komt.

Neffens de samle Fryske útjouwers wiene Jitske Kingma (útjouwerij Elikser) en Ernst Bruinsma (Afûk) ferline wike mei in stand op de Frankfurter Buchmesse, sa’n bytsje de wichtichste boekebeurs. Se hiene dêr 19 ôfspraken mei likefolle bûtelânske útjouwers, seit it parseberjocht fan de provinsje grutsk.

,,It falt alhiel net ta om sa’n ôfspraak te krijen”, seit Kingma. ,,Mar wy komme der no al in pear jier, en dat docht fertuten. De earste kear moasten wy eltsenien noch fertelle dat wy in eigen taal ha, en in eigen literatuer. Dat witte se no wol. Dat wy Kulturele Haadstêd binne, helpt ek. Lykas dat wy gearwurkje mei it Letterenfonds. Dat ken eltsenien ek, dat soks wurket statusferheegjend.”

Oft soks no útrint op in ‘deal’, in oerset Frysk boek dus, is net maklik te sizzen. ,,Der binne wol boeken oerset, mar as se der net by sizze dat dat komt troch in petear mei ús, witst dat net.” It bliuwt krewearjen, ,,de útjouwerijen ha soms mar romte foar ien oersetting jiers.”

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement