Festival in eigen achtertuin: 'It gong ús foaral om it kamping-gefoel fan it festival'

De rubriek ‘20 in 2020’ beleeft een zomerstop. Maar hoe ziet deze coronazomer er uit voor deze (bijna-)twintigers, zonder festivals en verre vakanties? Deze keer: Janne de Vries, haalt het festival naar haar eigen achtertuin.

Janne stond in april in de rubriek ‘20 in 2020’. Ze studeert journalistiek in Zwolle, maar door de coronacrisis verhuisde ze tijdelijk terug naar haar ouders in Sibrandahûs, waar haar ouders een geitenboerderij runnen met zo’n 700 geiten. Na twee en een halve maand ging ze weer naar haar studentenkamer in de Hanzestad, maar deze week nam ze haar vriendengroep mee naar haar Friese thuisbasis. Het weiland werd voor drie dagen omgetoverd tot een festivalterrein.

Hoe wie it om yn dyn eigen ‘eftertún’ in festival te hâlden?

,,Hiel leuk. It wie gesellich en leuk om elkenien wer te sjen, guon hie ik al fiif moanne net sjoen. Ik bin in echte festivalgonger, gean leaver nei in festival as op fakânsje. Mei freonen soe ik nei Lowlands en Pinkpop ta. We tochten: at it wer kin mei de koronamaatregels, litte we dan in eigen festival organisearje. Sa kamen njoggen freonen dy’t ik ken fan myn stúdzje nei Sibrandahûs. We binne mei ús tolven, mar net elkenien koe. It wie no wol de goeie tiid derfoar, aanst is elkenien wer hiel drok. It slagge ek wol goed om ôfstân te hâlden, we hiene allegearre in eigen tintsje en setten de stuollen ek op oardel meter.’’

Wat moat ik my foarstelle by in eigen festival, wiene der ek optredens?

,,Nee, we draaiden playlists op muzykboksen. It gong ús foaral om it kamping-gefoel dat je op in festival ha. Gesellich mei-inoar wêze. Der stiene wol ferskate aktiviteiten op ’e planning. Op de earste dei in rûnlieding op ’e buorkerij. De measten binne de stêd wend, sy fûnen it wol hiel moai hjir. Dy totale rêst. De jûns ha we persoanlike ferhalen dield. We binne best in hechte groep, mar ek in grutte groep, dus de ien kenst wat better as de oar. It wie in moaie manier om elkenien wat better kennen te learen. Dêrnei ha wy wat dûnse.

De twadde dei begûnen we mei meditearjen yn de greide, dat wie wol bysûnder. We ha in skilderrûlette dyn, follybal spile, in kwis en karaoke dien.’’

Hoe pakke je it oan, in festival yn je tún?

,,Tegearre mei in freondinne fan my, Eva, ha ik alles organisearre en regele. We ha inoar hiel goed kennen leard yn dizze koronatiid. Dat is wol grappich, sjochst inoar minder, mar learst inoar dochs better kennen. Ien dei foar it festival waard se siik, dat wie hiel sneu. We seagen der al moannen lang nei út. Myn âlders ha ek holpen mei klearsetten, dy wiene like entûsjast.’’

Noch plannen foar de rest fan de simmer?

,,Wurkje. Dat doch ik by in smoothiebar yn Swolle. Hooplik kinne we kommend jier wer nei in echt festival.’’


Lees meer over Janne in de rubriek ‘20 in 2020’ | ‘Ik woe altyd al wat mei skriuwen dwaan’